contact zoeken wedstrijden

Dames Hoofdklasse Door elkaar loten del (8 part.)

8 juni 2014 11:00
Jorwert
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV HALD MOED
Scheidsrechter Wieren, van L.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De haadklasse wedstryd froulju yn Jorwert waard ferrassend, maar tige fertsjinne wûn troch it partoer Evelien Westra, Klasine Huistra en Manon Scheepstra. Dit jonge talintfolle partoer kaam troch oerwinnings op Lisette Wagenaar, Esther Wagenaar en Feikje Bouwhuis (5-3) en Nicole Hempenius, Marte Altenbrug en Miranda Scheffer (5-4) yn de finale tsjin Rianne Vellinga, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Dy finale sette fleanend útein foar it jonge partoer dat ûnder lieding fan Manon Scheepstra rêstich en degelik fiif earsten op rige binnen helle. Doe't Rianne Vellinga en har maten dêrnei trije earsten pakten, like it der efkes op dat it noch in echte wedstryd wurde koe, mar it njoggende earste, en dêrmei ek de oerwinning, gie wer nei Evelien Westra, Klasine Huistra en Manon Scheepstra.
De twadde priis wie dus foar Rianne Vellnga, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Sy hiene dy finale frij makkelik berkt troch earst mei 5-3 Tineke Dijkstra, Leonie van der Graaf en Renske Terwischa van Scheltinga oan de kant te setten en doe mei 5-1 de bijlotte Marje Hiemstra, Nynke Sijbrandij en Geke de Boer te ferslaan. Dit lêste partoer wist de striid om it tredde plak te winnen fan Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Miranda Scheffer.

útslach:
1: Evelien Westra (Bitgummole)
Klasine Huistra (Reduzum)
Manon Scheepstra (Frjentsjer)

2. Rianne Vellinga (Frjentsjer)
Sjoukje Visser (Ie)
Fenna Zeinstra (Snits)

3. Marije Hiemstra (Easterein)
Nynke Sijbrandij (Dearsum)
Geke de Boer (Wergea)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers