contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie onbeperkt

14 augustus 2011 11:00
Easterein
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Reinsma, A.K.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Nei in lange, moaie keatsdei, mei prachtich waar, is fûleindich keatst tusken de senioaren 1e klas ûnbeperkt. De finale gie ferrassend genôch tusken 2 partoer wer't gjin selektearre 1e klassers yn stienen. Mar dêr kin de fermelding by dat hjir wól 3 PC winners en 1 PC finalist tusken stienen. Trochdat in protte partijen op 5 earsten gelyk eindigden, waard de lêste bal úteinlik pas slein rûn 19.00 oere. Hulde oan ús frijwilligers die't hjir sa lang holpen hawwe!

Jan Brandt Wiersma, Jelle Jaap Stiemsma en Sip Jaap Bos strannen yn de heale finale mei 5-4 6-6 tsjin de lettere winners. It partoer fan Rutmer v/d Meer, Hendrik Klaas Engbrenghof en Chris Wassenaar kamen nei 3 omlopen en in steand nummer yn de finale.

Yn dizze finale kamen sy tsjinoer Johan Abma, Gerrit Flisijn en Jan Hospes te stean. Nei 5-1 like de winst makkelik nei Johan Abma c.s. te gean. Mar Rutmer v/d Meer c.s. joechen de moed net op en kamen werom oant 5 earsten gelyk. Troch ûnder oare 3 sitballen fan Gerrit Flisijn koe it partoer fan Johan Abma c.s. mei 5-5 6-2 it perk yn. Jan Hospes sloech de keats foarby en sa eindige in dochs noch prachtige finale.


1e priis: Johan Abma, Gerrit Flisijn en Jan Hospes
2e priis: Rutmer v/d Meer, Hendrik Klaas Engbrenghof en Chris Wassenaar
3e priis: Jan Brandt Wiersma, Jelle Jaap Stiemsma en Sip Jaap Bos

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers