contact zoeken wedstrijden

Dames 1e klasse Vrije formatie

13 juli 2008 11:00
Reahus-Turns
Categorie Dames 1e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KV REAHUS-TURNS
Wedstrijdsecretaris HW Ypma
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Trio De Valk wint yn Reahûs.

Yn Reahûs kamen de froulju KNKB yn aksje op de frije formaasje wedstriid. Ûntank sa no en dan in bui wie it poerbêst keatswaar. Toch wienen der in protte iensidige wedstriden en foel it kwa keatsen en foaral spanning wat tsjin. Nei twa omlopen like it favorite partoer fan Hilda Tjepkema de winst foar harren op te easkjen. Yn de heale finale tsjin it partoer fan Wiepkje Jorritsma krigen sy mear tsjinstân dan ferwachte en brochten sy net mear it spul wat sy earder sjen litten hienen. It rûn net mear mei Tjepkema c.s. en troch goed keatsen kaam it partoer fan Jorritsma dus yn de finale. Yn de finale stie nei in steand nûmer ek it partoer fan Rita de Valk. Sy moasten der yn de twadde omloop noch wol tsjinoan omdat it partoer fan Sanne Velsma goed partij joech.
Yn de finale pakten Jorritsma in foarsprong en like it fluch te gean. Nei dat de opslach it by Jorritsma c.s. wat ôfwitte liet wie it samar wer gelyk. Doe it perk Okkema en Terwisscha van Scheltinga de ballen dy’t binnen de linen wienen sa no en dan ek noch boppe begûnen te slaan stienen sy samar op 5 earsten. Trio Jorritsma pakte it dernei wer goed op en kaam troch degelik keatsen op 5 earsten lyk en dermei wie de spanning wer hielendal werom. Renske TvS tocht der blykber oars oer want mei twa beste boppeslaggen fan har en twa missers fan Wiepkje Jorritsma waard de winst binnenhelle.

De earste priis wie dus foar:
Rita de Valk St Jabik
Joutsen Okkema Easterein
Renske Terwisscha van Scheltinga Reahûs.

Twadde priis:
Wiepkje Jorritsma Dronryp
Anna-Lynn Wybenga Ferwert
Nynke van der Meij Holwert

Tredde priis:
Hilda Tjepkema Blije
Judy Bergsma Turns
Idske Zijlstra Drylts

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers