contact zoeken wedstrijden

Doekle Yntema 1922-2017

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Op de Frouljus PC yn Weidum kaam ik him noch tsjin, kreas yn it pak, de bôle mei foar in lange dei keatsen, Doekle Yntema fan Grou. Hy wie 95 jier âld en dan binne je gjin Doekle mear yn de omgong, mar menear Yntema ek al woe hy dêr eins neat fan witte. Hy like geef as kryt mar sette dochs de doar nei syn sûnens op in kierke doe’t hy frege om in stoel mei in leuning. De rêch koe it net mear ha, sa’n lange dei op in hurde keatsbank.
 
Snein 24 septimber 2017 kaam der in ein oan it lange libben fan Doekle Yntema. De op fjouwer jannewaris 1922 yn Penjum berne Yntema is eins altiten ferbûn west mei it keatsdoarp Wytmarsum ek al hat hy santich jier yn Grou tahâlden. As beuker fan twa jier gie hy mei heit en mem nei Wytmarsum te wenjen. Oant hy yn 1947 nei Grou ferhuze doe’t hy in baan krige by Halbertsma. Troud mei Tjitske Reitsma en dy ferbining duorde mar leafst 67 jier.
 
Yntema wie in warber man dy’t sels as leafhawwer oant 2000 keatst hat. In keatser dy’t eins fier bleaun is fan de grutte krânsen fan syn tiid, mar dêrom noch wol leafhawwer mei oare fertsjinsten. Doe’t Yntema yn 1982 mei pensjoen gie, wie syn libben noch lang net foarby. De keatsferiening yn Wytmarsum, KV Pim Mulier, sil him ivich tankber wêze foar it sa moaie jubileumboek Yn ‘e krânse 100 jier keatsen te Wytmarsum 1886-1986.
 
Mar der wie mear wêr’t Yntema oan bydroegen hat, bygelyks de gymmestykferiening SSS fan Grou wêr’t hy 23 jier foarsitter west hat, ek wie hy mei oprjochter fan KF It Wetterlân yn Grou. Fanôf 1985 wie Yntema yn it spier foar it Officiële Orgaan fan de KNKB dat yn 1978 oprjochte waard. En fan 1991 ôf siet hy yn de redaksje fan de Wis-In mei ûnder oaren de rubryk Yn ‘e kiker. Mar der wie noch folle mear dat yn syn lange libben foarby kaam, de fûgelwacht en fansels reedride. Yn 1941 ried hy de Alvestêdentocht út, it is by dy iene kear bleaun want Yntema koe der net oer dat oaren him foarby riden.
 
Uteinlik ried hy alle oaren foarby troch dat lange libbenspaad dat hy ôflein hat. Yn 2006 levere him dat de ‘Orde van Oranje-Nassau’ op, wêr’t hy tige grutsk op wie, in krânse  foar it libben dat hy hân hie. As je sa âld wurde steane je mei ien foet yn it libben dat der net mear is, de tiid fan Taede Zijlstra en Dooitzen de Bildt. As je lang genôch libje binne je de iennige dy’t noch wit hoe’t Taede de ballen oer de achterynse hinne leppele. Mar Yntema wie net yn dy tiid hingjen bleaun.
 
Ek de tiid fan no hie syn sjarmes neffens Yntema, de tiid wie wol oars wurden, mar net minder of better as froeger. De njoggentich jier foarby en dan noch sa tinke, dan hat it libben je ta in wiis man makke. Rom tritich jier lyn skreau hy yn it jubileumboek fan Wytmarsum: ‘It is fiif earsten gelyk en seis gelyk, mei in keats. De lêste slach moat no falle. Mei in boppeslach? Ik hoopje it!’ Dy lêste slach is yn in oare betsjutting tritich jier letter fallen. Yn de tinzen fan de keatswrâld sil Yntema noch lang troch libje en dan ha je net om ‘e nocht libbe. Dan wie je libben in boppeslach, mei in bal dy’t hiel lang ûnderweis wie,  mar neffens de wetten fan it libben dochs in kear del komme moat.
 

Doekle Yntema altijd even helpen nu als telegrafist
Doekle Yntema altijd even helpen nu als telegrafist
Fam Yntema tussen de jeugd
Fam Yntema tussen de jeugd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers