contact zoeken wedstrijden

Jong Fammen Dames Hoofdklasse Jong Famme afd Jong Famme

29 juni 2013 10:00
Mantgum
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Jong Famme
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Grond, M.O.W.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Superieur Frjentsjer wint 10de JONG FAMME partij
It is dúdlik, de JONG FAMME is yn de ôfrûne tsien jier in klassiker wurden dy’t je winne wolle. Wie ferline jier de dielname mei 18 partoer oan de meagere kant, dit jier hienen 21 partoer har oanmeld. In teken dat dizze partij net allinnich in partij is dy’t je winne wolle, mar ek in partij is dêr’t je oan mei dwaan wolle. In partij wêrfan je letter sizze kinne, dêr ha ik ek op de list stien. De doelstelling fan KF Jacob Klaver om de oergong tusken de famkes- en de dameskategory mei in oansprekkende wedstriid te ferykjen is yn dy tsien jier mear dan slagge. It feit dat it winnen fan de JONG FAMME partij diel útmakket fan de Fjouwer Wimpels, seit genôch.

keatse
Mar hoe geweldich je as feriening ek je bêst dogge om in keatswedstriid kasjet te jaan, mei bygelyks: groepsfoto mei alle dielnimmers, muzikale iepening mei slachwurkgroep HARDSLACH, kofje en gebak foar begelieders en dielnimmers, de keatsers binne úteinlik ferantwurdlik foar it oansjen fan de partij. Sy meitsje de attraksjewearde. No dêr hienen wy dit jier net oer te kleien. Der waard oer it generaal prima keatst en troch de nije kompensaasjemooglikheid koe ek it oanstoarmjende talint út de jongere kategoryen har better sjen litte. Dit jier lieten de noch jonge partoeren fan Peins, Wommels, Seisbierrum en Dronryp al fest sjen dat der yn de takomst mei harren rekken hâlden wurde moat op de JONG FAMME partij.

De earste omloop
De meast bysûndere partij fan de earste list wie sûnder mis de wedstriid fan Peins tsjin Easterein. De trije suskes Zeinstra út Peins hienen in geweldige start tsjin it ‘op papier’ sterkere partoer fan Easterein. Dizze lêsten hienen in frachtwein oan supporters en begelieders meistjoerd, mar dat ymponearre de “gezusters’ alderminst. Mei goed keatsen, sawol op as út namen sy mar leafst in 5-1 foarsprong. En doe’t se ek nochris mei 6-2 foar kamen en mei in knappe keats nei de stuit gienen, joech net ien mear in kwartsje foar Easterein. Mar de opslach rekke bûten en ek dêrnei waard twa kear bûten slein. It waard dêrmei 5-1 en Peins rekke hielendal fan ‘e kaart. De opslach rûn net mear, yn it perk wie it fertrouwen fuort en fansels sjogge je dan dat it by de oare partij begjint te rinnen. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, Easterein wûn mei 5-5 en 0-6.
Us eigen Mantgumer partoer mei Bregt Arendz en Jennie Terpstra, as dielnimsters út de skoalfamkeskategory, keatsten mei Ilse Noorman in fertsjinstlike partij tsjin Dronryp. Der wienen kânskes om de partij nei har ta te lûken mar dat slagge op de kritike mominten krekt net. Dronryp wûn mei 3-5 en 6-6.

De twadde omloop
Easterein moast no oantrede tsjin it favorite partoer fan Frjentsjer. Hoewol Easterein nei in 1-3 efterstân noch wol werom kaam oant trije earsten gelyk, pakte Frjentsjer dêrnei troch en wûn mei 3-5 en 4-6.
Opfallend wie it ferlies fan Boazum tsjin Seisbierrum. Boazum mei de haadklassers Nynke en Wiljo Sybrandy hienen ít oan harsels te ferwieten dat se fiersten te betiid douche koenen. Mar om de winst fan Seisbierrum allinnich mar te ferklearen út it falen fan de tsjinstanner dêrmei dogge we Seisbierrum te koart. Sij stienen foaral oan de opslach hartstikke goed te keatsten en de winst wie dan ek mear as fertsjinne.

De tredde omloop
De absolúte kreaker wie de partij fan St. Anne tsjin Dronryp. It partoer fan St. Anne naam in 4-1 foarsprong mar Dronryp slûpte mei degelik spel stadich oan tichteby en kaam werom oant fjouwer earsten gelyk. St. Anne pakte as earste de fiif buordsjes mar Dronryp joech net ôf en makke gelyk. Mei in boppeslach fan Anouk Tolsma en de keats foarby troch Elly Hofman hie Dronryp in moaie stap setten nei de oerwinning mar Lisette Wagenaar hie it wat oars yn ‘e holle. Sij pleatste twa sitballen en twong Dronryp dêrnei ta in kweaslach. Der kaam in lytse keats dy’t troch Dronryp ferdigene wurde moast. Joukje Kuperus fan Dronryp brocht de bal heech op efteryn en Lilijan Kingma fan St. Anne koe de keatst net passearre. Tsja, en dan ha je ...... ‘alles oan ‘e hang’. Joukje Kuperus brocht de bal wer heech op efteryn, mar de bal foel bûten en dêrmei gie St. Anna troch nei de fjirde list.
Fan de wedstriid tusken Frjentsjer en Berltsum wie einliks wol wat mear fjoerwurk ferwachte. Berltsum, ferliden jier noch winner, koe lang net op tsjin it opslachgeweld fan Frjentsjer en ferlear kânsleas mei 5-1 en 6-4.
Seisbierrum en Wolsum makken der in ûnderhâldende partij fan. It feit dat de froulju út Wolsum mar mei har twaen keatste bruts harren úteinlik op. Seisbierrum makke goed gebrûk fan de frije hoek yn it fjild en koe sa de keatsen maklik passearre. Der hie mear ynsitten foar Wolsum en mei in pryske hienen se skiednis skriuwe kinnen foar harren noch jonge keatsferiening. No wie it ‘krekt net’ en moasten se genoegen nimme mei in 4-5 en 4-6 nederlaach.

De heale finale
Frjentsjer bleau stean en hie dêrmei al in finaleplakje. De oare finalist moast komme út de striid tusken Seisbierrum en St. Anne. Fan it begjin ôf wie St. Anne de boppelizzende partij. Seisbierrum hie al in soad jaan moatten en hie geandewei de dei ek blessueren oprûn. Grada van der Schoot hinkte mei in seare ankel troch it fjild en har maten wienen ek net mear hielendal fris. Mar ek sûnder dy fysike problemen hie it goed ferwurkjen fan de sterke opslach fan Lisette Wagenaar fan St. Anne in probleem west. Sij stelde mei it skeef opslaan it perk fan Seisbierrum foar problemen dy’t se yn de famkeskategory net tsjinkomme. Nei it spullen gelyk wie, pakte Lisette trije kear op de seis it buordzje mei har opslach. It ein kaam op 5-2 en 6-4.

De finale
Frjentsjer wie de grutte favoryt. Sij hienen oer de hiele dei noch mar fiif earsten tsjin hân, in partij minder keatst en keatsten mei trije folweardige haadklassers. Hja lieten fan ôf it begjin dan ek sjen dat der hjoed mar ien rjocht hie op de ‘De Gouden Klaver’. Mei mar acht tsjinpunten stie it yn in poepesucht 4-0 foar Frjentsjer. It wie foaral Nicole Hempenius dy’t in GEWELDIGE yndruk makke. Foaryn wie har gjin bal fertrout. Boppeslaggen fier oer de beamen efter it fjild en sels in lege skroeier waard ûnderhâns ta in Herkules promovearre. Ek har karakteristike opslach, sa wat heal bûtsend mei in protte snelheid yn ‘e bal wie de tsjinstanner fiersten te machtich. Foech dêrby de op- en útslachkwaliteiten fan Iris van der Veen en Manon Scheepstra en de grutte oerwinning fan 5-1 en 6-6 is ferklearre. Der koe hjoed mar ien winne en dy ha it ek wûn: Frjentsjer!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers