contact zoeken wedstrijden

onbeperkt Heren 1e klasse Vrije formatie

12 augustus 2012 11:00
Easterein
Categorie Heren 1e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Bierma, L.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Manlju 1e klas f.f.
Under prachtige waarsomstannichheden waard hjoed yn Easterein de manlju 1e klas f.f. keatst. Dit jier 19 partoer op de list en neidat de geselektearde keatsers harren klean krigen hiene koe de wedstriid únder lieding fan skiedsrjochters Bierma en klubskiedsrjochter Dijkstra dan ek los.
De 1e klas partoeren sieten moai ferdielt op de list en sy wisten de ferwachtings wier te meitsjen. Yn de heale finale it sterk en erfaren partoer fan Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Gert Jan Meekma tsjin it jeugdige trijetal Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v.d. Velde en Tjisse Steenstra. Michiel cs komme al redelik gau op 3-1 mar dernei pakke Haye Jan cs fjouwer earsten op rij en liket it as stappe sy snel de finale yn. Mar Michiel cs binne taai en komme dochs wer neist Haye Jan cs. Uteinliks moatte sy yn it lêste earst dochs belies jan en stappe Haye Jan cs, nei in moaie sitbal fan Tjisse op 6-0, as winners fan it fjild.

Yn de finale nimme Haye Jan cs it op tsjin it partoer fan Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Gerrit Meijer, nei de earste omloop ynfallen foar de blesseare Jouke Bosje. Dirk-Yde cs woenen op de tredde list fan Kevin Jaarsma cs mei 5-1 6-2 en hiene dernei in steand númer. It wurdt in spannende finale mei in soad boppeslachen. De partoeren binne goed oan mekoar weage en de partij giet hieltyd lykop. It wurdt dan ek 5-5. Uteinliks wint Dirk-Yde yn eigen doarp mei syn maten troch sterk keatsen yn it lêste earst. Op 6-0 makket Dirk-Yde sels mei in sitbal de partij út.

Utslach
1e priis Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Gerrit Meijer
2e priis Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v.d. Velde en Tjisse Steenstra
3e priis Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Gert Jan Meekma

Alle frijwilligers, skiedsrjochters Bierma en Dijkstra wurde noch ris tige tank sein foar harren ynset. En fansels Drukkerij van der Eems út Easterein, stiper fan dizze moaie partij!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers