Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder (175) In moai earst

In moai earst

‘Jonges dit kin noch in moai earst wurde’, wie foar my it sitaat fan ‘e wike mei it byld fan ‘grutte’ Wop foar eagen. De tillegraaf wiist fjouwer of fiif neat en 6-0 oan foar de oaren. Wop fan Bitgum, foar de wrâld rûnom net in man dy’t it paad gau kwyt wie. De pine dat hy der net mear is waard wat sêfter makke toch dit ferhaal oer Wop as coach fan it skoaljongespartoer fan Bitgum mei dat sitaat yn ‘e haadrol. Ha it sitaat brûkt yn it Frysk Deiblêd en de man dy’t it my ynflustere wie Gerrit.

Tekst en foto: Rynk Bosma

Je kinne dit sitaat ek plakke op it keatsjier 2026. Yn Huzum wie it yn elts gefal fan tapassing op de heale finale doe’t it partoer fan Menno mei 5-4 en 6-2 efter stienen tsjin Remmelt, Jorn Lars en Hendrik. Ja Hendrik Kootstra, dy wie der by frege om’t Evert Pieter lêst hie fan de hamstrings. It oare jier in fêst perk yn ‘e frije formaasje. Dit wie alfêst even oefenje.

Menno mei syn partoer dus op ‘e dea mei in keats net fier fan de boppeline. No is in grutte keats foar in soad opslaggers earder in neidiel as in foardiel. In grutte keats jout druk. De druk fan de bal moat yn. In opslagger as Marten hat leaver in keats fan twa meter. Gjin druk, eagen ticht en toe mar. Bûten? Spitich mar hy moast wat weagje. Sitbal? Geweldich opslein. 

Dus wie dy bal no geweldich boppe fan Rick of wie dy bal te moai opslein fanwege de niis neamde druk. Yn elts gefal koe it foar Menno noch ‘in moai earst wurde’. En dat yn de moaiste partij fan de dei yn Huzum en it wie oan de bêste skiedsrjochter fan dit jier, Johny, om it allegearre wat yn goede banen te lieden. En dat foel net ta want der waard it nedige sein. Dat mei, neffens in soad minsken mei soks wol wat mear barre.

It gie gelokkich net sa need as yn dy finale fan de PC fan 1965 mei in ‘koude oorlog’ tusken Hotze Schuil en Tinus Santema. Mannen hienen lijen hân oar de soarte fan bal dy’t brûkt waard, licht of wat swierder nei alle betinken. It ferhaal woe altiten dat Hotze de neil op syn tomme net te faak knipte en dy tomme brûkte hy dan om de bal stikken te meitsjen as dy bal him net oanstie. En soks wie ek it gefal flak foar dy finale.

Yn elts gefal mocht de achtjinjierrige Hein Zijlstra by it wikseljen fan opslach nei perk net lâns Hotze rinne, sa wie de opdracht fan Tinus. Dus Hotze oan de linkerkant werom, dan Hein oan de oare kant. Want Hotze, om Huzum der even by te heljen, hie de gewoante by in keats by de boppe by it wikseljen even te sizzen tsjin de opslagger ‘Dit is weer un dikkeneen seun’.

Dat wie yn Huzum krekt oars, mei in haadrol foar balkearder as skelnamme en benammen Menno moast it belije. Wat ynhâld oanbelanget gie it nergens oer en tagelyk gie it oer it hiele keatsjier. Sjoch nei it jierklassemint fan dit jier en dan witte je al genôch. Dat jildt eins ek foar de stellerij. Dat is in hiele lytse fiver en ien in wurd jaan om it oare jier in partoer te foarmjen hat de ‘lichtheid’ fan in hjerstblêd tidens in lette hjerststoarm. Dat blêd kin alle kanten opwaaie en is ôfhinklik fan wêr’t de wyn wei komt. 

It die yn dy heale finale yn Huzum in bytsje tinken oan dy finale fan de PC yn 1982. Piet Jetze pakte wichtige punten yn it tuskenspul tsjin Henk Leeuwen. Dy pakte yn alle lilkens de bal en goaide dy rjochting Piet Jetze mei de wurden op syn Bildts: ‘Gun ôns ok ris wat’. Wol opfallend dat Henk doe gjin kaart krige, mar neffens my waarden doe allinnich noch ansichtkaarten brûkt yn fakânsjetiid.

Wat dat oanbelanget liket it libben op de stellerij. Ek yn it libben wurdt de rjochting fan in hjerstblêd bepaald troch wêr’t de wyn weikomt, krekt lykas mei de wynwizer op de foto. En just dy wyn ha je net altiten yn ‘e hân. Om dy reden wie it ‘Jonges dit kin noch in moai earst wurde’ ek sa’n moaie útspraak oer it libben, ek al gie de betsjutting doe oer de hollen fan de skoaljonges hinne. De boadskip fan altiten moed hâlde, ek al steane je noch sa fier achter.

Ek fotograaf Henk hâldt him fêst oan it motto dat it noch ‘in moai earst’ wurde kin, mar hy moat him ek betinke dat je dan net alles mear oer de boppe jeie kinne yn sa’n earst. De wiisheid fan in ‘moai earst’ betsjut dat je dan ek witte dat de blommen foar Janny Visser, de mem fan Géjanna, yn Weidum ornearre wienen as lytse treast dat it lêste earst fan Géjanna fierstente gau foarby wie. En net as fotomomint.