contact zoeken wedstrijden

Dames Hoofdklasse Afdeling afd

6 juni 2010 11:00
Easterein
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Ûnder noflike waarsomstannichheden koe der yn Easterein mei 17 partoer ôfdieling keats wurde troch de froulju haadklasse.

De earste kreaker waardt drekst in spannende partij: Dronryp – St. Anne wurdt 5-5 6-6 yn it foardiel fan Dronryp nei in bûtenslach fan Lisette Wagenaar. Ek Berltsum – Easterein en Boazum – Grins keatse 5 earsten gelyk. Hjirnei binne de ferskillen grutter en de útslagen dikker.
De partij tusken Boazum en Dronryp wie foar it publyk it moaist; soad op 6-6 en it wie in felle striid, sawol fysyk as ferbaal (5-1 6-0!).

Boalsert (Géjanna Dijkstra, Feikje Bouwhuis en Fenna Zeinstra) komt yn ‘e finale nei wûn te hawwen fan Penjum 5-2 6-0, Berltsum 3-5 0-6, Frentsjer 4-5 0-6 (nei in 4-2 efterstân) en bliuwt op ‘e trije stean.

Se keatse tsjin Akkrum (Richtsje Zijlstra, Janny en Afke Hijlkema) die de earste omloop wûn fan Ie 2-5 2-6, dernei in steand nummer en op de tredde list tsjin Bitgum winne se mei 5-1 6-6 (wol in protte op 6-6).

Yn de heale finale tsjin Boazum, mei de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij, wint Akkrum maklik mei 0-5 4-6.
Yn de finale nimt Boalsert samar in 3-0 foarsprong, Akkrum pakt noch al in spul, mar de prima opslach fan Géjanna en it sterke perk, Feikje en Fenna, keatse degelik nei de oerwinning yn Easterein. Op 5-2 6-2 slacht Boalsert de keats foarby.

Tom en Greet Couperus fan Couperus Hydrauliek B.V. (stipers) en rikke de prizen persoanlik út.

1e priis Boalsert, Géjanna Dijkstra, Feikje Bouwhuis en Fenna Zeinstra
2e priis Akkrum, Richtsje Zijlstra, Janny en Afke Hijlkema
3e priis Boazum, Nynke en Wiljo Sijbrandij

Mear foto's KNKB Haadklasse Froulju ôfdieling

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers