Kening
Tekst: Rynk Bosma
Foto: eigen
Allinnich âlde minsken tinke op 16 augustus hiel even oan de iennige echte kening dy’t yn 1977 op 16 augustus ferstoar. Elvis Presley dus: ‘The King is dead’, sa kopten de kranten yn Ingelân en elk wist wa’t The King mei in haadletter wie. Tocht der even oan werom by it hearren fan de kening yn Kimswert. No ha ik yn Kimswert gjin rjocht fan praten want siet der ek alris yn 2013 neist yn it doarp fan de Helfrichs. En no wer dus.
Wit soks noch om’t je doe noch net wisten dat in keningstitel ek yn kadoferpakking wei jûn wurde kin. Deagewoan omt dyjinge earder dy keningstitel misrûn wie en dat wie doe yn 2013 nei myn betinken net terjochte. Dus nei Kimswert op grûn fan de oanname dat it Renze Hiemstra wol wurde soe yn 2013. Want dy wie doe de kening en net Hylke.
It is yn 2013 ek de earste PC-finale fan Tjisse. Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma wûnen doe de PC. It wie foar Renze doe de earste priis op de PC ea en hy wie doe dochs al 29 jier. Sterker noch, hy waard ek noch kening fan de PC en dat wie doe no krekt myn punt.
En dêr begjint it ferhaal Kimswert fan 2013. Fûn sels dat Hylke kening wurden moatten hie mei in skieding tusken twadde omloop en heale finale. Hylke stie doe yn it achterperk. Dat foar dyjingen dy’t tinke fan: hoe kin dat no? Twa foarynsen by elkoar. Nee Hylke stie achteryn en op de boppe. Mar earlik is earlik, oant de heale finale stie Renze mei syn twadde opslach op punten foar wat de keningstitel oanbelanget.
Mar it giet hast altiten om dy lêste twa partijen. Yn 2013 krige Hylke ek noch de minste stemmen fan de keningskommisje. Yn dy earste twa partijen krigen Johan-en-dy pas yn de twadde omloop it earste earst tsjin. Dus it je eigen partoer der troch skuorre moast yn de lêste twa partijen barre. Hylke hie yn dy earste twa omlopen der doe al tsien oerhinne mar de echte test moast fansels noch komme.
Yn dy finale hie Hylke der nei trije earsten al acht oerhinne… en dat tal soe tsien wurde. Tel dat by dy njoggen op fan de heale finale en dan komme je as keatser sûnder dûbelfunksje ticht yn ‘e buert fan de heechste eare. Mei de bekinde fraach: wat moatte je dan dwaan om kening te wurden?
Lit ik foaropstelle dat dy titel Renze ek net misstie, mar dochs... Werom nei Kimswert yn 2013. Nei de PC, let dien, it partoer fan Johan wer de priis. Hurd fuort foar in ferhaal meitsjen. Der koe neffens my yn Kimswert mar ien kening wurde en dat wie Renze. Skreau it ek op. Mar de kommisje hie it kadopapier út ‘e bûse helle en makken Hylke kening. De keningstitel as treastpriis om’t hy it op de PC net wurden wie.
Dat alles kaam wer yn it sin doe’t Marten kening waard yn Kimswert. Dat hie fansels Erwin op grûn fan syn twadde opslach wurde moatten. Twa kear de opslach oernaam fan Marten nei trije missers op rige fan Marten yn de wichtige partij tsjin Johan-en-dy. Pas op fiif earsten gelyk en seis gelyk dien. Eins wie Johan Sipma de echte kening fan Kimswert, mar ja De Brand wist it al: je moatte earst winne ear’t je kening wurde kinne.
Fan kening nei klassemint is mar in lytse stap. Fyn it in foarm fan kompetysjeferfalsink dat der ien as Rick byfrege wurde kin. Johan Span hat dêr op Omroep Leeuwarden in prachtige column oer skreaun. Dus minsken even nei https://omroepleeuwarden.nl/column-wanneer-ben-je-de-beste/ en dêr stiet alles op in rychje.
Hjoed Weidum, in plaatsje fan in PC dat snein al útein setten is mei in boek oer it frouljuskeatsen. Op eigen krêft is de titel en dat kinne je ek sizze fan de partij yn Weidum. Mei in lotting dy’t al foar de finale syn beslach krijt, sa liket it. Alle kânshawwers yn de boppeste helte en dan mar hoopje dat de finale net sa wurdt as yn Kimswert. ‘Tevredenheid tegenover tevredenheid met de spanning als verliezer’, sa stie yn it Friesch Dagblad.
Soe it Fiera wol gunne yn har lêste jier, oan it lot sil it net lizze. Foar ien kear boppe de tsjerketoer fan Weidum útstekke, keningin foar ien dei, ek al wie it allinnich mar foar har mem.