contact zoeken wedstrijden

Pupillenmeisjes Uitnodiging

17 mei 2008 10:00
Burgum
Categorie Pupillenmeisjes KNKB
Soort Uitnodiging
Vereniging KV BERGUM
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris J. Ritsma-v.d. Leest
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Pupillen Burgum, reinich begjin, sterke finale.


KNKB pupillen útnoeging Burgum.

De Tiltranspartij, in útnoegingspartij foar pupillen yn Burgum hie in reinich begjin. De partij fan partoer 1, Anna-Brecht Bruinsma en Esther Bootsma, tsjin partoer 2, Elly Hofman en Jildou van Dijk, hie in grillich en wikseljend ferrin. Der kaam mear en mear rein. De partij einige nei oardel oere mei 5 – 5 en 6 – 2 foar partoer 1. It wie kâld, de hannen dienen sear. Partoer 1 en 2 kamen dêrnei net mear yn de prizen. De winners fan poule 1, Lilijan Kingma en Atjella Keulen, fersloegen yn de finale mei 5 – 3 en 6 – 2 de winners fan poule 2, Janieke Popma en Marrit Zeinstra. Op de sterke opslach fan Lilijan Kingma koe Marrit Zeinstra goed útslaan. De earsten einigen faak op 6 – 6. Om de trêdde priis of neat fersloech partoer 4, Jeske de Boer en Akkelyna de Haan partoer 8, Lieze Braaksma en Anouk Tolsma.
De partij einige de middeis foar fiif oere mei better waar.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers