contact zoeken wedstrijden

In memoriam

Rein van der Kooi, Meindert van der Weerd(rechts op de foto) en Durk de Vries

Tekst: Jan Braaksma
Foto: Kaatshistorie

Snein 8 jannewaris 2017 is Rein van der Kooi ferstoarn. Van der Kooi wie in bekende namme yn it fermidden fan de KNKB.
Tsien jier wie hy skiedsrjochter en mar leafst 21 jier hat hy in sit hân yn de doetiidse strafkommisje. Van der Kooi waard op 28 april 1933 berne yn Marsum en wenne yn in doarp wêr’t in soad keatst waard. Hy sels wie gjin útblinker dat liet hy oer oan syn broer Geart dy’t yn 1957 mei Klaas van Wieren en Simon Maillé de earste bûnswedstriid foar skoaljonges wûn.

Nei syn trouwen kaam Van der Kooi te wenjen yn Ingelum wêr’t hy 18 jier lang foarsitter west hat fan keatsferiening Sla Raak. Yn 1961 waard hy op oantrunen fan Bouwe Bokma fan Bitgum skiedsrjochter.

‘Ik krige in swart jaske en in reglemint en rêd dy mar. It wie de tiid dat de measte plakken fêste skiedsrjochters hiene, dêr kamen jo as nijbakken skiedsrjochter net sa gau tusken. Omdat ik foar myn wurk sneons wurkje moast koe ik allinnich mar op snein skiedsrjochterje.’
 
Nei tsien jier sette Van der Kooi hjir in streek troch. Opgroeiende bern en wurk wienen de redenen om der mei te stopjen. Mar it bloed krûpt wêr’t it net gean kin en dus wie it logysk dat hy yn 1977 doe’t hy frege waard om sit te nimmen yn de strafkommisje dat ek die.

It wie Klaas Groeneveld dy’t Van der Kooi oer de streep lúts. ‘Wy hewwe in mantsje te kort yn de strafkommisje, wilst dar ris over denke, dan bel ik dy met in paar dagen wel weer. Ik ha dat doe mar fuort oannommen want ik wie eins ek wol wat ûnwennich fan de keatserij en fan de gesellige kader-keatsdagen mei al dy kollega’s.’

Van der Kooi hat yn dy tiid wol it ien en oar foar de kiezzen hân. Nim it gefal Durk Talsma yn 1979. Durk krige mot mei de lieding yn Harns. Skiedsrjochter Jolt Oostra hat nei dy wedstriid nea wer skiedsrjochter west. Nim de straf fan Jehannes Brandsma dy’t troch yngripen fan it doetiidse HB dochs noch meidwaan koe oan de PC. It wie doe ek it momint dat der in beropskommisje yn it libben roppen is.

Dan ha wy it noch net oer de fyts fan Jehannes van Dijk en de reboelje mei keatser Henk Vlietstra. Van der Kooi hat it allegearre meimakke. Nei 21 jier fûn de doe 65-jierrige Van der Kooi it doe wol moai. Hy stapte der út en liet doe ek noch witte dat hy de earste keatser noch tsjinkomme moast dy’t syn ûngelyk tajaan soe.
 

Rein van der Kooi (4e van rechts)
Rein van der Kooi (4e van rechts)

13 jannewaris 2017 kaam der in ein oan it libben fan Meindert van der Weerd fan Drachten.
Meindert wie in folle neef fan âld-keatser Meindert van der Weerd. Hy wie in grut leafhawwer en njonken dat hy sels in aardich baltsje slaan koe, hat hy ek jierren dwaande west yn de wrâld fan de skiedsrjochters. Fan 1992 ôf oant 2006 wie hy aktyf op de Fryske keatsfjilden. Dêrnjonken wie hy ek klubskiedsrjochter en bestjoerslid by de keatsferiening Drachten. Ek foar de federaasje hat hy in soad betsjutten. By syn ôfskie waard hy beneamd ta lid fan fertsjinste fan de KNKB. Meindert mocht mar 70 jier wurde.
 

Meindert van der Weerd (rechts)
Meindert van der Weerd (rechts)

Op 14 jannewaris 2017 kaam der in ein oan it libben fan Durk de Vries.
Op 14 desimber hie ik noch mei de fuotten ûnder de tafel sitten by De Vries. Wa koe tinke dat in moanne letter in ein oan libben fan De Vries komme soe.

Durk de Vries waard berne yn Seisbierrum mar hat it grutste part fan syn libben wenne yn Frjentsjer wêr’t hy mear as fjirtich jier as boekhâlder yn tsjinst wie by de FLC, ek wol de Franeker Landbouw Coöperatie neamd. Durk de Vries wie noch ien fan dy âlde krigers dy’t noch mei Taede Zijlstra, Klaas Kuiken en Dooitzen de Bildt keatst hat. Doe op dy bewuste woansdei wie De Vries noch fol fjoer en koe hy noch smout fertelle oer syn tiid yn de doetiidse earste klasse. It rinnende wurk hie hy efter him litten, mar it ûnthâld hat der net ûnder te lijen hân. De Vries hat net sa lang yn it grutte spul sitten mar hy wie der wol op jonge leeftyd al betiid by.

‘Wy wennen hast njonken it keatsfjild dus it koe net oars of wy wienen dêr gauris te finen. Sis mar, wy wienen der hast altyd. Der wie fierder ek net folle oars. Gymmestyk en fuotbal mar dat wie it dan ek. Kaam by dat der yn dy tiid folop yn Seisbierrum keatst waard. Sawol by de jonges as by de senioaren sieten hiele bêste keatsers. Ik neam Jan, Jasper en Tsjerk Zijlstra, Klaas Goodijk, Jan Uildriks de sweager fan PC-winner Anne Braam, Wijtse Leistra en net te ferjitten Rinze Leistra. Hy waard it kanon fan Seisbierrum neamd en dat wie ek wol terjochte.

Hy koe ferwoestend opslaan allinne wist hy faak net wêr’t hy de ballen brocht. Ik ha wol mei him keatst en dan duorre it betiden noch al wat foardat hy syn oanrin nam. ‘Hokker kant?’ sei hy dan. No dat koe hy wol sizze mar dat joech net sa folle want by Rinze koe it ommers alle kanten út. As hy in goeie rite hie dan hienen je in geweldige maat oan him mar dat barde net sa faak. Se fleagen meastentiids alle kanten út behalve rjochtút en dat lêste wie wol de bedoeling.

Ja Rinze wie in guodlik man en hy wie sa sterk as in bear. Guon keatsers wienen ek bang fan him. Op ien nei: Barend van der Veen fan Wergea. Dy hat him wol ris goed by it jak hân. Ja, sa gie dat. Je komme altyd je master tsjin. Dat is no sa en dat wie doe ek sa. Neidat ik oan it wurk kaam by de FLC seach ik him noch faak foarby kommen. Ik siet op kantoar en Rinze brocht mei syn grutte GMC de keunstdong nei de boeren ta.’

Durk de Vries koe fan beide: opslaan en yn it perk. De measte prizen hat hy wûn as opslagger. Ik kom De Vries yn 1936 foar it earst tsjin op in KNKB-partij wêr’t hy mei de priis nei hûs giet. Wy skriuwe 3 septimber 1936. Op de ôfdielingspartij fan keatsferiening Eendracht yn Harns wint hy foar De Twa Doarpen de priis. Mei Jan Zijlstra en Jelle Hoekstra binne se it Harnzer partoer de baas. Dat sil de Ouwe Seunen net leuk fûn ha want hja tochten mei Folly Bouma, Gerrit Braaksma en Frans Helfrich dochs wol it winnende partoer te hawwen. It wie ek net samar in partoer. It wie ommers it partoer dat in moanne earder yn Wommels de Freule wûn hie. Mar yn Harns koe De Vries altyd wat mear as earne oars.

Boppedat waard hy ek noch kening fan de partij. Alve jier letter soe hy dat as earsteklasser nochris dwaan. ‘It wie myn earste keningskip en sokke dingen ferjitte je fan je libben net.’ De Vries koe it allegearre noch maklik nei boppen helje. No hat ek De Vries belies jaan moaten. Hy waard krekt gjin 95 jier.
 

Durk de Vries (tweede van rechts vooraan (naast Krikke))
Durk de Vries (tweede van rechts vooraan (naast Krikke))

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers