Panyk
It wie pas by de twadde tsjerketoer dat yniens de prachtige útspraak yn it sin kaam: ‘As se in âld wiif by de toer opkroadzje, dan moatsto der by wêze’. Dat sei heit Douwe oer Harm Akkerman. Kaam by it hûs lâns mei it buordsje ‘Fam. Akkerman’ op ‘e foardoar yn Lollum. By de oprit stie dat it by in besite net de gewoante wie dat der by de foardoar oanbelle waard. Nee, ‘graach achterom’, sa stie der. No kinne je in soad fan Harm Akkerman sizze, mar wat it keatsen oanbelanget moat hy ek der altiten by wêze. Ek yn Lollum. Op in stoel op de boppe.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Dijks Media
As je troch Waaksens nei Lollum ride en it grien fan de moanne maaie hinget noch yn ‘e beammen, dan bekrûpt je altiten wol efkes it gefoel fan foarby. Dat nuvere gefoel dat it grien fan maaie elk jier ek mar ien kear foarby komt. De mankelikens fan op ‘e nij begjinne wolle as je healweis Lollum binne mei de widze yn ien fan beide doarpen.
Ha dat nuver genôch net by it sjen fan Hotze Rusticus dy’t der ek even wie dy sneons dat de froulju om de krânsen fan de ‘Bondswedstrijd’ keatsten. Hotze wûn de PC yn 1989 mei Joop Bierma en Sake Porte en die dat nochris oer yn 1994 mei Coos Veltman en Johannes van Dijk. Hotze komt fan Lollum mar sjocht al hiel lang earne oars begjin maaie nei it opkommende grien. Lollum revisited soenen je wat eigentiids sizze kinne.
Fûn it eins wol prachtich dat dy trije famkes fan De Ryp no in kear de krânse pakten. De lêste jierren rekken hja der faak al ôf yn it sicht fan de krânse. Mar no net, en op sneon ha je wat mear tiid, dus even prate mei Senne Idsardi. Dy hie it oer ‘panyk’, en soks is wol hiel earlik. It giet hjir der net om hoe dy opkommende ‘panyk’ bûten de doar te hâlden op in bepaald stuit yn in partij. Nee, it giet der om dat in oar it net sjen mei. En wis net de tsjinstanner fan dat momint. Dus keatsen as in foarm fan pokerjen.
Senne is eins de ‘grand dame’ fan it partoer. De foardoar nei de krâns wêr’t je dus ferplicht lâns moatte wolle je nei de krânse ta. Krekt wat oars as de foardoar fan Harm. Bysûnder is dat Lisanne yn it foarperk har faak seit hoe fier de doar iepen moat. Want Lisanne hâldt it Rypster spul by elkoar mei in fûlheid wêr’t heit Pieter Scharringa grutsk op wêze mei. Dat elkoar skerp hâlde sjogge je net fan de kant ôf. Wie it ‘panyk’ in jier lyn op it NK yn Jorwert? Heale finale tsjin Easterein en de Rypster froulju pakten it wat taktyk oanbelanget dochs goed oan. Yn in lânskip fan paraplu’s gie alles achteryn. Miskien wienen sy in bytsje yn ‘panyk’ om’t Iris lêst fan it skouder hie.
Easterein keatste doe mei twa foarynsen, dan moatte de ballen fansels nei it achterperk. It waard 5-5 en de Rypsters gienen der mei skjinne seis ôf yn it lêste earst. De foardoar Senne op wei nei in Wimpel net fier genôch iepen. Dy oare Wimpel bleau ferline jier ek hingjen op de Jong Famme partij. Yn ‘e finale tsjin Boalsert mei Noa as grutte dame. ‘Senne fan de bal en skoare op Iris’, sa wie it striidplan doe neffens Noa. Op 5-4 en 6-2 wie de Wimpel binnen foar Boalsert doe’t Noa de bal werom sloech oant foar de keats.
Senne sei doe: ‘It oare jier noch ien kâns om dizze Wimpel te winnen.’ It Rypster partoer is dit jier groeid, eins wie Boalsert yn Lollum gjin partij mei dochs dyselde Noa. It liket as binne se de ‘panyk’ foarby en Senne sei nei ôfrin yn Lollum: ‘No Mantgum noch.’ Gjin twivel, gjin panyk.
Dy twivel hie Johan Span al op de lêste snein fan maaie. In slach om op de fyts of dochs nei Frjentsjer, sa wie yn syn moaie kollum op omroepleeuwarden.nl te lêzen. Johan fynt eins dat de tradysje fan troch-elkoar-lotters-partijen ferdwine moat. Tink dat in soad haadklassers it mei him iens binne. Hy wol dat toppers elke wike tsjin toppers keatse, de bêsten tsjin de bêsten, en dêr moat gjin lotterij oan te pas komme.
Want keatsen is gjin ‘sociale werkplaats’ wêr’t elk in kâns ha moat, sa fynt Johan. Tradysje of gjin tradysje, skaf it ôf. Mei de moaie ôfsluter: ‘Ik stap op de fiets. Sport is geen bingoavond.’ As wy dat troch lûke nei it winnen fan in Klaver of Wimpel dan kinne je sizze: skaf dat dan ek mar ôf. Want allinnich de PC hat te meitsjen mei eigen keatskwaliteiten om’t de oare trije allegearre ôfdielingspartijen binne. Dus ôfhinklik fan it ‘lot’ wêr’t je opgroeie, ek al hat it ‘eenlingenbeleid’ soks wol better makke.
‘Sport is geen bingoavond’, nee, want alles hinget fan gelok ôf. Je hoege neat te kinnen, it gelok fan it lot makket alles út. As wy ‘topper’ beskriuwe as in keatser fan in toppartoer, as in keatser dy’t faker wol as net mei de ‘hage’ thúskomt, dan stienen der yn Frjentsjer mar trije ‘toppers’ yn ‘e finale en dan wie Rick ek noch bylotte. En dan rekkenje wy Remmelt ek mei want hy stie yn Dronryp noch yn ‘e heale finale.
En ferjit ek net de fraach of elke keatser fan in toppartoer ek in topper is as hy mei oare maten keatse moat. En dan ha wy it oer in allrounder of in spesjalist lykas Gabe-Jan of in Lisanne. Oare fraach: is in topper in topper as hy allinnich mar mei eigen maten winne kin? Of is in ‘topper’ ien dy’t ‘mindere’ maten better makket en ek mei ‘mindere’ maten winne kin?
Sjoch beppe Sjoerdsje fan 80 jier op de wyklikse bingojûn noch net de bingokaart fan har buorfrou beppe Sibbeltsje fan 83 folkalkjen. By in lotterspartij by it keatsen kin dat wol. In grut ferskil.