Unsichtber
Litte wy efkes it stúsjekoaren pak fan de duvel oanlûke. En oan de ein dochs ynwikselje foar de toga fan in abbekaat (advokaat). De waarsfoarsizzingen seinen dat it Marsum yn ‘e rein wurde soe tidens de Gebroeders Van Wieren Partij. De rein wie der net, mar der wienen wol mear net yn Marsum. De oanlieding lei eins foar it opskeppen om der wol te wêzen. It lêste optreden fan it keningspartoer fan Menno van Zwieten en as je sjogge nei de prestaasjes fan dit keatsjier, dan wie dat wol wat omtinken wurdich.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Aldjiersoertinking
It Friesch Deiblêd hat jierren lyn út needsaak de sport de doar útdien. Om’t it keatsen in ‘Frysk eigen’ sport is, is besletten om foar dy sport wol romte te hâlden ek al is it op in snein sûnder rein kwa tiid betiden wol krap. Jout neat, bin tankber dat it sa kin. Want dat alles bleaut sa as it is, is net sa fanselssprekkend mear. Wat dat oanbelanget koe it best ris de lêste Marsumer merke wêze want KV Foarút giet just achterút. It stiet hast op omfallen, gjin minsken of te min minsken foar in keatsbestjoer. Mei oare wurden, Marsum yn ‘e rein dizze winter.
En hjir komt it stúsjekoaren pak fan de duvel út de kast. It yn sifers bêste partoer ea keatst syn lêste partij, it bastion fan de Van Wierens stiet op ynstoarten. It Frysk eigene yn ‘e rein. Wylst Omrop Fryslân bestiet mei tank oan dat Frysk eigene lykas skûtsjesilen, fierljeppen en keatsen wie der gjin mins fan de Omrop te sjen yn Marsum. Stiet en falt dan alles mei de fakânsjes fan Geert van Tuinen, sa freget de duvel him ôf.
Mar der is mear. Eachkleppen fan nap en bal even oan kant. Hear fan fuotballeafhawwers dat sy geregeldwei sjogge nei RTV Oost om’t dizze omrop in soad omtinken jout oan it amateurfuotbal mei wedstriidbylden. Dat is by de Omrop fuortstoppe achter de klupkleuren fan SC Cambuur en Heerenveen. Net de Lange Leegte fan Veendam, mar de Grutte Leegte fan de regio. In stikje fan 250 wurden oer wat de amateurs dien ha. De duvel seit dan: de Omrop is net oprjochte om mei te dwaan mei de lanlike grutten mei kopiearde formats.
De Omrop bestiet by de ‘gratie’ fan de Fryske taal en kultuer en krijt dêr fan de provinsje sinten foar. Dus doch dan ek wat foar dy sinten. Want keatsen is mear as foarbêst opslaan op PC en Freule. Dan krije je betiden it gefoel fan de ‘Hunnen over u’ sa manmachtich is de ‘invasie’ dan en dan ek noch hast alle romte opeaskje. Dan kinne je it wol oer ‘missie’ ha yn de doelstellingen, mar dan hoege je je noch net as in ‘missionaris’ ûnder de heidenen te gedragen.
De twa deiblêden yn Fryslân diele de ferhalen, gearwurking hyt soks. Yn omroplân is der RTV/NOF en Zilt dy’t altiten oeral binne. Dy omrop RTV/NOF wurket wat gear mei Omrop Fryslân. Wat keatsen oanbelanget soe dat kinne mei KNKB Media. Dan binne je net mear ôfhinklik fan de fakânsjes fan ien man.
Werom nei Marsum, wat de PC net foar elkoar krige, krige Marsum wol foar elkoar. Tamme Velstra wie der as winner fan fyftich jier lyn. Hy wûn doe mei Gerrit Fokkens en Flip Soolsma. Bin gelokkich om dy stôk net nei Tamme ta west. Gelokkich? Ja gelokkich, want hearde wol fia oare minsken dat der net in soad doogde fan it keatsen fan no. Der nea komme en dan mar prate oer dy nap, sa hearde ik ek. Wol soks net hearre, past net by myn byld fan Tamme. Soks hyt efkes de oare kant op sjen. Tamme wie fansels kaam om’t de partij de Gebroeders Van Wieren Partij neamd waard en in Van Wieren kinne je neat wegerje fansels.
As je wat langer sitten bliuwe yn dy karre foar de parse, dan sjogge je ek faak in glimp fan wat der achter de skermen noch altiten dien wurde moat. Koart knipt hier, fitaal, altiten freonlik, in dogger yn dwaan en litten. Hy frege nei ôfrin of ik noch lang wurk hie, ‘Ik moat earst nei hûs, de sinten fuort bringe’, sa sei hy. Wie him oerdeis ek al in pear kear tsjin kaam, dat wol sizze hy kaam my tsjin. De prizen fan de lotterij ophelje, de trije blommen yn sellofaan te plak bringe want dat lei allegearre yn deselde karre.
Der is ea yn 1897 in boek skreaun troch H. G. Wells mei as titel The invisible man. In klassiker, ferplicht om te lêzen op skoalle. In bytsje science fiction-eftich en kwa ynhâld ek in hiel oar ferhaal. Mar de titel past yn in oare betsjutting wol by it keatsen. De ûnsichtbere frijwilliger, yn Marsum wie dat dus Sjoerd Hovenga. De man dy’t ek oer de penningen giet. En dat allegearre al hiel lang.
‘Wat Sjoerd allegearre net docht achter de skermen…sûnder him soe it yn Marsum net slachje’, sa spjelde ien yn wurden in medalje op de boarst fan Sjoerd. Earder al yn 2022 wie Sjoerd Marsumer van het Jaar sa’t op de foto te sjen is en doe krige hy net in medalje, mar in Oorkonde mei haadletter fansels. En in ‘vergulde biezum’ fan de Kommisje Aldjiersoertinking.
Doe ek al hie Sjoerd mear by de ein as allinnich de sinten nei hûs te bringen of te soargjen dat de prizen fan de ferlotting by de juste minsken terjochte kaam sa as snein. In man dy’t him ferantwurdelik fielde foar it doarp Marsum. Ien fan de oprjochters fan de Aldjiersploech, yn ‘e neisoarch fan de Fûgelwacht, bestjoerslid fan fuotbalklup Sport Staalt Spieren (SSS ’68).
Mar op dit plak is noch wichtiger dat Sjoerd yn 2022 yn it bestjoer fan KV Foarút stapte as de man fan de sinten. Want ek yn dat jier driigde de keatsklup yn Marsum om te fallen. Krekt lykas dit jier. Yn ‘e kommende winter sil dúdlik wurde of der it oare jier wer in Marsumer merke wêze sil mei in haadklassepartij. Der is noch gjin nije foarsitter, Simone Wassenaar is algemien siktaris mei Silke Meesters as wedstriidsiktaris. En Sjoerd giet oer de sinten wylst Robert Terpstra en Bauke Rekker op papier noch de algemiene bestjoersleden binne.
KV Foarút is oprjochte yn 1897, it jier dat it keatsbûn Nederlandsche Kaats Bond (NKB) ek oprjochte is. It jier dat it boek The invisible man útkaam. It kin dochs net sa wêze dat de keatsklup yn it jier dat se 130 jier wurde ûnsichtber wurden binne om’t se net mear bestean.
Dus hjir dochs mar efkes de toga fan in advokaat oanlûke en dat fan de duvel oan kant. Want dat de Omrop as ‘hoeder’ fan de Fryske kultuer snein invisible wie is krekt even minder wichtich as de driging dat der aansens gjin keatsklup mear bestiet yn it doarp fan de Van Wierens. Want neat is sa tryst en griis as Marsum sûnder keatsklup, noch slimmer as Marsum yn ‘e rein.