Overslaan en naar de inhoud gaan

De Aldehou

De Aldehou

Tekst en foto: Rynk Bosma

De Aldehou yn Ljouwert is lykas de sinne flak boppe de kimen oan de ein fan de dei. De faak reade kleur jout oan dat it tiid wurdt foar dy sinne om him del te jaan. In hiel jier simmer mei blauwe loften en hege temperatueren is ek mar neat. De Aldehou hat de sjarme fan foarby, fan de ein fan in jier keatsen.  

Seach Johannes van der Veen, Pieter en Kees van der Schoot as keatsers op de foto dy’t nei dit jier net mear yn aksje komme. Ek Mark Minnesma stie spitigernôch yn dat rychje, mar dat is in haadstik apart wêr’t hjir al earder oer skreaun is. Dy oare trije wienen eins stadich út it byld gliden en sil sels benammen Pieter misse. Yn hannel in talint, mar op it keatsfjild ek in apart man dy’t eins net stikken koe by my.

De keatser dy’t op it fuotbalfjild as spits mei in 4-0 foarsprong twa meter bûten eigen strafskopgebiet tsjin read oanrûn. En dat al yn ‘e earste helte. Spitich dat se ophâlde en dat jildt ek foar Kees. Kees hie it talint op de ferkearde mominten wat te sizzen tsjin de tsjinstanners. Net handich, wol grappich en hy hat in hiel skoft selsskip hân fan Hans.

Kees en Pieter sitte al jierren yn ‘e hannel en dienen it keatsen der wat by en dat is net genôch fansels om de PC te winnen. Want je moattte der tsjintwurdich wat foar dwaan om yn ‘e top mei te draaien. En dy top wie dus dit jier foar it lêst op Sonnenborgh te sjen. 

As ien ding opfoel op de Aldehou, dan wie dat wol it geweldige keatsen fan Gabe-Jan. Ha hjir earder oer him op in wat oare wize skreaun, mar de ‘blonde pijl’ wie sa’t se dat neame back yn town. Sawol op ‘e boppe as yn de krite. Ek in folwoeksen Gabe-Jan, dy’t ea in bytsje skruten de sinten telde yn ‘e klaaikeamer fan LKC nei syn earste winst. Mei in Durk Gjaltema dy’t him foar de gek hâlde troch te sizzen: ‘Witst dat de shirtsjewasker ek altiten in diel fan dy sinten krijt?’

De Aldehou as de sinne dy’t plak makket foar hjerst en winter. De Aldehou as ein fan in jier dat ek syn nuodlike kanten hat. Want it is behelpen by de froulju, mar ek by de manlju mei it oanstoarmjernd talint dat yn ‘e wachtkeamer sit. It is in hast lege wachtkeamer, sa kinne je wat somber sizze. Sjoch net sa gau keatsers dy’t it yn har ha om aansens op de troan te kommen. Teminsten as wy Jan Bandstra en Johan by de ‘gevestigde orde’ rekkenje.

Mar ek in jier wêr’t wol it ien en oar oer te fertellen falt. Der stie in moai ferhaal yn de Ljouwerter Krante oer Dirk Wiersma fan Grou. Wie it yn alles mei him iens en moat krekt lykas Dirk sizze: ik ha genoaten dit jier, ek al gienen de krânsen lange tiid mar nei trije adressen. Mar it wie ek in jier fan rekôrs, in jier wêryn skiednis skreaun waard. Nuver genôch wurdt dat no just net ferteld. Teminsten kom it nearne tsjin. 

Yn elts gefal binne der twa rekôrs út de boeken skreaun en as wy fan Johan Span efkes in útsûndering meitsje, dan is dêr net folle oer skreaun. It tal keningstitels en it tal oerwinningen yn ien jier ha no nije sifers krigen. En it tal punten fan 75 punten en nûmer twa mei 71 punten is ek bysûnder. 

Klaas van Wieren kaam mei 58 punten yn 1970 yn ‘e buert fan de 60 punten. Hast in rekôr doe. Want yn de hiele skiednis fan it puntenklassemint hellen de jierlikse winners tusken de 30 en 50, heechút in lytse 50 punten. Taede Zijlstra siet geregeldwei boppe de 50 mar Taede hie op in oare wize as Klaas Kuiken de beurs mei. Ek Ids Jousma, Johan Jansen en Hotze Schuil hellen betiden mear as 50 punten en dat wienen net de minste nammen. Allegearre gienen se in pear punten of mear oer de 50 hinne. 

Allinne Klaas Kuiken helle 100 jier lyn yn 1926 62 punten, in rekôr doe dat yn 1970 noch altiten stie. Mar dizze Klaas hie doe ek op in oare wize wol altiten de beurs mei fansels. Foar de jongerein: hy kocht partijen lykas Taede partijen ferkocht. It wie de tiid fan de breakeatsers. Yn 1924 stie Taede op it twadde plak wat sinten oanbelanget. Hy fertsjinne doe f 215,- gûne en allinnich Michiel Miedema hie mei f 218,- trije gûne mear. En dan rekkenje wy de sulveren wandelbal, de sulveren en gouden medaljes mar net mei. Michiel wûn doe it puntenklassemint mei 31 punten, Taede wie tredde mei 29 punten.

Nei 1970 wienen it hast altiten mear as 50 punten en yn 1976 gie Wijbren van Wieren oer de grins fan 60 punten. Tusken 1976 en 1981 wienen it elk jier mear as 60 punten. Yn 1979 waard Sake Saakstra de nije rekôrhâlder mei 65 punten. De nije grinzen waarden yn de jierren tusken 1981 en 1986 lutsen. Earst Johannes Brandsma yn 1981 mei 77 punten, in jier letter 98 punten en dat rekôr sil nea wer ferbrutsen wurde. Yn 1983 helle De Brand 80 punten en Piet Jetze gie dêr yn 1984 trije punten oerhinne. 

Nei twa kear Tunno as winner mei 70 en 71 punten is der nea wer ien yn ‘e buert fan de 70 punten of mear kaam. Behalve dus Chris yn 2005. Dy helle doe 80 punten, in útsûndering. Troch it ferskillende tal wedstriden fan doe en no lit it him mar muoilik te fergelykjen. Tjisse hat 75 punten helle, Rick stiet op 71 punten. It klassemint wat tal punten oanbelanget sjocht der dan as folgt út. 1. Johannes Brandsma 98 pnt.; 2. Piet Jetze Faber 83 pnt.; 3. Johannes Brandsma en Chris Wassenaar 80 pnt.; 4. Johannes Brandsma 77 pnt; 5. Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma 76 pnt.; 6. Tjisse Steenstra 75 pnt.; 7. Tunno Schurer en Rick Minnesma 71 pnt.

Wat tal earste prizen oanbelanget sjocht de list der wer even oars út. Earste fansels Johannes mei 29 earste prizen. Twadde Tjisse mei 24 earste prizen, twa mear as De Brand yn 1981 en 1983, en Piet Jetze yn 1984. Dat betsjut dat Rick yn it rychje fan 22 earste prizen stiet. Ien mear as de 21 fan Chris yn 2005. En dan litte wy it tal keningsprizen yn ien jier mar gewurde. 

De Aldehou dus as de sinne dy’t efter de kimen ferdwynt. Ate dichtte al: Weemoed heart by de Aldehou, it makket ús wat mankélyk. Mar it is ek goed dat de hjerst de mantel fan hurde wyn, fallende blêden en rein oer ús hinne leit. En dêrnei de winter mei in kleed fan snie en froast. En dan mar hoopje dat mantel en kleed yn benammen sûnens yn maaie 2027 wer de kast yn kin. Want foar keatsen en minsken jildt faak it selde: je misse it pas as it der net mear is.