contact zoeken wedstrijden

Dames Hoofdklasse Door elkaar loten 8 partuur

24 mei 2015 12:00
Jorwert
Categorie Dames Hoofdklasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV HALD MOED
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De tradisjonele haadklasse froulju partij op pinkstersnein is wûn troch it partoer fan Nieke Wateler, Feikje Bouwhuis en Marrit Zeinstra. Yn de finale like it der op dat Nynke Sijbrandy, Leonie van der Graaf en Geke de Boer de bêste papieren hiene. Se pakten in foarsprong fan 4-1. Mar Nieke Wateler cs. fochten har werom yn de wedstryd en wûnen 3 earsten op rige. It 9e earst gong wer nei Nynke Sijbrandy cs, en op 4-5 en 4-6 krigen sy sels in 'matchpoint'. Dat wisten se net te fersulverjen en Nieke Wateler cs. pakten dat earst. Op 5-5 en 6-2 slacht Marrit Zeinstra, dy't de hiele dei al hiel goed keatst hie, prachtich boppe en dêrmei wie de sulveren keatswant - de wikselpriis - ferrassend foar Nieke Wateler, Feikje Bouwhuis en Marrit Zeinstra. De tredde priis wie foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Marte Altenbrug en Manon Scheepstra.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers