Waarheidsvinding
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Flickr
Hear yn ‘e holle it ‘Homerische’ gnizen fan Johannes Brandsma. Homerisch yn de betsjutting fan ‘honend’ as hy noch lêze koe wat der allegearre skreaun wurdt oer it partoer dat oant Seisbierrum noch net in partij ferlern hie. Sterker noch, yn Sint Jabik foar it earst fiif earsten tsjin, yn Harns noch in kear, en dan ynienen twa kear op ‘e bealich krije yn it wykein flak foar de PC.
Oer soks soe Johannes allinnich mar optein wêze en by libben nochris foar de safolste kear oer syn jierren mei Sake en Piet fertelle. Nee, hy soe net mear bykomme as hy dit yn de PC-krante van Wad tot Stad lêze soe: ‘Ik tink dat Rick Minnesma te ambitieus is om lang yn it skaad fan Tjisse te keatsen.’ In earlike útspraak fan Ids dy’t it út betroubere bron hat.
En Johannes hat alle rjocht om te gnizen want doe’t hy nei Sake en Piet oerstapte makke hy him ek ûndergeskikt oan dy twa mannen. Gjin twadde opslach mear, allinnich by need, faak allinnich op de boppe en achteryn en betiden even ruilje. Hy neamde it letter wolris ‘totaalkeatsen’ yn de betsjutting dat it individu ûndergeskikt wie oan it partoer. Yn prinsipe hat it partoer fan Menno van Zwieten dit noch perfekter makke en fiere dy dit noch better út.
Mei as grutte ferskil de opslach. Dy hat de haadrol yn it keatsen fan it partoer fan Menno. Rint dy net, sa as it ôfrûne wykein, dan lizze der kânsen foar de oaren. Yn Seisbierrum waard der foar de wyn opslein, yn Arum wie der ek in ‘rare wyn’ tusken dy beammen troch. Net dat dit in slap ekskús is fan de kant fan de ferliezers, want ferliezende keatsers ha hast altiten wol ferlechjes om it ferlies te ferklearjen. Je kinne it yn dit gefal faktoaren neame dy’t fan ynfloed wienen want úteinlik komt it del op: ‘Wy wienen gewoan net goed genôch’.
Tink dat hy noch mear gniisd hie om de drokte nei ôfrin oer it al of net op juste wize in hân jaan. Tink dat hy sein hie fan ‘Dy’t harren dêr drok om meitsje ha nea op in keatsfjild stien of yn in klaaikeamer sitten’. Want dy emoasjes hearre der betiden by, sa kinne je oanfolle. Je kinne ek sizze dat de ‘luchtpomp’ foar it springkessen ek noch earne oars foar brûkt wurdt.
Want wy ha it net oer dy unike prestaasje fan it partoer fan Menno. Nee it giet oer Rick dy’t miskien fuort wol, it giet oer wol of net in hân jaan op de juste wize, it giet oer stoke yn in goed houlik oant no ta. En dat mei ek wolris sein wurde mei de PC fan moarn kommendewei.
En dan stiet it moaie wurd ‘waarheidsvinding’ op de earste rige om delsketten te wurden. Dat wurd heart de bibel te wêzen fan elke sjoernalist mar is kennelik tagelyk mei de papieren krante troch de papierfersnipperaar gien. En ‘waarheidsvinding’ hat in pear fêste haadstikken wêr’t je as skriuwende sjoernalist troch hinne moatte. Ha sels nea in oplieding foar sjoernalist folge, mar bin der sels efter kaam.
De haadstikken Wie, Wat, Waar en Waarom binne krekt lykas perken en opslach fêste wearden. As je oergeane nei mieningen dan komme de haadstikken Hoor en Wederhoor der noch by mei fansels Bronnen as útsmiter. Dus as ik yn van Wad tot Stad de kop lês Rankingsysteem ligt onder vuur dan wol ik mear witte as opmerkingen lykas ‘brevet van onvermogen voor het huidige rankingsysteem’ of het ‘failliet van het rankingsysteem’. En dan ek noch skriuwe ‘volgens velen’. Wol trouwens ek wol in útlis oer dy 130 punten yn ien wykein.
Dit soarte fan skriuwen liket op keatsen op in fjild sûnder linen. Dat is: tsjin de opslagger sizze ‘Sjoch mar hoe fier ast rinne wolst, ast der mar oan ta kinst.’ En de perkspiler seit mei in hângebaar ‘De perken lizze hjir ergens, slach mar op dan sis ik wol of it bûten of binnen de perken is’.
De ynhâld fan de bibel Waarheidsvinding is neffens AI: ‘het zorgvuldig onderzoeken van feiten om te achterhalen wat er werkelijk is gebeurd’ en dat is al jierren op de rin en leit earne by Ealsum op it tsjerkhôf. De KNKB besiket út te lizzen wat der de lêste jierren kwa belied allegearre dien is mei alle lek en brek en eins kin it gjin harses wat skele want it skoart net. Wylst it dochs net sa raar is om it ien en oar út te lizzen as je hast elke wike foar ‘crimineel’ of ‘leugenaar’ útmakke wurde. En om no elke wike in reis nei it tsjerkhôf fan Ealsum om ‘waarheidsvinding’ foar ien kear op te graven is krekt te folle muoite.
De waarheidsvinding oer Arum wie kwa feiten mear as goed te neamen. Mei helpende hannen dy’t it stek achter de feesttinte iepen dienen sadat it koarter nei it fjild wie. Seach wol wat mei skrik om my hinne want der stie op dat stek ‘Pas op voor de honden’. Dat bleau nei ôfrin beheind ta in pup dy’t noch in soad leare moast. Dus foarsitter Sake Bosch en alle oaren, in bûging fan tank nei jimme. En om even te oerdriuwen: kwa help yn giele klean hast sa godlik as de ‘gele kanaries’ fan Brazilië út in fier ferline.
De stap fan ‘gele kanaries’ nei PC is net sa grut. It moaie fan de PC is dat der gelokkich gjin ‘waarheidsvinding’ oan te pas komt om’t dat oernaam wurdt troch sifers en buordsjes oan de telegraaf. Mei de útspraak fan Marten as de ultime waarheidsvinding: ‘De dei sels bepaalt hoe’t dy rint’. Gelokkich mar, de PC is as dei sa grut, dy hat gjin luchtpomp nedich om grutter te lykjen.