Der wêze
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
It is it gefoel fan de lêste slingers ophingje wylst de jierdei eins al foarby is. En dan moatte je dy lêste slingers ek noch betider ophingje. Want sûnt moandei 1 septimber moat it pakje mei wurden om 19.00 oere besoarge wêze. Op it Nijlân yn Huzum hearre je yn ‘e fierte noch de klanken fan de eufory fan in dei earder op it Saailân. It WK muorrekeatsen mei de suskes Hiske en Marrit as de keninginnes fan de muorre. Tiid foar in elegante polonêze rûnom it Gerjochtsgebou mei as einstasjon Het Wapen van Friesland.
Dan treffe je it as ‘Onderling Genoegen’ net. De feesttaart ferdield en dan noch in partij op it Nijlân. It kaam kwa tiid sa út dat it ‘genoegen’ sa let yn it keatsjier is. Dat alles nimt net wei dat it altiten in ‘genoegen’ is om dêr te wêzen. Wylst je allinnich yn in partytinte sitte om in strik te knoopjen om it pakje wurden, komt der fjouwer kear yn in oere tiid ien fan ‘Onderling Genoegen’ lâns om te freegjen of der ek noch wat wêze moat. It ‘genoegen’ dat je wolkom binne, de waarmte fan it platte Ljouwerters fan in Fokke Pander dy’t ek noch even del kaam.
De soan fan Jaap Pander, as keatser winner fan de Bond fan 1960 en 1963, tredde prizen op de PC. Letter wichtich as skiedsrjochter by de KNKB. As keatstrener wie Jaap syn tiid foarút, hy joech al yn 1959 de earste treningen yn de feilinghal fan Berltsum.
Eins is it wat nuver om OG Huizum om tôgjen te sjen mei de earste blêden fan de hjerst. Yn oare jierren hat OG altiten healweis july syn partij mei aansens LKC as de feriening dy’t de hjerst oankundigje mei. De hjerst past net by Huzum, foar ien kear mei it sa as yn dit jier doe’t it net oars koe. Oan de oare kant hie Huzum altiten wol in lêste partij yn in tiid dat de klok al oktober oanjoech. Mei prizen dy’t neat kostten, sjou noch altiten de wask yn in goedkeap plestik krat nei de line ta.
Je hearre dan noch efkes de stim fan Jan út de Wâlden op de eftergrûn dy’t dan nei ôfrin in lytse 200 prizen der troch hinne jage. Dus ‘waardeloze’ prizen as je it yn sinten útdrukke, kinne wol deeglik fan wearde wêze. Want it giet net om de priis, mar om je eigen libben fan doe en de priis leit dan as in lauwertakke om dy priis hinne. Dy hâldt dat stikje libben by elkoar.
Hessel siet nei ôfrin noch altiten oan de kola sa as hy dat ek al siet by de earste kear dat hy in krânse wûn op de haadklasse. As ynfaller foar Jacob Wassenaar, as it my net mist. En Jacob wie dan wer de ynfaller foar Dylan Drent by Marten en Hendrik. Marten wie ek dizze kear de man mei de krânse om de nekke. Yn prinsipe wie dat partoer mei Dylan en Hendrik in blom dy’t yn ‘e knop brutsen waard. It sterkste partoer yn de formaasje as it der op oankaam mei Dylan yn de rol fan Hessel.
As der dit jier ien sitaat fan tapassing is op ús Dylan, dan is it wol dit: ‘As it in kear net rint, dan is it dyn taak om it partoer by elkoar te hâlden, sa sei ús trener Thomas van der Meer tsjin my.’ Dat sei Hessel yn Huzum en as der ien rjocht fan praten hie hjir oer, dan wie dat wol Thomas. De ‘stille kracht’ fan it partoer mei opslagger Erik Seerden en foarynse Rinse Bleeker. Trije kear efter elkoar yn 1991, 1992 en 1993 de PC winne. Thomas tusken de twa ‘macho’s’ Rinse en Erik yn om it sa mar efkes út te drukken. Moat der by sizze, dat je ‘macho’ wêze meie op in keatsfjild want faak striele je dan ek út dat je winne wolle.
Dylan wie yn 2021 de mentale foarynse dy’t it partoer by elkoar hâlde. Hy wûn yn dat jier ek it klassemint. Marten wie twadde yn dat klassemint en Hendrik wie fjirde. De mentale motor wie Dylan dus. It skarnier dy’t in partoer draaie liet, de keatser dy’t mei oalje it draaimechanisme fan de doar nei de krânsen soepel hâlde. Op de PC fan dit jier fertelde Dylan dat hy hopet it oare jier wer op it fjild te stean.
Litte wy it hoopje, want wy misse de slingers dy’t Dylan altiten meinimt op it keatsfjild. Altiten fleurich en wat dat oanbelanget liket hy op Hessel dy’t wat minder praat as Dylan. De hjerst hat sa te sjen yn Huzum gjin greep op Hessel, noch altiten like grien en fris. No makket winnen in keatser ek griener as oars, dan rinne je oer it fjild ‘on the wings of a bird’ om even in tekst fan in popferske te brûken. Ien dy’t wint is altiten rojaal oer de oaren, Marten en Hessel wienen dat ek.
‘Mannen ha goed keatst, Gerben wie de hiele dei geweldich goed. Nee alle kompliminten foar de mannen yn it grien’, sa sei Marten en Hessel hie it al earder sein. Mei de krânse om de nekke even de slingers oer de skouders fan de ferliezers lizze. Dat is ek de magy fan winnen, ek al is de jierdei fan it keatsen hast ferline wurden.
Litte wy dus tusken de earste feale blêden fan de hjerst sjen nei de koweblommen fan it oare jier. Hoopje dat Dylan syn Harnzer slingers wer meinimt nei it fjild. Hoopje dat it foar alle minsken dy’t fan keatsen hâlde takom jier wer in ‘onderling genoegen’ wurdt om op it fjild te wêzen. It libben lykas op de foto, Jannie Iseger mei in koweblomke op de skurte. En dan makket it neat út wa’t it wint of ferliest. Want der wêze is wichtiger as winne.