contact zoeken wedstrijden

Pupillen Door elkaar loten

20 juni 2015 10:00
Hartwerd
Categorie Pupillenmeisjes REGIO
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV SPUI YN'E WANT
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris A. Duiven
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

It waar wjirre hielendal mei. Krekt foar tsienen noch in bui, dernei droech en foar de jeugd geweldich keatswaar. In handoek oer de banken en los. It hiele keatsfjild fan Hartwert fol mei perken, foar eltse kategory in skiedsrjochter, op de foar en opslachlinen in frijwilliger en in koördinator dy’t de gong der goed yn hie. De lêste slach foel dan ek op 15.15 oere.
By de pupillen jonges mar leafst 10 petoer. De earste omloop wie wat iensidich mar letter kaam feral yn de winnersrunte de spanning der wat yn. Feral yn de finale. Dietmer en Auke gongen goed fan start en stiene d’r mei 5-3 en 6-6 goed foar. Mar troch de bal foar it perk te bringen waard it 5-4 . Yoram en Jetse kamen goed werop en mei alles oan’e hang moast Dietmer wer opslaan. Hy hie it goed yn’t snotsje: die bal moat djip efteryn. Spitichernoch foel de bal krekt op’e kwealine.
1e priis winners: Yoram Elzinga, Bolsward en Jetse Hofstra, Nijland
2e priis winners: Dietmer Kuperus, Bolsward en Auke Alkema, Bolsward
3e priis winners: Sil Nota, Workum en Jens de Witte, Exmorra
1e priis ferliezers: Jari Visser, Witmarsum en Pieter Breeuwsma, Nijland
2e priis ferliezers: Jarno Feenstra, Exmorra en Iwan Boersma, Workum

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers