contact zoeken wedstrijden

Jong Fammen Dames 1e klasse Jong Fammen

5 juli 2008 10:00
Mantgum
Categorie Dames 1e klasse
Soort Jong Famme
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Boalsert glorieus winner fyfde Jong Famme Partij

De tredde kear priis. Dat jilde sneon foar Boalsert en dat jilde noch mear foar Fenna Zeinstra. Twa kear earder stie sy mei ferskillende maten yn de finale (2005 en 2007). Respektivelik Dronryp en Ie hoden har fan de Gouden Klaver, de prachtige wikselpriis dy’t sneon yn Mantgum foar de fyfde kear útrikt waard. No wie it al rekke dus. Aardich is ek dat Fenna de earste frou is dy’t firtueel it klaverke fjouwer byinoar garre hat. De Ald Meyers, de Bond, foarich jier de frouljus PC en no dan de Jong Famme Partij, de iennichste (ôfdielings)partij foar junioare froulju. In sulveren gouden rântsje om dizze lustrumpartij foar de organisearende feriening KF Jacob Klaver wie dat it eigen Mantgumer partoer ferrassend sterk yn de finale kommen wie mar doe dudlik belies jaan moast.
lês fierder op: www.jacobklaver.nl

ferslach: Popke van der Zee foto's: Jolt van der Veen

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers