Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder (174) Minsklike maat

Minsklike maat

Tekst: Rynk Bosma

Foto: Lieuwe Bosch

Gewoanwei rêd ik my wol mei +3.50 en de lêsbrillen dy’t hjir by hearre hoege ek net al te djoer te wêzen om alles goed lêze te kinnen. Mar no dochs mar efkes mei Specsavers belle om te kontrolearjen of ik miskien wol +6.00 nedich hie. Dat hoechde net, sa seinen de mannen fan Specsavers. Hie it dochs goed lêzen, de wurden ‘fatsoen’ en ‘minsklike maat’.

Dy wurden waarden brûkt yn ‘e wat nuvere twamanskollum Geart sinjaleart want alles foar de rym. Menno soe stopje en dat hienen de treningsmaten wol ferteld wurde mochten troch dat partoer, sa wie te lêzen. No stiet it gelokkich frij om dy miening te ha. Dat dit net barde waard yn ferbân brocht mei ‘minsklike maat’ en ‘fatsoen’. Hie sels wat dat nijs oanbelanget gjin kleien want wist it as ien fan de earsten. In pear minuten nei de moaie post fan Menno dat hy ophâlde soe.

De ‘minsklike maat’ fan dit ferhaal is net dat dy treningsmaten neat ferteld waard, mar dit: je winne as partoer noggentich prosint fan alle partijen. Je ha tsjinslach hân yn 2025 troch blessueres, je ferneare de roddel fan it saneamde út elkoar gean rûnom de PC, je witte mei syn trijen dat it ‘wy tsjin de rest’ is as je sa folle winne. En dan as in bliksemynslach seit ien fan de trije dat hy stoppet. 

Dan sitte je as partoer by elkoar, mei syn trijen om it even te ferwurkjen, dat ûnferwachte, dochs in skok. Dat, Geart, is de ‘minsklike maat’ fan dit ferhaal. Je nimme der de tiid foar dat je út elkoar gean mei alle emoasjes dy’t dat mei him meibringt. Soks hat neat mei fatsoen te krijen.

Hâld dy te grutte en mispleatste wurden ‘fatsoen’ en benammen ‘minsklike maat’ even fêst oan’t de dei fan freed 21 augustus. Dy treningsmaten yn Marsum wienen Johan – nee gjin Sippie want ha nea mei him keatst – Jorn Lars en Evert Pieter. It nije partoer nei Wytmarsum foar 2027 dat like op dy hiel âlde, sis mar ‘oubollige’ grap oer trije studinten dy’t nei Parys soenen. De grap: se gienen net…

De grap hjir, dat partoer keatst net as partoer want Jorn Lars hat de tas pakt om nei it partoer fan Marten Bergsma. Foar him in oh sa bekind plak want hy hie earder mei de mannen keatst en dy breuk fertsjinne net it predikaat fatsoenlik. In dei letter, en gjin ferkeard wurd oer Jorn Lars hjir want dy hie stikem hope dat hy by Rick foaryn komme soe. Dat is de stellerij minsken, mei Johan as grutste ‘slachtoffer’ want lit dat wol efkes dúdlik wêze. En as je dan al sa lang mei rinne as Geart dan soenen je de wurden ‘minsklike maat’ en ‘fatsoen’ wol as lêste brûke meie yn ferbân mei de stellerij. 

Sil dat allegearre hjir mar net opneame want in kollum moat gjin boek wurde fansels. Dus mar hurd oer nei de echte ‘minsklike maat’ mei it fatsoen yn it findel. Dat fan Weidum en Bitgum dus, wêr’t in famke yn Bitgum in gedicht foarlêze mocht:

‘Wy binne net fan de grutte wurden

Mar fan mei-inoar ien

Ien mienskip yn betrouwen

In thús foar elkenien’

Op sneon yn Bitgum de wylde partij mei 89 partoer en neffens Klaas mei twa ‘culthelden in wording’ dy’t it fjild opsoenen. Harren formaat die tinken oan Wiltsje Wytsma yn de foarige iuw. ‘Efkes wachtsje mannen’, sa seinen se. Want first things first, earst even dy peuk oproke en dan de striid oangean. Der sille in soad minsken wêze dy’t no ‘ach en wee’ roppe fan dat soks net mei. Dy etyk is net oan my bestege, it byld yn eigen holle is in stik moaier as de etyk, ek al sille dy ‘ach en wee’ roppers allegearre hielendal gelyk ha.

De ‘minsklike maat’ fan Bitgum, de fleur fan de jongerein dy’t alle dagen hiel tsjinstber binne om it de gasten nei it sin te meitsjen. De ‘minsklike maat’ fan op passende wize ôfskie nimme fan keatsers dy’t ophâlde, op in waarme wize brocht troch foarsitster Manon Draisma-Van der Wal. Wat dat oanbelanget belibbet Bitgum al jierren in ‘nije dei’, ek de titel fan it yn it grien útfierde jubileumboek. Mei op de tribune de namme It Roekelân.

DieuwkeDicht hat it gedicht It Roekelân skreaun en dy earste rigel Wa’t ienris op dit fjild stie wie ek fan tapassing op Weidum. Wa’t ienris op dit fjild stie waard mei blommen betocht en har grutte maat Afke Hijlkema brocht de blommen yn in emoasjonele gong nei de mem fan Géjanna Buma dy’t op de tribune siet. In leadswiere gong foar Afke, mar wol neffens de ‘minsklike maat’ fan ien betinke mei blommen om oan te jaan: wy binne har net fergetten en sille dat ek nea dwaan. De minsklike maat yn ‘e wiere betsjutting.