contact zoeken wedstrijden

Heren Hoofdklasse Uitnodiging uitn

17 juli 2010 12:00
Makkum
Categorie Heren Hoofdklasse
Soort Uitnodiging
Vereniging KV MAKKUM
Wedstrijdsecretaris C. van der Weerdt
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Rabobank Hearen Haadklasse Partij Sneon 17 july Keatslân ‘De Seize’ yn Makkum

De priizen yn dizze partij waarden oanbean troch de Rabobank. De keningspriis kaam fan taxibedriuw ‘Van der Bles’ en de kransen yn dizze haadklasse partij waarden oanbean troch ’t Dûkte Aike’.
In wiet en wynderich begjin fan dizze haadklasse partij op sneon 17 july op keatslân ‘De Seize’ yn Makkum. Lokkich nei in goed heal oere brúts de sinne wer troch dus waard it wer in moaie keatsdei op it keatslân yn Makkum.
Utslach:
Yn de heale finale stienen partoer 2: Marten van der Leest, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma tsjinoer partoer 4: Gert Anne v.d.Bos, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn. Mei in stân fan 5 – 1 6/2 waard dizze partij wûn troch partoer 2. Yn dizze partij stie meinammen Renze Pieter hiel sterk te keatsen. Yn de oare finale stie partoer 6: Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Marten Feenstra tsjinoer partoer 8: Hendrik Tolsma, Taeke Triemstra en Gert Jan Meekma. In moaie heale finale wer’t op heechsteand nivo keatst waard. De partij waard úteins wûn troch it partoer fan Jan Dirk de Groot mei in stân fan 5 -4 6/2, mar it partoer fan Hendrik Tolsma koe mei de holle omheech it fjild ferlitte.
De finale partij begûn mei in soad bûtenslagen fan beide partoeren. Mei in stân fan 5 – 2 6/2 lúts partoer2 de oerwinning nei harren ta. De keningspriis waard ta kent oan Renze Pieter Hiemstra dy’t oer alle trije omlopen sterk stie de keatsen.
In moaie start fan de 118de ‘Makkumer Merke’.
No mar hurd efkes op de voorpagina sette om us tefreden te stellen yn Makkum jout neat. Kommende wike komme wy yn Makkum hjir op werom.
Wa kin noch mear op de site fan de knkb komme mei de inlog kode fan in feriening, om foar de feriening it wedtriid ferslach der op te setten.
Wy Makkum hawwe infesteart yn in internet oansluting om tiidens de merke sa snel mooglik de utslagen der op te setten ( jout dus neat, knkb jimme krije hjir de rekken oer en ferklearje dit mar oan de oare ferienings.). wurde wy te kijk setten troch in oar syn ferslach. de reaksje die oft wy der nei pletas hawwe wurd sensureerd. Dit pikke wy yn Makklum net. De knkb webside hat tsjinst ferlienende functie en oers net. Wy binne pist of.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers