contact zoeken wedstrijden

Dames 1e klasse Door elkaar loten del + verl.r.

13 juli 2013 11:00
Mantgum
Categorie Dames 1e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Utslach;
1e pr. Tineke Dijkstra Easterein, Judy Bergsma Wommels en Melissa Rianne Hiemstra Stiens
2e pr. Rianne Vellinga Frjentsjer, Riska Bouma Bûtenpost en Marije van der Meer Grins
foto's Henk Hempenius

1e pr. Ferl. Anke G. Ponne Hallum, Klasine Terpstra Reduzum en Baukje Stienstra Mantgum

Sneon 13 july 2013 om 11.00 oere gongen alle partoeren tagelyk los
Yn in fjild mei 4 perken gongen alle 24 keatsers foar de prizen.
In wat meagere, mar wol moaie, list mei in ôffal omloop en gjin bylotterij soarge foar in flot ferrin fan de wedstriid. Dit ûnder lieding fan Theo Kuipers, genôch karmasters en fjouwer blokjerinners. Om 15.30 oere foel op 5-4 en 6-4 de lêste slach en koenen de prizen troch foarsitter Hans de Boer útrikt wurde.

Die lêste slach wie yn de ferliezers omloop, dy’t wûn waard troch de blesseare Anke Geartsje Ponne Hallum, Klasine Terpstra Reduzum en Baukje Stienstra Mantgum, hja wûnen op de stân fan 5-4 en 6-4 fan it partoer fan Ilse Noorman.

By de winners yn de twadde omloop 2 spannende partijen
Wat net bliken docht út de útslach, 5-2 en 6-6, waard d’r ek yn de finale fûleindich en spannend keatst. De 2e priis gong nei partoer 7 mei Rianne Vellinga Frjentsjer, Riska Bouma Bûtenpost en Marije van der Meer Grins. Hja ferlearen de finale fan partoer 4 mei Tineke Dijkstra Easterein, Judy Bergsma Wommels en Melissa Rianne Hiemstra Stiens dy’t dus de winners fan dizze keatsdei waarden

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers