contact zoeken wedstrijden

Dames Hoofdklasse Uitnodiging uitn (8 part)

1 juni 2013 14:00
Goenga
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Uitnodiging
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Wierstra, D.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

1. Sanne Velsma (Grins), Imke van der Leest (Easterein) en Fenna Zeinstra (Snits)
2. Joukje Kuperus (Dronryp), Esther Wagenaar (Sint Anne) en Manon Scheepstra (Frjentsjer)
3. Nicole Hempenius (Frjentsjer), Feikje Bouwhuis (Boalsert) en Wiljo Sijbrandij (Dearsum)
Ûnder it each fan keatsers en publyk fan de federaasje Snits e.o. waard dizze partij foar de 3e kear ferkeatst. Yn 2011 wie dat yn Skearnegoutum en yn 2012 yn Easterein. Mei de formule 'Briing de keatsers by it keatsen' lit federaasje Snits e.o. federaasje- en KNKB-keaters op ien dei op ien plak keatse. Bysûnder wie ek dat in oere foar de wedstriid de bern fan de federaasje de lotting dienen en de nammen sels op de grutte list skriuwe mochten.
Lang om let wie dizze dei de winst foar it partoer fan Sanne Velsma c.s. Wie der yn 'e 1e omloop noch wol wat spanning, yn de partijen dêrnei wie it, spitich foar it publyk allegearre wat iensidiger. Likegoed wie de winst poer fertsjinne foar Sanne, Imke en Fenna. Yn de heale finale rûnen se rap oer Nicole Hempenius, Feikje Bouwhuis en Wiljo Sijbrandij hinne. Wiljo Sijbrandij, even werom yn thúshaven k.f. De Lege Geaen yn Goaiïngea, helle mei har maten dêrnei fertsjinne de 3e priis troch winst op Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Annelien Broersma op 5-2 6-4. Mei deselde sifers fersloegen Velsma c.s yn de finale Joukje Kuperus, Esther Wagenaar en Manon Scheepstra. Sanne Velsma waarde offisjeuze keninginne fan dei. It publyk keas har fia in SMS-aksje ta keatster fan 'e dei. En dat fertsjinne in blomke.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers