Overslaan en naar de inhoud gaan

Keatsen as ‘hân en hert’ yn Jubileumboek In nije dei

Keatsen as ‘hân en hert’ yn Jubileumboek In nije dei

Tekst: Rynk Bosma

Foto's: OKK

En op ‘e nij doart Oefening Kweekt Kunst (OKK) fan Bitgum bûten de lijntsjes te kleurjen as keatsferiening. Sûnt 1995 sitte KV Reitsje Him (CFK) en OKK ûnder ien paraplu. Fansels, der binne wol mear keatsferieningen dy’t 125 jier besteane en dat bestean oan it papier tabetroud ha. Mar allinnich Bitgum hat no in eigen partoer oan jubileumboeken mei it jubileumboek In nije dei: de slach fan 1995-2025.

Yn 1995 kaam it boek Tusken Gripe & Telegraaf 1895-1995 út. Yn 2013 kaam 100 jaar Gripe in Bitgum 1913-2013 út. En no dus sûnt 12 desimber 2025 is it partoer kompleet mei it boek In nije dei de slach fan 1995-2025. Mei tank oan Martsje de Jong is it boek hielendal yn ‘e taal fan it keatsen skreaun. It Frysk dus en dat betsjut dat dit ferhaal dêr net by efterbliuwe kin. Mar dit jubileumboek is ek hiel oars op in oar mêd. It eigen ferline fan tritich jier wurdt foarm jûn mei in kuier troch de ‘wandelgangen’ fan in keatsferiening. Lústerje nei it klopjende hert fan in keatsferiening mei minsken oan it wurd dy’t ornaris wei wurde yn it grutte gehiel.

Dat betsjut fansels net dat de keatsers fan eigen feriening wei wurde. It begjint mei in prachtige aksjefoto yn swart en wyt fan André Kuipers en oan de ein wurdt it boek ôfsletten mei in al krekt like moaie aksjefoto fan Tjisse Steenstra. In kar foar twa keatsers dy’t hikke en tein binne yn Bitgum of Bitgumermole. Keatsers dy’t yn ‘e lêste tritich jier ien of mear kear de PC wûn ha. Twa keatsers dy’t altiten dreaun ha op in grut eigen talint, mar benammen Tjisse wit dat de blom fan talint dea giet as hy gjin wetter krijt. En dat wetter hat de namme hurd wurkje en trene.

Mar Bitgum telt mear keatsers fan namme, mar dy binne allegearre letter yn Bitgum te wenjen kaam, lykas Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra, Hans Wassenaar en Kor Zittema. Doe’t ‘ledekeatser’ Steven Koster de Bond wûn yn 2017 foar OKK, sei Hans: ‘As dit it nivo is fan de ledekeatsers yn Bitgum, dan kom ik yn Bitgum wenjen.’

Sûnder begjin gjin ein kinne je ek sizze fan de twa mannen dy’t tige wichtich west binne foar it bouwurk OKK. En dan ha wy it oer Johannes Hartman van Aisma en Marten de Vries. Sûnt 1965 is de saneamde beskermhear feroare yn in stifting. In sekere P. Miedema wie de lêste beskermhear. Mei it foarmjen fan in stifting waard de Johannes Hartman van Aisma Stichting in beskermfrou en is dat ‘by wize fan sprekken’ noch altiten.

‘By wize fan sprekken’ wie de siswize fan Marten Willems de Vries en hy wie foarsitter fan Stichting ‘Ons Huis’. Nei syn ferstjerren yn 2020 waard de Stichting M. S. de Vries oprjochte. It fermogen wat hy neiliet wie bedoeld foar de trije doarpen Bitgum, Ingelum en Bitgumermole en is dat ‘by wize fan sprekken’ noch altiten om Marten noch in lêste kear te sitearjen. 

‘Der is neat mear oan: neat mear te dwaan'

Under de foarsitters is Ids Hellinga as foarsitter fan de PC de útsûndering, krekt lykas Johannes Westra dat ek wie. Ids is trouwens in útsûndering dy’t hikke en tein is yn Ingelum. Mar nim no de foarsitters fan in keatsklup, yn it ferline kamen se heechút yn in rychje achter yn in jubileumboek terjochte mei de jiertallen fan harren foarsitterskip der by. Yn dit boek meie se allegearre wat sizze oer harren tiid. En dat jildt ek foar de frijwilligers dy’t dat dwaan meie oer harren tiid fan doe en no. En wat te tinken fan de dei dat je foarsitter ôf binne en as ‘gewoan’ leafhawwer nei de Van Aismadei geane: ‘Der is neat mear oan: neat mear te dwaan’.

Yn bestjoerslân wie de opkomst fan de ferskate kommisjes miskien wol ien fan de grutste feroaringen en de rêdingsbân dy’t it frijwilligerswurk driuwende hâlde en hâldt. In foarm fan ‘delegeren’ fan de bestjoersleden oan minsken dy’t graach wat dwaan woenen mar harren net bine woenen oan in funksje yn in bestjoer. En yn Bitgum wie fansels de ynstelde ‘opboudei’ foar de Van Aismadagen neffens de foarsitters in ‘gouden greep’.

Hast 45 jier nei’t Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma yn 1970 foar it earst de hynders of fôlen wûnen wie it yn 2015 dien mei dy prizen, sa like it. Der mocht neffens de wet net mear om ‘levende have’ keatst wurde. Fia in achterdoar bleaunen de prizen wol stean want der waard no keatst om ‘it rjocht op in earste keap’ fan de fôlen.

Leon Wijning: ‘Better wurde begjint altiten by je sels’ 

Tige nijsgjirrich is fansels wat der mei dy prizen barde en dêr stiet it jubileumboek ek by stil. In moai ferhaal wie dat doe’t Klaas van Wieren dy fôle wûn hy tagelyk ek in nije namme hie foar de nije kroech dy’t hy doe iepene: The Black Horse. Tink dat dit twadde swarte hynder Klaas mear oplevere hat as it earste. Ferkeapje wie meastentiids it motto, sa hie Sake Porte in muoike dy’t de fôlen kocht fan Rinse Bleeker en Thomas van der Meer. Beide keatsers waarden ferneamd want de fôlen hieten Rinse en Thomas. 

Wat fytsen as prizen oanbelanget wie it betiden wat mear risiko, sa fertelt Sake Porte. Hy ferkocht de fyts fan Bitgum oan in man fan Ferwert dy’t him ophelle fan Froubuorren. Mar earst efkes oan by kafee De Molen fansels. De fyts fûn syn Waterloo neist de dyk by Alde Leie, dwerstroch, gelokkich waard de keaper troch syn frou ophelle.

It haadstik ‘7 keatsers 21 slaggen’ is prachtich betocht en de trije slaggen wurde elk beneamd. Slach 1. Oarsprong; Slach 2. Kearnmomint en Slach 3. Wat bleau. It eigen ferhaal fertelle yn in saneamde trijepas. Mei ek it ferhaal fan ‘ledekeatser’ Steven Koster dy’t yn 2017 frege waard troch Johan van der Meulen en Tjisse Steenstra om yn it foarperk te stean. Hy wie doe 37 jier âld, mei winst op de Bond kaam in dream út dy’t net foar elk weilein is. De grutste wiisheid kaam yn dy rubryk fan Leon Wijning mei syn útspraak ‘Better wurde begjint altiten by je sels’. 

 ‘De sinne is moarn wer frij om heech te gean’

De twa skriuwsters fan dit jubileumboek binne Janna de Groot-Van der Schaaf en Manon Draisma-Van der Wal mei tal fan gastskriuwers. Folkert van der Wei mei fertelle oer syn ‘dream op fjouwer poaten’, Ate de Jong dreamt fan in Tjissestrjitte yn syn bydrage as ‘fan’ fan Tjisse dy’t earne oars hiel terjochte noch mear omtinken krijt. 

Mar de basis fan it boek is fjirtich jier perken lizze, sa as Klaas Larooi, de yn 2020 ferstoarne Corrie Veenstra dy’t de blommen wetter jout op de Van Aismadei, it keatsen by OKK as in puzzel fan tûzen stikjes dy’t allegearre yn elkoar passe. En al dy stikjes soargje al hiel lang foar prachtige keatspartijen en oare wille. 

 ‘De sinne is moarn wer frij om heech te gean’, sa skriuwe Janna en Manon yn harren neiwurd. De titel fan it boek is liend fan it nûmer fan de Kast. Dy sjonge 'Ik jou dy myn hân, ik jou dy myn hert'.  Sy jouwe mei dit boek ‘harren hân en hert’ oan alle keatsleafhawwers fan OKK. 'Op nei de slach fan in nije dei', hiel tapaslik sa oan it ein fan it jier.