contact zoeken wedstrijden

Jong Famme Dames Hoofdklasse Afdeling dames-junioren

30 juni 2012 10:00
Mantgum
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Afdeling
Vereniging KF JACOB KLAVER
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Berltsum wint de njoggende Jong Famme partij yn Mantgum

Berltsum, mei de keatsers Harmke Siegersma, Ilse Tuinenga en Anke Zwart, is de winner wurden fan de njoggende Jong Famme partij yn Mantgum.
Yn in spannende finale tsjin Boazum waard it 5-5 en 2-6.
Nei de tradisjonele groepsfoto mei alle 18 partoeren gong de Jong Famme partij foar de 9e kear los. Sa as se yn Mantgum went binne is it fjild prachtich oanklaaid en mei de sinne der by wie it in prachtige dei. Dit jier diene der 18 partoeren mei, wêrfan Easterein en Frentsjer beide mei twa partoer. In oantal wedstriden giene tige hurd foarby, mar dôchs wiene der ek partoeren goed oan elkoar weage. De finale gie tusken de partoeren fan Boazum en Berltsum en wie tige spannend!
Foar Berltsum keatsten Harmke Siegersma, Ilse Tuinenga en Anke Zwart. De úteinlike winner Berltsum hie it yn de earste twa omlopen net dreech. De earste wedstriid waard wûn fan Wommels mei 5-1. Dêrnei hiene se in steand nûmmer. Mar yn de tredde omloop kaam Easterein 1 as tsjinstanner opdraven. De froulju fan keatsdoarp Easterein wiene sterk, mar makken tefolle fouten oan de opslach. Mar ek troch it deeglike keatsen fan Berltsum self koene hja útrinne en de partij winne mei 5-3.
Yn de fjirde omloop wie Frentsjer de tsjinstanner. Ek dat wie in taaie tsjinstanner. Berltsum kaam rap op in 4-0 foarsprong, mar dêrnei kantelde de wedstriid. Frentsjer makke minder fouten en herpakte harren self. It gefolch wie dat Berltsum de kop wat hingje liet en it samar 4-3 waard. It folgjende earst koe Berltsum dôchs wer pakke troch knap wurk fan Harmke Siegersma. 5-3. Mar Frentsjer hie noch in pear beste sitballen oer wêrtroch it 5-4 waard. Yn it lêste earst makke Frentsjer tefolle fouten en makke Harmke Siegersma in pear moaie retourslagen wêrtroch Berltsum yn de finale kaam.
De oare finalist fan dizze dei wie Boazum. Boazum keatste mei de suskes Wiljo en Nynke Sybrandy en balkearder Tryntsje van der Berg. Boazum hie yn de earste omloop in walk-over tsjin it partoer fan Wiuwert/Britswert, 5-0. Yn de twadde omloop wûn Boazum mei 5-0 ek maklik fan Wolsum, dat yn de earste wedstriid in moaie partij keatste tsjin Mantgum. Ek yn de tredde omloop hie Boazum it net lestich. Nei in pear oansettingen fan Sint Anne wûn Boazum dizze partij mei 5-2. As Wiljo en Nynke efkes oansetten dan wiene se tige goed, sawol yn it perk as oan de opslach. Yn de fjirde omloop bleaun Boazum stean. Op nei de finale.
Yn de finale wiene Berltsum en Boazum oan elkoar weage. Berltsum, mei 'leading lady' Harmke Siegersma pakte it earste buordsje. Wêrnei Boazum gelyk makke en Berltsum it earste spul pakte, 2-1. Troch û.o. in skeane opslachbal fan Nynke Sybrandy kin Boazum spullen gelyk meitsje. De skeane opslachbal ha we dizze dei allinnich yn de finalewedstriid sjoen. De wedstriid giet op en del, 3-2 foar Berltsum en dan wer 3-3 troch de krêft fan Boazum. It sânde earst giet dan wer nei Berltsum dat hieltyd as earste in foarsprong pakt. It liket dat Boazum útkeatst is, want ek it folgende buordsje giet nei Berltsum, dat hjirmei einliks in gatsje slacht. Nettsjinsteande goed wurk fan Harmke en Ilse fan Berltsum en troch it foarby slaan fan de keatsen troch Wiljo en Nynke komt Boazum op 5-4. Yn it mooglik lêste earst wurdt it 6-6 en dan slacht Harmke de bal foaryn op Nynke, die de bal oer de boppe hinne slacht en dat efkes goed heare lit. 5-5.

Yn it lêste earst makket Boazum krekt tefolle fouten oan de opslach wêrtroch Berltsum, nei in kweabal fan Nynke Sybrandy, de winst pakt op de njoggende Jong Famme partij.

Ut namme fan KF Jacob Klaver,
Maaike Kuipers

p.s. foto’s en filmke steane op www.jacobklaver.nl

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers