contact zoeken wedstrijden

wedstrijd is met verliezersronde Dames 1e klasse Door elkaar loten speciaal (zie toelichting) samen met 3e jrs. meisjes+ verl.ronde

11 juli 2009 10:00
Easterein
Categorie Dames 1e klasse
Soort Door elkaar loten speciaal (zie toelichting)
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Neist de famkes keatsten de 1e klas froulju en 3e jiers famkes ûnder lieding fan Melle Haijma. Troch omstannichheden koe KV Sla Raek de wedstriid net hâlde.

Easterein hat de wedstriid oernaam en krige derby stipe fan ekstra frijwilligers en âlders en besikers, lykas guon hoofdklasse froulju die yn de finale de perklinen besetten. Tank oan Broeksterwâlde foar it beskiber stellen fan it prizejild.
Ut namme fan de keatsters naam Karina Frijling efkes it wurd nei de priisútrikking. Ut namme fan alle froulju sei hja tank oan keatsferiening Easterein en Sla Raek Broeksterwâlde dat sy hjir hjoed keatse koenen.

Ek by de froulju in wedstriid mei ferliezersrûnte. Deryn kamen de partoeren fan Sanne Velsma, Jannie de Haan en Renske Terw. v Scheltinga út tsjin Romy vd Veen, Grada vd Schoot en Lisette Wagenaar.
It lêste partoer wie ek kânsen joen om yn de winnersprizen te kommen mar hawar, dat slagge net.
De finale winne hja wol, nei in moaie partij as op 4-5:4-6 Romy de keats foarby slacht.

By de winners komt it jonge partoer mei Janneke Koelmans, Ingrid vd Veen en Margriet Bakker yn de heale finale út tsjin Joukje KUperus, Karina Frijling en Lyanne van Rijn.
It rûn as it spoar by it partoer fan Joukje endy, foaral it perk wie sterk en fansels de opslach fan Joukje, die it hiele perk bestrike ebn bespylje kin.
Mei 5-1:6-4 komme hja yn de finale. Der treffe se Rianne Vellinga, ek al san moaie opslager, Mariska Hoogland en Miranda Scheffer.
Dit partoer lykas de oaren noch mar 2 earsten tsjin hân. De finale begjinne se mei 1-0:6-0 foar, mar it wurdt 1-1.
Dernei reitsje Joukje endy op stoom en keatse flot, deeglik en mei wille nei de winst. Op 5-1:6-6 makket Karina de partij út troch in boppeslach die krekt in de boskjes falt.

De krânsen wurde útrikke troch Sybren Wassenaar fan Winsum. die de krânsen stipe hie en ek nochris de hiele dei op de foarline stie.

Utslach:
1. Joukje KUperus, Dronryp, Karina Frijling, Dronryp, Lyanne van Rijn, Deinum
2. Rianne Vellinga, Frjentsjer, Mariska Hoogland, Bitgumermole, Miranda Scheffer, Menaam
3. Janneke Koelmans, Ouwe Syl, Ingrid vd Veen, Hurdegaryp, Margriet Bakker, Winsum

Ferl.
1. Romy vd Veen, St Anne, Grada vd Schoot, Seisbierrum, Lisette Wagenaar, St Anne
2. Sanne Velsma, Dronryp, Jannie de Haan, Holwert, Renske Terwisscha v Scheltinga, Reahûs

By de foto's:
Priiswinners froulju, Fokje wie jierdei, stiper Sybren Wassenaar en... it wie waarm yn Easterein...

Mear foto’s op 20090711_KNKB_Famkes_Froulju

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers