contact zoeken wedstrijden

Lytse PC Heren 1e klasse Vrije formatie Onbep

12 september 2015 10:00
Mantgum
Categorie Heren 1e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF JACOB KLAVER
Scheidsrechter Veen, v.d. F.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

65ste Lytse PC: Oer in King(ma) dy’t Kening waard
Doe’t de skriuwer fan dit ferslach healwei de dei in rûntsje om it fjild makke, kaam er Tonny de Vries fan Winsum (eartiids Boalsert) tsjin. De Vries fertelle dat it folgend jier 50 jier lyn is dat er yn Mantgum út in list fan 56 partoer de priis wûn. ‘Kom dêr no noch mar ris om! It is in oanfluiting foar it bestjoer sa’n lyts bytsje oanjefte en dan ek noch in nust keatsers dy’t om wat foar reden dan ek, harren ôfmelde. Dat moasten se yn ús tiid net flikke,’ sa sei er. Dêr rêdden wy ús sels mei. Fan dy 56 partoer yn ’66 wie net ien dy’t ‘m ôfmeldt hie.’
Tsja, sokke petearen meitsje it sin der net better op as je de dielnimmerslist ûnder eagen krigen. Sechtsjin partoer wêrfan ek nochris tolve keatsers (in kwart fan de opjefte) harren ôfmelde. It fielde as in slach yn it gesicht fan de keatsferiening dy’t mei in prizepot fan fier oer de 1000,-- euro en in muzikale neisit, elk jier alle war docht om de leste partij fan it jier foar de earste klasse oantreklik te meitsjen. De koppen sille by elkoar moatte om te sjen as de Lytse PC yn dizze opset noch wol libbensfetber is.
In keninklike wei nei de finale
In wike lyn waard Enno Kingma op de jierlikse merkepartij yn Reduzum ferkeazen ta kening fan de partij. En dat selde slagge him ek op de Lytse PC yn Mantgum. Syn partoer krige oer fjouwer partijen mar acht earsten tsjin. Enno sloech de hiele dei geweldich op. Hy hie fariaasje yn syn opslach en hie mar in lyts bytsje missers. Tel dêr by op dat er yn it perk twa maten hie dy’t mei regelmaat de boppe fine koenen en ek fierder goed spel sjen lieten, dan is it sukses ferklearre. De earste partij hienen se net alle folle te stellen mei Arnold Zijlstra, Tsjerk Elsinga en Roel Hoekstra, (5-2 en 6-4). Ek de twadde partij tsjin Johan Diertens, Hillebrand Visser en de op it lêste momint byfrege Mantgumer Sjirk Gjalt de Groot wie in walk-over, 5-1 en 6-6.
De measte tsjinpartij krigen se yn de heale finale fan it trio Bauke Triemstra, Patrick Scheepstra en balkearder Jan van der Schoot. Bauke en Patrick moasten it wurk tegearre dwaan en dat hâlden se ek lang fol. Mar doe’t op fjouwer earsten gelyk nei in ynhelle efterstân fan 6-0 op 6-6 dochs it earst ferlern gie, wie it dien mei de mannen. Op 5-4 en 6-4 sloech Jouke Bosje de bal fier oer de boppe.

It partoer fan de ‘âldtsjes’ Chris Wassenaar, Tjitte Bonnema en Arie den Breejen wie fansels net nei Mantgum kommen as listfolling. Se woenen noch wolris wat sjen litte fan datjinge wat se noch net ferleard wienen. En dat wie net mislik. Arie sloech in tal ballen dýt him yn it efterperk einliks ‘oer’ wienen, dochs fier oer de boppe. En Chris Wassenaar stelde de measte perkspilers foar grutte problemen mei syn noch altiten ferwoestende opslach. En ek Tjitte Bonnema wie foaryn gjin bal fertrout. Se makken mei 5-2 en 6-4 koarte meppen mei it dochs net swakke partoer fan Jan Schurer (kening 2013), Kees van der Schoot (winner 2014) en Dirk-Yde Sjaarda. It duo Haye Jan Nicolai en Gosse Beeksma tsjinne as opwaarmerke en koe mei in skjinne telegraaf ûnder de brûs. Mear tsjinstân mocht ferwachte wurde fan Menno van Swieten (kening 2014), Pier Piersma (kening 2008) en it jonge talint Laas Pieter van Straten. De beslissing foel op 4-2 en 6-6 doe’t Chris Wassenaar in kanonskûgel ôffjoerde dêr’t it perk gjin antwurd op hie. It ein kaam op 5-2 en 6-4 doe’t Tjitte Bonnema kearde foar de keats.

Oer in finale dy’t gjin finale waard
De finale krige dêrmei de partij dy’t op foarhân min of mear ferwachte wurde koe. In finale fan âld tsjin jong, fan erfaring tsjin talint. En lit no krekt dy erfaring de ‘âlde krigers’ de das om dwaan. Want it brekpunt yn de partij lei op 3-1 en 6-6 doe’t Arie den Breejen flak by de sydline, de bal wol foar de keats kearde, mar ta syn ferbjustering ek seach dat de bal krekt bûten it fjild bedarre. De bal wie kwea en it waard gjin oanslúting nei 3-2 mar in grutter gat nei 4-1. Doe’t ek Chris dêrnei in pear kear de rjochting kwyt wie mei syn opslach, wie it pleit gau beslikke. Op 5-1 en 6-6 makke Enno Kingma, sa’t in kening betaamt, de partij mei in sitbal út. En dêrmei krige de 65ste Lytse PC in kening dy’t net misstiet yn de yllústere rige fan syn foargongers.
En fierder...
Dat keningskip foar Enno wie benammen moai foar syn pake Herre Kingma dy’t foar syn trouwe oanwêzigens by de keatserij troch de keatsers útroppen waard ta supporter fan it jier en de ‘Janse Skaal’ op de skoarstienmantel sette mei. Skiedsrjochter Fokke van der Veen waard út namme fan syn kollega’s troch Durk Houtsma jr. yn it sintsje setten. Foar Van der Veen dy’t sa’n 25 jier skiedsrjochter west hat, wie dit syn lêste offisjele partij.
Theo Kuipers

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers