contact zoeken wedstrijden

Heren 1e klasse Vrije formatie Onbep

9 augustus 2015 11:00
Easterein
Categorie Heren 1e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Wierstra, D.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Mei inkele wizigings op de list hjoed by de f.f. partij senioaren 1e klasse én in wantenkeuring sûnder gefolgen koene we om 11 oere los gean, yn in prachtige ambiance en ûnder goede waarsomstannichheden op Sportpark De Skoalleseize yn Easterein.

De 1e en 2e list ferrûnen flot. Op de 3e list kamen de folgende partoeren mekoar tsjin;
Marten Bergsma, Jacob Klaas Haitsma, Willem Heeringa (yn 2e omloop de ferfanger fan de ôfwêzige Lennart Adema) tsjin Jelle Attema, Erik Haitsma en Sjoerd de Jong. Marten c.s. wûn mei 5-2/6-6.
Pieter van Althuis, Pieter van der Schoot en de ferfanger fan Jan Hospes; Evert Pieter Tolsma ferlearen nei in tige spannende partij fan it Eastereinder partoer Dirk-Yde Sjaarda, Jan Schurer en Bauke Dijkstra mei alles oan de hang. Dizze partij waard beeindige troch in moaie trick-track wêrby Jan Schurer de bal werom sloech oer de perken hinne.
Gosse Beeksma, Johannes van der Veen (ferfanger fan Sip Jaap Bos) en Jelle Jaap Stiemsma hiene in steand nûmer op de 3e list.

De heale finale gie tusken Gosse Beeksma c.s. en Marten Bergsma c.s., hjiryn waard it 5-2/6-2 foar Marten Bergsma c.s.
Dirk-Yde Sjaarda c.s. hiene in steand nûmer op de 4e list.

Om 17 oere gie de finale los tusken Dirk-Yde Sjaarda c.s. en Marten Bergsma c.s.. Mei in soad earsten op 6 gelyk rûnen Marten Bergsma c.s. út nei in foarsprong fan 5-3. Nei goed op -en útslachwurk fan Dirk-Yde Sjaarda c.s. kamen se werom tot 5-5 en namen sels in foarsprong fan 6-2 yn it lêste earst. Toch waard it 6 gelyk, waard der noch in keats slein, mar troch in bûtenslach fan de pleatselike favorieten lutsen Marten Bergsma c.s. aan it langste ein en gongen sy mei de krânsen nei hûs.

1e priis
Marten Bergsma, Minnertsgea
Jacob Klaas Haitsma, Wommels
Willem Heeringa, Tsjummearum

2e priis
Dirk-Yde Sjaarda, Easterein
Jan Schurer, Easterein
Bauke Dijkstra, Easterein

3e priis
Gosse Beeksma, Koarnjum
Johannes van der Veen, Pitersbierrum
Jelle Jaap Stiemsma, Ljussens

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers