contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (8)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Seach twa ‘Jehova’s Getuigen’ oer de dyk rinnen, hja songen ek noch mei harren twaën, ferskes dy’t yn it fiere ferline noch net yn tsjerke op it program stienen. Mannen yn in strak pak dy’t it ljocht sjoen ha en ek oaren nei dat ljocht ta ha wolle. Freonlik wienen de mannen wol ek al tinke sy wat oars oer tal fan saken. Ek as it net slagget de oar nei it ljocht te krijen, bliuwe de mannen freonlik. Elts syn oertsjûgingen sûnder dat der lulke hollen oan te pas komme.
 
Sjoch freonlik soe eins net te keap wêze moatte, it kostet neat en de sinne bliuwt krekt wat langer skinen. Faak binne guon freonlik om’t se wat fan de oar moatte en dan is it freonlikhyd út berekkening. Wa’t yn Holwert de holle om ‘e hoeke stekt wit dat de minsken dêr freonlik binne. Foar Hessel van der Bos koe it net op, nei 27 jier de hammer oerjaan oan Metske van der Ploeg. Wol mocht hy de mikrofoan noch efkes yn hannen ha, om syn soan foar de fiifde kear de krânse om te hingjen.
 
Ek skiedsrjochter Leendert van Wieren wie bliid mei de woarsten want ,,Myn frou fertsjinnet sels, as sy blommen ha wol keapet sy dy sels wol.’’ Nei ôfrin rôp noch wol ien fan ‘Wol in moai, posityf stikje skriuwe hear’, mar dat wurdt wol faker roppen. Wat net sa faak sein wurdt, dat waard sein troch Dylan Drent, ‘Bedankt’, sa rôp de sa beweeglike foarynse fan Harns by it fuortgean tsjin Hessel van der Bos. Sjoch, freonlikhyd en tankber wêze foar wat oaren foar je dogge kostet neat, mar is wol moai om te hearren.
 
Om dy reden soenen je elk jier earst in gong nei de kantine fan Berltsum meitsje. In jier lyn in petear mei keatsers, dit jier wer petearen. Je binne noch net oer de drompel of dêr stiet de freonlike Jan Bruinsma foar je noas om te freegjen oft der ek kofje komme moast, krekt as in jier lyn. Bruinsma is kok en hy hie letter op de dei ek de dochs wol hiel bysûndere boppeslach fan de sop op syn geweten. ‘Sis dat mar net tsjin him, want hy rint no al neist de skuon’, sa sei ien. As je sokke sop meitsje, mei dat ek wol.
 
Net elts hie yn Berltsum de sinne op it antlit, dy oare Bruinsma, Hylke, wie grimmitich oer al dy ferhalen oer in ‘falende’ Bos of oer in keningskip dat al dan net terjochte wie.  Gjin ien joech omtinken oan it keatsen fan syn partoer, mar wol oer syn skerpe opmerkingen op it fjild. ‘Altiten eamelje oer dy bûtenslagen of dat der neat sein wurdt, en as der dan wat sein wurdt is it wer net goed’, sa sei hy. De skriuwerij fan dizze wike jout him opnij gelyk.
 
‘Do moatst my gelyk jaan, waardeloas keatsen’, sa sei de âld-kening fan de Lytse PC yn Mantgum Wop de Groot nei ôfrin. Dat wie ek sa, mar sjoch ek nei ôfrin nei Houkje Zijlstra dy’t tefreden mei de krânse nei de auto rint want soan Erwin soe noch wol net thúskomme… Sjoch nei de triennen fan mem Heleen Bruinsma nei ôfrin. Fiel de freonlike aai noch oer it wang fan dy iene keatser dy’t makket dat je as sjoernalist betiden wol hurd wurkje moatte om ‘objectief’ boppe de partijen te stean en te  skriuwen.
 

FotoHenkB Balkearder8

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers