contact zoeken wedstrijden

Easterein huldigt winnaars Ald-Meiers Partij

Freed 23 novimber waard yn Kafé Bergsma de resepsje hâlden fan de winners fan de Ald-Meiers, DE keatswedstriid foar famkes fan 14-16 jier, al wer 8 jier organisearre troch De Eendracht yn Hitsum. foto: Henk Bootsma fotografie

Yn de efterseal waarden de famkes Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra, Anke Marije Pompstra, en coach Hammie Westra oerladen mei presintsjes en kompliminten. Er wienen san 80 keatsleafhawwers ôfkommen op dit barren en derby wienen û.o. de KNKB (Tinus Boomstra), Gemeente Littenseradiel (Franke Doting), Hitsum (Betty Blanksma), k.v. Bolsward (Gosse Reitsma) fertsjinwurdige en sprutsen de froulju en oanwêzigen ta en de froulju krigen allegear presintsjes. Ek de famkes fan Boalsert, Freerkje Walsma, Jacobien Postma, Michelle Bruinsma en coach Peter Houwer waarden efkes yn it ljocht setten. Hja koenen nochris werom komme yn Easterein mei de dinérbon fan Noflik yn kafee Bergsma. Ek Jan Hiemstra gie efkes efter de mikrofoan en helle wat anekdoates fan eartiids nei foaren oangeande earder resepsjes by winst op de Freule en PC. Hy fûn it ek hiel moai dat de resepsje yn kafé Bergsma hâlden waard. De betinker en stiper fan de wikselpriis hy in smûk praatsje wer by hy it troch him skreaune jubileumboek Bûkelje en Boppeslaan (2004-100 jier k.f. Easterein) omheech hold. Op de foarside stie in foto fan trije skoalfamkes yn it ôfdielingstenue fan Easterein. De foto wie makke yn...jawol Hitsum Ek heit Sipke Hiemstra die in wurdsje út namme fan de âlders en derby waard troch de memmen twa moaie fergrutte foto’s oerlange. Ek Betty Blanksma fan Hitsum hie in moai wurdsje foar de froulju en hja krigen de dvd fan de dei, makke troch eigen minsken. Foarsitter Tjeerd Dijkstra begûn de jûn mei in oersjoch fan de prestaasjes fan de famkes yn it seizoen 2007. Winners fan de Ald-Meiers, 2e priis op de revâns yn Sketten, winners fan it KNKB ôfdielingsklassemint famkes en allegear heech eindige yn it yndividuele klassemint. Dernei oerlange hy in oantal kado’s oan de froulju, wer ûnder in moai sulveren kettinkje mei der oan in lytse sulveren pong mei in keatsbaltsje der op, makke troch Repko yn Snits. Derby naam hy ek noch efkes dat Hammie net allinnich de Ald-Meiers as coach wûn hie, mar ek de frouljus PC yn Weidum. Under oaren derfoar waard sy op 7 novimber huldige as keatser fan it jier fan K.F. Easterein. Grut wie de ferrassing dat de flits fan Folsgeare, Wout Zijlstra de seal yn stapte. Hy hie heart dat ferskate minsken tochten dat de foto’s fan 4 augustus yn Hitsum, wer hy op stie mei de froulju op de skouders en de earmen, in trukaazjefoto wie. Dat woe hy efkes rjocht sette sjoch. Dat de froulju moasten nei foaren en dit kear wienen hja net sa benaud mear. Ek dit kear tilde Wout de famkes sûnder muoite op. De hiele jûn draaide op de eftergrûn de dvd mei fan Jan Seerden. En krekt doe foarsitter Dijkstra it offisjele diel fan de jûn oan it ôfslúten wie op it skerm te sjen dat de froulju krekt op it earepoadium yn Hitsum gienen stean. In moaie jûn wer de froulju lykas op de Ald-Meiers op 4 augustus strielden en alle moaie wurden en presintsjes tankber yn ûnfangst namen. Ut namme fan keatsferiening Eastrein wurd eltsenien tige tank sein foar de besite, moaie wurden en prachtige presintsjes! Meer foto's op www.kfeasterein.nl

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers