Ierdbeien
Ien fertelde yn Berltsum dat de tiid fan tolve oere begjinne yn Berltsum net samar wie. Doe’t CFK en KNKB by elkoar kamen, waard ôfsprutsen dat tolve oere in moaie tiid wie want dan wie der earst noch tiid om moarns nei tsjerke. Tink dat soks yn ‘e praktyk fan no net mear oan ‘e oarder is. It falt trouwens te hoopjen dat it leauwen yn Berltsum der better hinneleit as it keatsfjild fan snein. Mar as je no leauwe of net leauwe, wol nei tsjerke geane of net nei tsjerke geane, tsjintwurdich falt soks ûnder de útdrukking ‘Ik gean nei Berltsum ta te ierdbeisykjen’. De betsjutting is: dêr hat in oar neat mei te meitsjen, sa fertelde Jelle.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Eigen
Ek Marten sei eins dat hy nei Berltsum ta gie om te ierdbeisykjen doe’t him frege waard wêrom it partoer net keazen hie foar Pieter-Jan ynstee fan Gerben. As ferfanger foar Daniël dy’t op syn beurt wer de ferfanger fan Erwin wie. Marten helle fraach en krityk troch elkoar hinne, mar it wie eins mear fernuvering as fraach.
De fernuvering in achterynse te ferfangen troch in foarynse. Gerben sels stie yn ‘e buert en kaam mei it antwurd: ‘De bêste keus dy’t se meitsje kinnen hienen’. No hienen de mannen yn it wyt in drege partij te gean tsjin de mannen yn it blau dy’t alles winne.
Sjoch Gerben is de man fan foaryn en op de boppe, hy hat gjin stimpel yn ‘e bûse om dat op ‘e partij te drukken. Mar is geweldich ‘nuttig’ as it op ‘e boppe giet om it koarter meitsjen fan de keatsen. It hie kinnen yn Berltsum tsjin it partoer fan Tjisse, der wienen mear kânsen op winst as in wike earder yn Sint Jabik mei Pieter-Jan derby.
Yn Sint Jabik einige de partij yn 5-2, yn Berltsum stie it op in stuit ek 5-2. It ferskil like yn Berltsum op in mislearre ierdbei, in ierdbei mei twa koppen. Oan de iene kant in geweldige Rick yn it perk, mar it grutte riedsel yn it keatsen lústert nei de namme Marten. Bal foar op 3-2 en 6-6, bal oer it perk hinne op 4-2 en 6-6 en dan is it 5-2 dus. Gerben sloech mei de seis op 5-3 de keats foarby: 5-4. En dan mei 6-2 foar yn dat earst. Ien kear bûten Marten kin, sit wat yn it risiko dat hy nimt. Mar nei twa kear bûten is it 6-6. Je tinke fan no sil Hessel dochs wol….Nee dus, wer bûten. Tocht hiel even dat Ronald Koeman oan it bybeunen wie as coach.
Hiel lang lyn wie der it ferske Spiegelbeeld vertel eens even, net myn muzyk mar as wy de noaten thúslitte en allinnich nei de tekst sjogge dan kin it slaan op it keatsjier 2025 en 2026. Op freed 3 july is it frije formaasje op it Hearrenfean en foar it earst ha wy it oan tiid. Want it ferhaal komt gewoan yn de moandeiskrante. Dat jildt trouwens letter yn dizze moanne ek foar Minnertsgea, gewoan in dei letter en wat in oar ferhaal.
Mar dêr giet it hjir net om. It is dit jier in ‘spiegelbeeld’ as wy it jier 2025 der by pakke. De mannen yn it blau dy’t no noch net in formaasjepartij ferlern ha, hienen in jier lyn allinnich yn Dronryp wûn. De hoanne fan de ‘victorie’ kraaide pas yn Harns op 6 july 2025. Se wûnen doe seis kear op rige en dy rige waard pas op de PC ferbrutsen. Eins wie it foar Rick en Tjisse sân kear want se wûnen it ek op it Hearrenfean mei Youri de Groot as opslagger. In lotterspartij dus.
Kommende moandei kin de teller al op njoggen stean en krige al de fraach fan Ate wat it rekôr is fan tal formaasje partijen winne efter elkoar. Ferline jier is der tsien kear in formaasjepartij wûn. Yn 1982 ferlear Johannes Brandsma op 3 july 1982 foar it earst op in lotterspartij yn Ternaard. Syn formaasjepartoer hie doe al yn Sint Anne it in kear ferlern en dan ha wy it oer it tredde wykein in maaie. Winst nûmer njoggen foel yn 1982 op de Rengersdei.
Yn dy ferslaggen fan 1982 foelen al de wurden ‘bedenkelijk’ of ‘zorgelijk’ om ’t de spanning út de keatssport driigde te ferdwinen. Wat der no bart makket eins folle mear yndruk om’t it ferlies net yn it wurdenboek foarkomt, sa liket it. Om op fiif earsten gelyk te kommen by it partoer fan Menno is al in hiele toer. Tink dat it grutte ferskil mei doe leit yn it liniger omgean mei de taken as doe.
As Rick yn it achterperk stapt docht hy dat ek om Tjisse wat minder te belesten. Komt dan noch by dat hy mear dwaan moat en dat makket him dan wer better. Liniger omgean mei de taken betsjut ek dat de ‘ego’s’ liniger binne yn it belang fan it grutte gehiel. Sa hie Sake yn it ferline wol wat muoite as it perk Piet Jetze en Johannes ruile, dus barde soks minder.
Oer Johannes sprutsen, as bern makke it yndruk as by de oerbuorman op sneins in waskmasine nei binnen kroade waard. Dat woe hy ek. Dy oerbuorman wie krekt lykas Johannes in ‘Seedykster’ sa’t dat yn Seisbierrum neamd waard. Dy waskmasine wie doe te winnen op de Hollandiapartij yn Boalsert. Letter hat Johannes de priis wûn yn Boalsert mei dyselde oerbuorman.
Willem Hiemstra wie de namme fan dy oerbuorman. Op 29 juny ferstoar Willem, sil him letter dizze wike betinke. In keatser dy’t mei de bleate hân útsloech, in keatser dy’t as mins krekt it tsjin oerstelde wie fan dy hurde hân. In yn alles sêft mins dy’t op it fjild nea sei dat hy nei Berltsum moast om te ierdbeisykjen. Rjochtút dus, gjin oare aginda, like earlik as dy bleate hân wêr’t hy mei útsloech.