contact zoeken wedstrijden

Jongens Door elkaar loten B + herk

4 mei 2014 10:00
Mantgum
Categorie Jongens KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

KNKB Jonges B klasse 4 maaie 2014

Krease fjilden, ynlis bart, karmasters te plak en 68 jonges dy der sin oan hienen; it seizoen foar de jonges koe iepene wurde. Mei 24 petoer op’e list in moaie start like ús.

Stipt 10.00 gienen de earste 16 petoeren los. De iene partij wat spannender as de oare, mar it gie allegear moai flot. Omdat der yn’e rin fan’e wike twa ofmelders wienen moast der wol wat bylotte en skowt wurde, mar dit soarche fierder net foar opunthald.
Ek yn de twadde en tredde omloop waard moai keatst. Der wienen partijen tusken dy neffens ús hast wol twa oeren duorren.
Eintsje beslút waard de heale finale yn’e winnersrunde keatst troch petoer 2, mei Ids Poelstra, Wesley Vriesema en Robert Broeders tsjin petoer 9, mei Menno v/d Weide, Roel Pieter de Jong en Jan Ytse van de Beek en dy yn’e ferliezersrunde tusken petoer 1, mei Thomas Miltenburg, Sander Kuperus en Wieger Nutte Visser, en petoer 8, mei Jan Sjouke Weever, Gertjan Bootsma en Julian Faber. It wienen beide spannende partijen útgeand fan de útslach: 5 – 5 en 4 – 5. Mei in steand nummer wienen petoer 20 en 16 al seker fan it finaleplakje. Disse steande nummers hienen de jonges gjin goed dien, want sawol petoer 20, mei Rykhelt Smink, Tycho de Groot en Hidde Smidt, as petoer 16 mei Piter van der Ploeg, Libbe Mud en Hielke Beijering, koenen it yn’e finale net opredde.
In lange (18.00), mar moaie dei. Leuke keatserij en enthousiaste jonges! Allegear in soad sukses tawinske dit seizoen!

Winnersrunde:
1e: Petoer 2 mei Ids Poelstra (Minnertsgea), Wesley Vriesema (Minnertsgea) en Robert Broeders (Rie)
2e: Petoer 20 mei Rykhelt Smink (Baaium), Tycho de Groot (Menaam) en Hidde Smidt (Holwert)
3e: Petoer 9 mei Menno v/d Weide (Koarnjum), Roel Pieter de Jong (Rie) en Jan-Ytse van de Beek (Ingelum)
Ferliezersrunde:
1e: Petoer 8 Jan-Sjouke Weever (Seisbierrum), Gerjan Bootsma (Itens) en Julian Faber (Bolsward)
2e: Petoer 16 Piter van der Ploeg (Holwert), Libbe Mud (Wergea) en Hielke Beijering (Hijum)
3e: Petoer 1 Thomas Miltenburg (Bolsward), Sander Kuperus (Jorwert) en Wieger Nutte Visser (Anjum)

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers