Gehaktballen
Myn kollega Johan is altiten frijwilliger op de linen by LKC yn Ljouwert. Ek snein wie dat wer it gefal. Mar foar de finale waard hy ôflast troch Rienk de Groot sadat hy syn ferhaal dwaan koe oer de Rengersdei. Ha mar even praten, mar hy fernuvere him oer it ‘misbaar’ fan Gabe Jan as ien fan syn twa formaasjematen in misser hie. Wie bliid dat in oar it ek opfoel, want it wie my ek opfallen. Tocht doe fan ‘dit sjoch ik net goed’, mei de holle skodzje sadat elk it sjen koe, of noch slimmer, in gebear fan ‘wanhoop’ mei beide earmen út elkoar heal omheech.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Willem Rienk Miedema
It boadskip nei it publyk fan ‘sjoch myn maten no ris prutsen’ en wat it publyk sjocht, sjogge beide maten ek. En wy ha it hjir net oer in allrounder dy’t samar even de opslach oernimme kin. Mar ôfsjoen dêrfan, wat ha ik in hekel oan sokke manierkes fan ôfkeuring yn it fjild. Soe sizze: hâld dêr mei op en lit earst sels mar ris wat sjen. Want dat hâlde yn It Hearrenfean en op de Rengers net oer. It is ek net myn gewoante in keatser op dit plak oan te pakken, mar foar ien dy’t by elke misse slach fan syn maten yn ‘wanhoop’ mei de hannen omheech stiet meitsje ik graach in útsûndering.
De Nederlânske wurden foar soks is ‘misbaar maken’ mar fyn dat gjin moaie wurden. Opskuor as wurd is ek wer wat oerdreaun. Dus hâlde wy it op ‘misbaar’ yn de betsjutting fan ferkearde gebaren meitsje of signalen jaan nei de bûtenwrâld op de ferkearde mominten. Dan klinkt ‘Kom op, wy dizze’ dochs in stik better.
De keunst fan foaryn en op de boppe is dat je altiten by de les wêze moat om’t je gewoanwei minder oan it spul meidogge. Op de boppe mei de hannen yn ‘wanhoop’ omheech stean by de Pompeblêdden yn de earste omloop by puntenferlies tsjin it partoer fan Tjisse is ien ding dat je net dogge tsjinoer je maten. Op twa spul gelyk en 6-2 de bal foaryn sels kwea slaan yn dy partij is ek gjin frijbrief om earder mei de hannen omheech te stean. Je slagge kwea om’t je te let binne en soks dogge je net meisin.
Mar in bal bûten yn it folgjende earst op 6-0 docht Johan ek net meisin, je moatte risiko nimme tsjin it perk fan Menno. En twa dagen letter yn Ljouwert wie der ek gjin reden om yn ‘wanhoop’ mei de hannen omheech doe’t hy by in keats lytser as in meter achter de keats stie te kearen. Dus Gabe Jan de earmen allinnich omheech by in eigen boppeslach.
No hoege je ek net it omgekearde te dwaan sa as by it fuotbal wenst is. Je krije in te hurde bal yn ‘e djipte achter je of in bal stienhurd yn ‘e nekke en dan noch dat tomke omheech. It lykje op it fuotbalfjild wat dat oanbelanget wol koarknaapkes. Nee ‘Kom op, dizze is foar ús’, sa hear ik Menno dan roppen nei in ferlerne slach. Dat klinkt al hiel oars as in pantomime útfiere.
Wit trouwens net of Menno it jier ôfmakket want as hy syn stim sa brûken bliuwt mei dat rauwe lege gelûd dan hat hy thús yn Burgum gjin stim mear oer. Hearde fan ‘e wike in petear mei myn favorite Harry Kane nei de winst op Mexico. Man hie gjin stim mear oer. As Menno sa troch giet hat hy ek gjin stim mear oer en dan is it min praten yn de relaasje. Hear dat lege oergelûd trouwens dit jier foar it earst en dan docht it keatsen in bytsje tinken oan in mancave wêr’t allinnich mannen omskarrelje. Wylst it partoer no dat just net útstrielt, hoewol dy Rick kin der ek wat fan op dat mêd.
Renze Pieter hat der doe’t hy noch keatste nea omhinne draaid, hie altiten in geweldige analise nei ôfrin. Ek yn Ljouwert draaide hy der net omhinne: ‘Ik vind dat de concurrentie op dit moment niet goed genoeg is.’ Hy wie fansels te folle gentleman om te fertellen wat der allegearre oars spilet by de konkurrinsje wat mooglik fan ynfloed wie. Wol soks ek net witte earlik sein.
Wat ik ek net wit is of it neffens de regleminten is dat ien by in lytse keats plak meitsje moat foar de skiedsrjochter. Mar fyn it mar neat. Op de Rengers stie in hiel kundich man op de foarline en dy moast ynienen plak meitsje foar de skiedsrjochter doe’t der in keats fan noch net in meter lei. Lit dy man stean, jou dy man fertrouwen soe ik sizze. En as je der dan dochs steane dan moat je wol sjen dat Rick dy iene bal mei de earste stuit hie by wer in keats fan in meter. Bal waard yn jûn en dêr waard net iens folle drokte om makke.
Sjoch in bal oan of net, dat is in hiele toer om te sjen. Teminsten ik sjoch it faak net, it giet my te hurd, mar bin dan ek gjin skiedsrjochter. De kreet ‘kwyt’ docht wat tinken oan roppe om in handsbal yn it fuotbal, ek al ha je de hannen yn ‘e bûse. It liket betiden ek op dy freeslike gewoante fan swaaie mei in fiktive kaart.
Miskien moat de konkurrinsje fan no wol in goed bedoelde giele kaart ha. Want dat der aansens wat gebeure moat by dy konkurrinsje is mear as dúdlik. It ferhaal Hans Wassenaar foar Erwin giet al troch de wandelgongen dy’t kommend wykein rjochting Hanzestad Boalsert útkomme. Tolve partoer op de list dus dat wurdt wer in hiele toer.
Elk wit dat de giele kaarten yn ‘e bûse bliuwe kinne as it om de gehaktballen op de Rengers giet. It moaie oan dy lekkere gehaktballen is dat der nea ien kwea fleant. It binne allegearre sitballen en as de kening fan de dei ek nochris tank seit foar dy gehaktballen dan ha je each foar de oar. Want de keunst fan it libben is each ha foar de moaie dingen dy’t goed geane en dêr hearre neist de gehaktballen op de Rengers ek de krânsen fan Arend Hofstra fan de Pompeblêdden by.