contact zoeken wedstrijden

Heren 1e klasse Uitnodiging uitn

10 juli 2010 11:00
Winsum
Categorie Heren 1e klasse
Soort Uitnodiging
Vereniging KV WINSUM
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De heren 1e klas hawwe yn Winsum it keatsen sjen litten, sa as it keatsen bedoeld is. Yn in geselliche sfeer dy't troch de keatsers en it publiek del setten is, is sportief strieden om de priizen en de eer. Bettere reclame foar it keatsen is der net.

Sels de F-side fan it keatsen wie present, wy wiene fereerd mei harren besite. Foar my hawwe se in nije betekenis joent oan de betsjutting fan F-side, neffens my stiet dat binnen it keatsen foar: "Fleuriche Fysiek Fitte Fanatieke Fans".

1e omloop
1-2 5-1/6-6
3-4 5-5/4-6
5-6 5-4/4-6
7-8 5-1/6-2
9-10 5-2/6-2
11-12 5-4/6-0

2e omloop
1-4 2-5/4-6
5-7 4-5/0-6
9-11 5-2/6-4

De heale finale waard spiele tusken partoer 4 Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Hans Wassenaar, tsjin partoer 7 Marten v/d Leest, Hyltje Bosma en Gerrit Flisijn. It waard 4-5/2-6 en dermei hie partoer 4 de 3e priis.

Nei dizze lange heale finale kamen we ta oan de noch spannender finale. Der kaam partoer 7 partoer 9 tsjin, Erik Haitsma, Roel Hoekstra en in bylotte Pieter Bakker. It partoer 7 fan Marten v/d Leest siet noch goed yn de winning mood en pakten fuort 3 eersten, allinnich kaam doe it partoer 9 fan Erik Haitsma op stoom en waard der ek mentaal sportief strieden. It waard 5 eersten gelyk en seis oere, it swit rûn ús hieltyd mear by de lea del. It waard 6 om 4 en in keats foar partoer 9 fan Erik Haitsma en mei in boppeslach waard it troch partoer 9 útmakke. Partoer 7 Marten v/d Leest waard nei in lange sportieve striid ferslein.

De priizen binne ferdield en de winners hawwe de ferliezers under de douche trakteerd op in gleske bier. Sa te sjen wiene se der goed fan op knapt, it focht te koart moast ek nedich wer oanfult wurde.

Hjirby wol ik noch ris, de keatsers, it publiek, de karmasters, skiedsrjochter, masseur , sponsers, blokje rinners en oare frijwillegers tank sizze foar harren meiwurking.

Foar geweldiche aksjefoto's fan dizze dei, ferwiis ik jimme nei de foto side fan ús jeugdbestjoerdlid Marjan de Vries : MDV-photography.nl

Heren 1e klas

Oant sjen yn Winsum, it doarp fan keatsen, ljeppen en bedriuwichheid.

Frits Sieswerda foarsitter KV-Winsum.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers