Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder (169) Kening

Kening

It is spitich dat de ôfsluting fan eigen ferhaal yn Friesch Dagblad oer Boalsert moandei fuorthelle is. En dan ha wy it oer ‘En de echte koning weet ook wanneer hij geen koning is, en dat was in Bolsward het geval’. 

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Lieuwe Bosch

It wie gjin neiskoppen, dat litte wy graach oan oaren oer, yn ‘e rjochting fan de Hanzestêd sa’t de minsken dy’t it fuorthelle ha miskien tochten. Nee, it wie bedoeld as komplimint foar de keatser dy’t kening waard, mar wist dat Menno it wêze moatten hie. De kening fan hast alle partijen dy’t oer de grinzen fan eigen kinnen hinne sjocht, de kening dy’t yn alle beskiedenheid each hat foar de bydrage fan syn maten.

Mar it moat ek net grutter makke wurde want as je it de mannen sels freegje dan fine se dy krânse wichtiger as it al of net kening wurde. En earlik is earlik, net elk skot sit yn ‘e roas en dat is mei keningskommisje net oars. En Boalsert hie it allegearre wer goed foar inoar. Foar ien dei de buorterstún efter it keatsfjild nei foaren helle.

It wie efkes omriden nei ’t Oordje en ek, earlik is earlik, ha ik wolris mear minsken sjoen by de klassiker fan Boalsert. Soe it dan dochs it saneamde ‘Pogačar’ effekt wêze? Want ôfsjoen fan de ‘hofhouding’ en oare fans fan it keningspartoer wolle de measte minsken wolris in oar partoer yn ‘e krânsen sjen. Net altiten de selden.

Yn in hiel fier ferline wienen de ‘problemen’ in bytsje mei no te fergelykjen. En dan doel ik op sa’n iuw lyn. Taede Zijlstra, Klaas Kuiken en Ids Jousma wienen fan 1925 ôf in partoer. Dy mannen wûnen in soad, sa net alles. Yn dy tiid moasten de partoeren harren noch opjaan foar in formaasjepartij, noch gjin ranking. Dat koe oant acht oere jûns op in bepaalde dei foar de partij. Dat die de opslagger en Taede hie de gewoante dat hy dat eins flak foar acht oere die. Flak foar dat de tinte fan opjaan slute soe. Want hy wist dat der earder al troch oaren belle wie mei de fraach of Taede syn partoer him al opjûn hie. As dat net it gefal wie, dan joech it partoer him op.

Fan Ids Jousma wie bekind dat hy ris in kear nei it bestjoer gie mei de fraach of de finale net wat earder begjinne koe. Want hy moast de bus nei Dokkum wol helje. Se ha doe keatst mei in heal each rjochte op it bushokje en it ferhaal woe dat dy finale krekt sa gau ôfrûn wie as snein yn Boalsert. Dat is it moaie fan ferhalen fan in hiel skoft lyn, se hoege net wier te wêzen, as se mar moai binne.

Der wienen wol mear oerienkomsten mei Boalsert. Hûndert jier lyn waard yn Boalsert de partij op 1 septimber spile. De earste priis wie 90 gûne en it wyklean fan in arbeider lei tusken de 25 en 30 gûne. Taede pakte dus yn Boalsert in wyklean en waard ek noch kening mei Klaas en Ids. It kiezen fan in kening wie dat jier yn Boalsert yn bettere hannen as in moanne earder yn Frjentsjer op de PC.

Op dy PC fan 1926 rekke Ids Jousma yn de heale finale blesseard. Hy stie achteryn, dus Taede achteryn en foarbêst op. De PC waard wûn, Klaas kening en Taede de sinten dy’t by dat keningskip hearden. Want de trije winners koenen it sels bepale wa’t kening waard. En de beurs fan Taede wie wat smeller as dy fan de oare twa. Twa jier letter yn 1928 koe dat net mear.

Dy ‘romantyk’ fan de klassenstriid is der no gelokkich net mear. De ynfloed fan jild op it spul is al lang ferhuze nei de fuotbalsport en ek al hiel lang út de bocht flein. Wat dat oanbelanget meie wy hoeden omgean mei de keatssport, hoeden omgean mei de goede sfear op in keatsfjild. Presintator Koert Westerman wie by de 'Sterkste Man' wedstriid en sei: 'De mensen zijn hier allemaal zo vriendelijk, dat kom je in het Westen niet meer tegen.' Betink dit goed minsken, ek al sille der altiten ballen bûten en kwea fleane, mar it wichtichste is dochs dy iene foto, op sneon naam yn Easterein.

Sipke dy’t yn alle frede as karmaster op de stoel sit, de stôk neist de stoel, de list fan de Jong Feinte Partij yn hannen. Syn tinzen sille fêst werom gean nei in jier lyn doe’t de pinne of it potlead boppe de nammen fan Sipke en syn frou hongen om se te skrassen fan de list fan it libben. En no, ôfklaaid en wol, wer in bytsje meidwaan meie as karmaster, as kening fan eigen lok, as kening fan eigen tinzen, de echte kening dy’t tankber is dat hy wer meidwaan mei. De echte kening dy’t tankber wit dat hy sûnt ferline jier elk kommend jier belibje mei as in kening.