Blommen
Healweis yn Penjum waarden de stokken nei foaren helle fan de wein fan Pim Mulier. Ut foarsoarch, sa waard ús ferteld want oars koenen de houten lûken sa mar ticht falle, mocht de wyn wat oanhelje en dan sieten wy yn it tsjuster. It die my even tinken oan Seisbierrum doe’t de kleden yniens foar ús noas foar tsjuster soargen. Der bleau doe in lyts kierke oer, en Klaas lei hast dwers yn ‘e karre om dochs troch dat kierke noch wat te sjen.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Kaatsmuseum
Mannen yn Penjum fregen nei ôfrin hoe let ik tocht klear te wêzen tusken healwei seizen en healwei sânen. Oars gienen se earst oan it bier. Soe wol lûd jaan, ‘Net te let lûd jaan hear, want dan binne de lûken ticht en kinne jo pas yn Arum wer út dy wein komme.’ Om’t de Arumer merke al wer in skoftsje lyn wie, hie ik dêr gjin belang by. It bier krige de oerhân want ha de mannen net wer sjoen.
Moast ek yn Penjum even tinke oan Durk Talsma. Johannes Brandsma fertelde my ea dat hy elke kear as hy op de PC kaam en Durk tsjin kaam rôp: ‘Dêr sit ien fan de bêste achterynsen dy’t der west ha’. Dat fûn Durk altiten prachtich om’t hy op de PC net altiten mear herkend waard. It lot fan de grutsten as se âld genôch wurde. En ien fan dy grutsten, dat wie Durk.
Johan Span prate mei him yn 2020 foar syn podcast Vlieg er eens uit met Johan Span. Pod Cast met fietsverhalen. Durk wenne doe al yn Ljouwert en wie foarsitter fan de biljetklup, sa fertelde hy oan Johan. Doe’t Johan troch frege fertelde Durk ek dat hy yn it ferline keatst hie. Hy sei doe ûnder oaren: ‘Dat se Tjisse (Wallendal) doe talitten ha op de PC mei sa’n want begryp ik noch altiten net.’ Hy doelde op de PC fan 1979 doe’t Wallendal yn de reinige finale stie mei Henk Leeuwen en Jan Vaas as maten.
Sake, Piet Jetze en Flip wienen de tsjinstanners. Durk neamde trije stannen op de seis op en alle kearen sloech Wallendal de bal kwea. ‘Dy want hat him doe de PC koste’, sa sei Durk. No hie Durk rjocht fan praten want doe’t hy ein 1980 ophâlde, keatste hy noch sûnder dy nije nap. Ha de want letter sjoen en Durk lei doe út dat der midden yn dy want wol in ferhurding siet, mar gjin nap sa as nei syn tiid.
‘Dy want hat him doe de PC koste’ is wier en ek wer net wier. It wie wier as it allinnich om dy PC fan 1979 giet. Neam Tjisse hjir foar it gemak mar even Wallendal want oars kinne de minder betûfte lêzers tinke dat it om dy oare Tjisse giet. Wallendal dus, mei dy Belgyske want dy’t syn keatslibben nij libben ynblaze moast. Want Wallendal wie wat dat oanbelanget yn in dearinnende stritte telâne kaam.
Mar it wie ek net wier. Want mei tank oan dy grutte Belgyske want kaam Wallendal yn toppartoeren terjochte. Earst mei Klaas van Wieren en letter mei Wiep van Wieren. Syn grutste stap makke Wallendal yn 1981 doe’t hy achteryn kaam by Sake en Piet. Se wûnen de PC, mar dêr wie it ek wol mei sein dat jier. Wallendal wûn dus dy PC mei tank oan dy Belgyske want, want sûnder dy want hie hy nea by Sake en Piet kaam.
Ha Durk sels altiten ien fan de grutste achterynsen fûn en fyn dat eins noch. En de sifers toane it gelyk ek oan. Hy helle 639 punten en stie lange tiid yn de top tsien. Betink dan dat hy gjin twadde opslach hie en gjin nap, en betink dan dat der eins mar twa achterynsen boppe him steane yn dat klassemint. Chris Wassenaar en Tunno Schurer. Ja wit it, Johannes Brandsma hat ek in skoft achteryn stien en dat jildt ek foar Wijbren van Wieren. Mar troch de bank naam wienen dat foarynsen. Miskien kin hjir Taeke ek neamd wurde, yn oanlis miskien wol mear achterynse as foarynse.
Eins stiet der mar ien echte achterynse boppe Durk en dat is Tunno en miskien Taeke. Want Chris wie yn oanlis in opslagger, mar om dat no allinnich te dwaan fûn hy neat oan. Tink dat Chris heger stien hie as hy allinnich opslagger west wie. Dus dan ek mar achteryn, mar hy wie net in ‘natuerlike’ achterynse lykas Durk, Tunno en ek Taeke dat wol wienen. Tunno en Taeke binne mei Durk eins net te fergelykjen om’t harren want in stik better wie. Tunno en benammen Taeke wienen fan de ‘nap-generaasje’. Komt by dat Taeke yn 2010 it plak ynruile foar punten.
Apels en parren fergelykje, sille guon sizze. Kies sels leaver foar it wurd nuânse, it gebiet tusken swart en wyt. En dan moatte je hoeden wêze om wurden as de ‘beste aller tijden’ te brûken. As wy nei de takomst sjogge dan hoege je gjin glêzen bol te ha om te sjen dat Tjisse der oan komt. Nee net Wallendal, mar dy oare Tjisse. No noch op plak 14 mei 626 punten, Durk stiet op plak 12. Mar hoe moatte wy Tjisse dan pleatse? Achterynse of dochs opslagger?
Tink dat Tjisse en Chris ticht by elkoar steane, beide gjin ‘natuerlike’ achterynsen, mar wol leune op in ferskriklik sterke opslach. Better as dy fan de oaren. Tink ek dat in achterynse as Durk makke wie foar in opslagger as Tjisse. Durk liet net folle sitte, makke altiten keatsen en op de boppe mei de tûmstok lâns it lyntsje retour.
De Frouljus PC sei hjoed tank oan de bestjoerder Durk dy’t hy ek wie as foarsitter fan Nije Kriich. Ate lit Durk it ferhaal fertelle oer twa jonge keatsers fan Weidum, Durk sei: ‘As jim sa keatse winne jim nea wat’. In wike letter foel der in blom troch de brievebus yn huize Talsma. In wike letter wer in blom troch dyselde brievebus. Dy jonges hienen twa kear de priis wûn en fan elke krânse in blom troch de brievebus skood.
Op 10 septimber nimt de keatswrâld ôfskie fan Durk en oan blommen gjin brek foar ien fan de bêste achterynsen dy’t Fryslân kend hat.