contact zoeken wedstrijden

Meisjes Afdeling

10 juni 2012 11:00
Easterein
Categorie Meisjes KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Under prachtige waarsomstannichheden en mei in soad minsken op it fjild waard hjoed yn Easterein net allinne de froulju 1e klas f.f. keatst mar ek in ôfdielingswedstriid/t.i.l. foar de famkes. In moaie list fan 17 partoer koene allegearre los under lieding fan skiedsrjochter Smit. Nei in lyts oere wie de earste omloop dien en koene de ferliesende ôfdielingen oerstappe nei de t.i.l.

Yn de finale úteinliks in treffen tusken Dronryp, mei Jeanette Jansma, Anouk Tolsma en Elly Hofman, en St. Annaparochie, mei Natasja Braaksma, Esther Wagenaar en Lilijan Kingma. Dronryp keatste de hiele dei sterk en wisten de winners fan foarich jier yn bedwang te hâlden troch te winnen mei 5-3 en 6-6. Dat betsjut al de tredde winst op in ôfdielingspartij foar Dronryp. De twadde priis gie dus nei St. Annaparochie, dy’t yn de heale finale nei in efterstân fan 5-3 úteinliks doch fan Folsgeare wisten te winnen mei 5-5 0-6. Folsgeare, mei Rixt Hettinga, Elma Breeuwsma en Jildou Sweering behellen dermei de tredde priis.

Utslach ôfdielingswedstriid
1e priis Dronryp Jeanette Jansma, Anouk Tolsma en Elly Hofman
2e priis St. Annaparochie Natasja Braaksma, Esther Wagenaar en Lilijan Kingma
3e priis Folsgeare Rixt Hettinga, Elma Breeuwsma en Jildou Sweering

Alle frijwilligers wurde noch ris tige tank sein foar harren ynset. En fansels Couperus Hydrauliek út Easterein, stiper fan dizze moaie partij!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers