contact zoeken wedstrijden

Heren Hoofdklasse Uitnodiging 8 partuur

22 mei 2009 15:30
Easterein
Categorie Heren Hoofdklasse
Soort Uitnodiging
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Foartreflike keatsdei yn Easterein

Mei it 100 jierrich jubileum waard besletten om iens yn de fiif jier in haadklassepartij yn Easterein te hâlden. De fiif jier wienen samar foarby en sa sitte we al wer yn it 105 jierrich bestean!
En hjoed, freed 22 maaie, wie it safier.

Mar net allinnich haadklasse manlju, ek de haadklasse froulju wienen hjoed te gast. Alle keatsers op ien fjild en tige smûk oanklaaid troch keatsferiening Easterein. En mei de skare frijwilligers en besikers wienen der wol 500 minsken op it fjild.

It publyk sit moai ferspaard om beide keatsfjilden en wer it spannend wie der stienen de measte minsken. En doe de manlju efkes pauze hienen, dan stie it grotfol by de froulju en dat wie fansels ek wolris moai en fertsjinne!

Nei de perken omlein wienen, de wyn koenen we net regelje...koe it om efkes oer healwei fjouweren los. En wat waard der moai keatst. In soad spannende partijen en goed opslachwurk. Mei de perken oan de side fan de kantine gongen de bal rjochting it lân efter de sportfjilden.
In oantal jonge frijwilligers hat der de hiele middei stien en it ferlies fan ballen waard beheind ta twa(?).

Manlju
De manlju keatsten yn in list fan 8 partoeren. By partoer 8 wie Douwe Groenendijk der net en krekt foar de wedstriid foel Wilco Rinia, partoer 1 út mei in blessuer.
Partoer 3, Hendrik Tolsma, Karel Nijman en Gerrit Flisijn begûnen derom tsjin Rutmer vd Meer, Erik Haitsma en Marten Feenstra die it winne met 2-5:6-6. Gerrit wurdt dan bylotte by partoer 8 mei Jochum Bouma en Jan Willem van Beem.

Jan Dirk de Groot, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger keatse tsjin Gert-Anne vd Bos,Herman Sprik en Alle Jan Anema.
Op 5-2:6-4 slacht Jacob de bal boppe. Jacob hie genôch fans meinaam, want om moarns tsien oere waard hy ophelle troch syn broer Chris en allegear maten en mei trekker en wein nei Easterein.
Dit ter eare fan syn lêste wiken as frygezel. Nei dizze partij moast hy yn syn roze frijgezelle shirt ek noch efkes blokje rinne by de froulju.

Gert Anne vd Bos waard bylotte by Hylke Bruinsma en Lennart Adema en keatsten tsjin Martijn Olijnsma, Renzie Pieter Hiemstra en Pier Piersma. De lêste wûnen dat mei 4-5:4-6. Jochum Bouma c.s begûnen tsjin Johan vd Meulen, Folekrt vd Wei en Tjibbe Hansma en ferlearen mei 3-5:2-6.

Heale finales
Martijn Olijnsma c.s. tsjin Rutmer vd Meer c.s. In moaie spannende partij mei prachtich opslachwurk van Martijn en Rutmer. Rutmer endy komme samar op 1-4 foar, mar Martijn endy komme sterk werom op 3-4. Op 2-6 slacht Marten de keats foarby, 3-5. By 3-5:6-4 slacht Renze Pieter de bal yn it lân, 4-5. Op 4-5:4-6 slacht Rutmer poerbest op en de bal sjit op it lichem fan Renze Pieter en komme hja yn de finale.

Jan Dirk de Groot c.s. nimme it op tsjin JOhan vd Meulen c.s. Yn dizze partij geane beide partoeren lyk op. Der wurde hast gjin fouten makke, mar op 4-5:6-2 slacht JOhan de bal bûten en sa komme Jan Dirk endy op 5-5. Dernei yn prachtige sitbal fan Johan, mar dernei 6 punten foar Jan Dirk endy. Johan slacht op foar de keats en Jacob rekket de bal heal mar genôch om de keats foarby te slaan.

Finale
Rutmer endy sette fuort goed útein en komme op 4-1 foar. Dan heakket it efkes en Jan Dirk endy komme werom nei 4-3 ek al om't Jacob aardich op slach is. It wurdt sels 4-4 as op 2-6 in lytse keats foarby slein wurdt. Dan wurdt it 5-4 as Jan Dirk bûten slacht. De bal falt op de line en de karmasters binne tige skerp. Op 5-4:6-4 slacht Rutmer op en pleatst in geweldige sitbal lâns de line.

De priiswinners krije de krânsen om en medaljes. It prizejild wurdt op bysûndere wize presintearre. De losse euro's sitte yn twa keatssokken en sa wurde de prizen meijoen. Wer ris wat oars!

Utslach:
1. Rutmer van der Meer, St Jacob, Erik Haitsma, Wommels, Marten Feenstra, Berltsum
2. Jan Dirk de Groot, Bûtenpost, Jacob Wassenaar, St Anne en Daniël Iseger, Ljouwert

(Foto's Henk Bootsma)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers