contact zoeken wedstrijden

Dames Hoofdklasse Uitnodiging 8 partuur

22 mei 2009 15:30
Easterein
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Uitnodiging
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Foartreflike keatsdei yn Easterein

Mar net allinnich haadklasse manlju, ek de haadklasse froulju wienen hjoed te gast. Alle keatsers op ien fjild en tige smûk oanklaaid troch keatsferiening Easterein. En mei de skare frijwilligers en besikers wienen der wol 500 minsken op it fjild.

It publyk sit moai ferspaard om beide keatsfjilden en wer it spannend wie der stienen de measte minsken. En doe de manlju efkes pauze hienen, dan stie it grotfol by de froulju en dat wie fansels ek wolris moai en fertsjinne!

Froulju
De froulju keatsten yn in list fan 8 partoeren. HJir wienen mar leafst trije froulju ôfwÊzich. Linda Terpstra koe net frij krije, tige spitich, Marie Heida wie blessearre en ek Baukje Aalbers wie blesearre rekke, juster yn Dronryp. Foar Linda kaam Marie Jetske Lettinga yn partoer 1 mei Brecht Gerbrandy en Idske Zijlstra. Hja begûnen tsjin Maaike Joostema, Janny De Haan en Fenna Zeinstra. In hiele spannende striid die eindige op 5-5 0-6 doe Maaike in djippe sitbal pleatste.

It jonge talint Ilse Noorman fan Mantgum wie útnoege en keatste mei Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Hja winne oertsjûgend fan HIlda Tjepkema, Debora Oosterman en Miranda Scheffer mei 5-1:6-4.
Ilse hat gjin lêst fan podiumfrees en slacht goed op en wurdt prima stiper troch har maten.

Maaike Wind, Geriek de Groot en Marike Beckers nimme it op tsjin Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Afke Hijlkema. Pas by 1-4 komme Maaike endy wat by oante mei 3-4, mar it folgende earst is foar Afke endy. Op 6-6 slacht Ingrid boppe.

Yn partoer 7 is Renske Terwisscha v Scheltinga foar Baukje yn it plak kommen en keatst mei Klaske de Jong âld doarpsgenoat Judy Bergsma.
Tsjin Margriet Koelmans, Imke vd Leest en Bianca vd Veen giet it prima. Nei in lyk opgeande striid pakke Klaske endy de 5-4 troch har sitbal. Ek it lêste earst giet lyk op oant 4-4. Op 4-6 en in keats slacht Imke op en Renske slacht de keats net foarby.

Heale finales
Maaike endy ferlieze mei 4-5:0-6 fan Ilse endy. It partoer rint prima.
Hja komme op in 0-4(!) foarsprong. Mar ek hjir komt it oare partoer wer werom op 3-4. De 3-5 is wer foar Ilse endy as Aukje de bal boppe slacht. It wurdt ek noch 4-5 mar op 0-6 slacht Ilse in sitbal op it perk fan Janny en Fenna.

De froulju keatse geweldich spannend en it publyk genietet. Afke endy tsjin Margiet endy wurdt 5-5:2-6. Margiet endy nimme in noflike foarsprong fan 1-5, mar Afke Hijlkema nimt har partoer mei nei in ynhelrace fan 4 earsten. Op 5-5:2-6 slacht Afke Hijlkema op en Bianca slacht strak út. Afke kin de bal net keare.

Tredde priis
Der wurdt fûleindich troch de froulju keatst om de 3e priis en mei wille! De sfear fan de keatsarena en it publyk hat in moaie útwurking op de froulju. Hjir giet de partij om en om. 0-2, 4-2, 4-5. OP 6-6 leit der in keats by de middelline. Afke Hijlkema slacht op en Janny slacht de keats net foarby.

Finale
De finale is net sa spannend as alle partijen derfoar. Oant 2-2 giet it lyk op, mar dernei nimme Margriet, Imke en Bianca it heft yn hânnen en keatse sa nei 2-5. Alles rint en Ilse, Sjoukje en Aukje kinne it perk net brekke. Op 2-5:2-6 slacht Margriet plat op en Aukje stiet foaryn, mar kin de bal net goed ferwurkje. Sa winne Margiet, Imke en Bianca de krânsen yn Easterein.

Prachtich om hjoed te sjen hoe de jonge keatsfroulju prima meidienen.
Har earste jier yn de frouljuskategory begjint geweldich mei as hichtepunt hjoed de twadde priis op de haadklasse. Ek de froulju krijen de losse euro's yn twa keatssokken en sa wurde de prizen meijoen.

Utslach:
1. Margriet Koelmans, Imke vd Leest en Bianca vd Veen
2. Ilse Noorman, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken
3. Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Afke Hijlkema.

(Foto's Henk Bootsma)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers