Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder (170) Walk-off

Walk-off

‘Der stean’ op tongersdeitejûn. Fjouwer partoer dy’t yn in keats-off besykje om dochs noch mei te dwaan op de PC. Dat is it moaie fan sport dat elk dreame mei fan in eigen hichtepunt. Net elk kin hoopje op in earste plak foar de koepeltinte oare wike woansdei. Betiden moatte je de eigen doelstellingen bystjoere litte troch ûnferwachte tsjinslaggen. Sil it wurd tsjinwyn hjir mar net brûke, ek al wie it allinnich mar om’t dy wyn wichtich is by it skûtsjesilen. En in soad keatsleafhawwers dy’t wat wyn tsjin ha kinne it wurd skûtsje net mear hearre.

Tekst: Rynk Bosma | Foto: eigen

Want je sille mar op in bepaalde leeftyd net mear by steat wêze om oare wike woansdei op de PC te kommen. Gjin kaarten besette kinne mei noch hinne rinne, mar wat as je fysyk it net mear dwaan kinne om op de PC te kommen. Dan ha je thús noch altiten de grutte bank yn ‘e húskeamer om foar de televyzje te sitten. Dat kin woansdei dus pas nei’t it lêste skûtsje binnen kaam is.

Ho, ho, der is ek in livestream en dan kin je earder op de dei al sjen nei it keatsen. Mar dan moatte je op in bepaalde leeftyd wol it gelok ha dat ien je helpe kin. ‘Foar in soad fan harren is in livestream net sa maklik’, sa sei foarsitter Ids fan de PC. No skynt it woansdei in soarte fan ‘superwoansdei’ te wêzen en alle oare jierren gie it keatsen foar, sa sei de Omrop.

No binne beide sporten net te fergelykjen, sa fyn ik. It iene is in balsport en ek noch it âldste iendeiske sportevenemint fan Nederlân. It oare, de skûtsjes dus, is in betochte sport, in soarte fan sportive imitaasje fan it werklike libben. Yn it ferline gie alles oar it wetter en hiel faak wie it in wedstriid om earste te wêzen by it krijen fan in lading turf, sân of skelpen. Of terpierde, in terp ôfgrave hat in skoft foar de oarloch it berop west fan keatser Pieter Helfrich.

Skûtsjes as de frachtweinen fan it wetter. Sa besjoen hat it neat mei pure sport te meitsjen, it is in betochte sport foar skippers út in wrâld op it wetter dy’t al lang ferdwûn is. Yn 1929 ha Ids Jousma en Taede Zijlstra mei harren twaën noch in skoft op sa’n boat de kost fertsjinne, de boat wie trouwens fan Ids.

Dus hoe folle âldere minsken sille woansdei op de bank nei it skûtsjesilen sjen? Neffens de ‘kijkcijfers’ sjogge der mear nei de boatsjes as nei it keatsen, allinnich tidens de finale fan de PC is it foar de televyzje in ‘kijkpiek’. Yn prinsipe is soks net earlik om’t it keatsen in ‘minderheidssport’ is wylst elk wolris yn in boatsje sitten hat mei in syl wapperjend boppe de holle.

Jûn wurdt dus útmakke wa’t nûmer sechtjin op de list fan de PC wurdt en dat bart fia de keats-off. Kin sels allinnich mar oan de wat sombere wurden fan Heleen tinke: ‘Skjin myn nocht fan dy rotpoat’ en kin my noch mear fine yn it prachtige gedicht wat der by stiet. 

Bin sels dwaande sûnt ôfrûne sneon dwaande mei in eigen walk-off. Wie dat wykein frij fan keatsen, dus de echte test moat noch komme. Sis mar testen. Yn ‘e betsjutting fan slagget de kommende walk-off Seisbierrum. De twadde etappe is dan de walk-off Arum. Want de grutste walk-off is de PC. Op it plak komme kinne wêr’t je hearre te sitten of graach sitte wolle.

Nea earder meimakke dat de PC op it spul stean soe, dy ôfgrûn fan minder wurde, it klokkeliet yn ‘e fierte fan it ein. De âlde Griken wisten it al, de mins yn ‘e jûntiid efkes op trije poaten. It ferneamde riedsel fan de sfinks út it âlde Grikenlân dy’t freget wa’t bedoeld wurdt yn ‘e omskriuwing: ‘Moarns op fjouwer poaten, middeis op twa poaten en jûns op trije poaten’. De mins fansels, fan krûpend nei steand en dan mei in stôk jûns oerein bliuwe.

Dy stôk as tredde poat ha ik al foar de walk-off nei Seisbierrum en Arum. Mei dy stôk ha ik my dus pleatst yn in partij fan fiif earsten gelyk want it kommen is noch net hielendal wis. Earst mar ris sjen hoe fier de keatsen lizze yn it lêste earst, om even by it moaie spultsje te bliuwen. Of moatte wy sachtsjes sjonge fan Walk-on through the wind; walk-on through the storm sa’t dat songen wurdt op Anfield Road yn Liverpool.

Miskien mar in duet mei Heleen foarmje, en dan neist it prachtige You’ll never walk alone de wurden lûdop sizze fan it prachtige gedicht Mear as myn lichem. Dus op trije poaten woansdei nei it plak wêr’t ien dei yn it jier in diel fan de eigen siel wennet. By need stelle wy it helmhout fan in skûtsje om der te kommen.