contact zoeken wedstrijden

Keatskamp Easterein

De fjirde edysje fan Keatskamp Easterein is fan start gongen mei as tema ‘Op Reis’.

De bern kamen om ien oere hinne oan yn Hotel ‘Skoalleseize’. Se moasten dan ek by binnenkomst mei harren bagaazje troch de dûane. En koenen hjir ek harren ynsammele flessen omwikselje foar bonuspunten.

Troch in Sweedsrinspul koenen de bern der efter komme wêr harren nije Keatskampshirts fan dit jier ferstoppe wienen. Troch waar en wien ha wy in machtich moaie dei hân. In dei fol mei spultsjes, keatsen, muzyk en in lekker broadsje knakwoarst. Nei it jûnsiten wie it tiid foar noch in ronde mei spultsjes oanslutend mei in moaie film. Foar de skoaljeugd wie der om tsien oere nog een dropping. Hoe dit is ferrûn is folget letter...
 

KK easterein 2
KK easterein 1
KK easterein

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers