contact zoeken wedstrijden

Dames 1e klasse Vrije formatie verl. Ronde

10 juni 2012 11:00
Easterein
Categorie Dames 1e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Under prachtige waarsomstannichheden en mei in soad minsken op it fjild waard hjoed yn Easterein de froulju 1e klas f.f. keatst. Om goed 11 oere koe de wedstriid únder lieding fan skiedsrjochter Beimers los en heal wei fiif oere wiene de finales dien.

Yn de winnersronde gie de finale tusken it partoer fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer en it partoer fan Hilda Tjepkema, Maaike Osinga en Maaike Bruinsma. Lêstneamd partoer pakten de moaie krânsen doe’t op 5-3 6-2 Maaike Osinga de bal boppe sloech. De tredde priis wie foar it partoer fan Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel. Sy koene it yn de heale finale net oprêde tsjin Rianne c.s. en ferlearen mei 5-3 6-0.

Yn de ferliesersronde gie de finale tusken it partoer fan Nynke Sinnema, Klasine Huistra (ynfallen foar de blesseare Mirjam Beeksma) en Rixt Bijlsma en it partoer fan Hermine Sytema, Sietske Okkema en Jelien Pompstra. Dit waard in tige spannende finale. Pas op 5-5 6-6 waard de partij troch Jelien beslist troch de lytse keats foarby te slaan. Opfallend wie dat Hermine c.s. de heale finale ek al mei 5-5 6-6 wún hiene.

Utslach winnersronde:
1e priis Hilde Tjepkema, Maaike Osinga en Maaike Joostema
2e priis Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer
3e priis Evelien Westra, Marit Kuperus en Anke Winkel

Utslach ferliesersronde
1e priis Hermine Sietema, Sietske Okkema en Jelien Pompstra
2e priis Nynke Sinnema, Mirjam Beeksma en Rixt Bijlsma

Alle frijwilligers wurde noch ris tige tank sein foar harren ynset. En fansels Couperus Hydrauliek út Easterein, stiper fan dizze moaie partij!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers