contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (22)

‘Ik koe dy dei net bûten’, sa begjint it ferhaal dat Jaap Adema fan Wytmarsum as jonkje hearde fan Jan Zijlstra. It ferhaal gie fansels oer syn broer Taede Zijlstra en fyftich jier letter tinke je wolris as mins dat it goud fan de ferhalen op strjitte lei mar op it momint dat je it seagen wie it âld izer. Benammen yn de eagen fan in bern dy’t it hiele libben noch foar him hie.
 
Mar goed, ‘Ik koe dy dei net bûten’ sa fertelde Taede ea en dat is fansels de dream fan elke opslagger mar it paste ‘de Reade’ dy deis min yn de finale. Want hy hie de partij ferkocht en winne koste him sinten. ‘Wy bûkelen mar troch yn dy partij en op it lêst wie it fiif earsten en seis gelyk, ik tocht fan ik jou de man foaryn in moaie bal dan kin hy him fuortslaan. Mar hy sloech der finaal by troch en doe wie it in djoere dei foar my’.
 
“ik koe doe hast net opslaan’ is in fariant en dan is in topkeatser fan de jierren tachtich oan it wurd. Hy hie altiten it mier oan dy ôfdielingspartijen want dan wie it mei sân perken sa drok dat der by it opslaan altiten wol ien yn de wei stie. ‘En as je dan fregen of ien efkes in stap fansiden dwaan woe dan krigen je te hearren ‘Wat in ferbeelding, mienst datst as topkeatser wat mear biste? ik ha ek it rjocht hjir te stean.’ Ik sei dan ‘Ik besykje allinne mar op te slaan en do stietst krekt foar dat perk’.
 
Ek yn oare betsjuttingen ha je dagen dat je tinke dat je net bûten kinne en dan nei in telefoantsje docht bliken dat je de bal hast yn it oare perk brocht ha. Dat giet dan sa: ‘Prachtich stikje, mar der siet ien foutsje yn…’ En dan giet it oer ferkearde nammen en soks moat fansels altiten goed wêze. Hie it stof fan de klaai op droege dagen yn de mûle want dy iene namme wie net mear yn libben en dus wie it pynlik foar de famylje.
 
Fan pynlik nei sneu is mar in lyts stapke. Je binne in leafhawwer fan it keatsen, al in libben lang binne je lid fan twa ferieningen en omdat je leafhawwer binne dy’t eins net in partij oerslacht komme je yn de Keats te stean, it ferhaal fan je leafhawwerij en hoe’t je elk wykein ophelle wurde. De Keats komt út, altiten abonnee west mar no bliuwt de brievebus leech, alteast gjin Keats. ‘Hast it noch net betelle?’ sa is de earste fraach fansels.
 
Nee dat hoecht sûnt dit jier net mear, hy komt fergees yn de bus as je mar lid binne fan de KNKB. As de brievebus leech bliuwt kin dat mar ien ding betsjutte, je binne net by de KNKB opjûn as lid. De minsken kinne der neat oan dwaan, de keatsferieningen wol. As je sels ris in dei ha dat de ballen bûten slein wurde is it in treast te hearren dat der in hiel soad ballen bûten brocht wurde. Gelokkich kin yn it lêste gefal in nije bal jûn wurde.

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers