contact zoeken wedstrijden

Junioren Jong Feinte afd J F

23 juli 2014 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Jong Feinte
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Hiemstra, S.
Sieperda, J.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Lustrumedysje Jong-Feinte Partij 2014

Op woansdei 23 july waard de Jong-Feinte Partij foar de tsiende kear organisearre. Yn 2005 is dizze partij ûntstien foar junioaren fan 17-22 jier. Dit jier wie der foar it earst gjin leeftiidsgrins en stiene der sels skoaljonges op ‘e list. Net foar neat wurdt de Jong-Feinte it ‘poadium foar jong talint’ neamd.

Mei in rekord oantal partoeren, mar leafst 28, gong it los om 11.00 oere. De earste list wie dien om 13.15 oere en it wie in list mei spannende en minder spannende partijen. Op de twadde list in klapper tusken Frjentsjer en de earste priiswinners fan de foarige edysje: St. Anne. It waard spannend en op 5-5 6-6 wist St. Anne de bal net tusken de linen te krijen en gie Frjentsjer troch nei de tredde list.

Frjentsjer is dêrnei de earste heale finalist wannear sy winne fan Wjelsryp en ek Seisbierrum-Pietersbierum en Sint Jabik geane troch foar de prizen. Peins hat op dizze list in steand nûmer. Yn de heale finale liket Frjentsjer gjin muoite te hawwen mei Peins, mar Peins bliuwt it probearjen. Menno van Zwieten keatst foar Peins mei twa skoaljonges (Wessel van Wier en Jolt Vollema) en moatte it úteinlik dwaan mei in tredde priis as se ferlieze mei 2-5 4-6.

Sint Jabik, mei Kingma oan de opslach en Poortstra en Triemstra yn it perk, nimt yn de oare heale finale de oerhân en makket samar 1-3. Seisbierrum-Pietersbierum, de twadde priiswinners fan de 9e edysje, litte it der net by sitte en komme werom oant fjouwer earsten gelyk. Se pakke ek as earste it fiifde buordsje en nei in pear bûtenslaggen fan Sint Jabik en in boppeslach fan Jelte Visser is Seisbierrum-Pietersbierum finalist.

Frjentsjer mei de keatsers Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Jan Schurer nimme it op tsjin Seisbierrum-Pietersbierum mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser.

Frjentsjer begjint ûntspannen oan de partij en bringt stadichoan de earste twa buordsjes binnen. Se komme letter yn ‘e wedstriid noch fierder foar wannear Johannes van der Veen de bal foar slacht op 3-2 6-2. Op in stân fan 5-3 6-6 is dêr de earste kâns foar Frjentsjer om it út te meitsjen, mar de bal giet bûten. dêrnei in rap earst en de spanning is wer werom: fiif earsten gelyk.

Yn it lêste earst komme der twa keatsen en op 5-5 2-2 pakke beide partoeren ien. Nei in boppeslach fan Kees van der Schoot en in sitbal fan Jan Schurer wurdt it alles oan ‘e hang. Frjentsjer bringt de bal op dizze stân krekt bûten de linen en wint dêrmei de twadde priis. Nei in twadde priis foarich jier, binne de krânsen dizze kear foar Seisbierrum-Pietersbierum!
.

1. Seisbierrum-Pietersbierrum (Johannes vd Veen, Kees vd Schoot, Jelte Visser)
2. Frjentsjer (Djurre Seerden, Allard Hoekstra, Jan Schurer)
3. St Jabik 1 (Enno Kingma, Bauke Triemstra, Rick Poortstra)
3. Peins (Wessel van Wier, Jolt Vollema, Menno van Zwieten)

Foto's: Anke Marije Pompstra en Henk Bootsma Fotografie

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers