Fergelykje
It wurdt sa stadichoan yn dit noch jonge keatsseizoen tiid om ris te besykjen yn hokker tradysje Tjisse pleatst wurde kin. Ha it fergetten te freegjen oan Gerrit Okkinga dy’t gnizend fertelde dat syn boujier in goed boujier wie. De âldste PC-kening dy’t it noch fertelle kin, want Okkinga wie yn 1963 kening fan de PC. Twa kear efterelkoar wûn hy. Okkinga fan it boujier 1941 hie ek wol spyt fan dingen sa as: ‘Ik ha te lang keatst mei Sikke Sikkema en Piet IJsbrandij, seis jier mei dy mannen steld west.’ Te lang dus neffens Okkinga sels.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Dijks Media
Doe’t Okkinga yn 1969 stelde mei Klaas van Wieren en Durk Talsma wie dat eins fuort in keningspartoer. Leau dat de mannen it 33 kear wûn ha yn de frije formaasje. Om der fuort mar by te sizzen dat se de PC mei harren status fierstente min wûn ha. Okkinga wol it graach kwyt oer dy finale fan de PC yn 1973. In ‘broederstrijd’ tusken Wieb van Wieren en Klaas. Mei 3-1 foar tsjin Sjouke de Boer, Wieb van Wieren en Gerrit van der Heide en doe…waard de finale stil lein. Want prinses Beatrix en prins Claus kamen it fjild op. ‘Dat hat ús de PC koste’, sa hat Okkinga altiten sein.
Yn Frjentsjer koe Okkinga moai binnentroch mei wat help by it fjild komme. Dat kin net oeral, sa sei hy. Ho wacht even, de âldste noch libjende PC-kening kin om dy reden net nei alle partijen. No moat it net gekker wurde. Keatssport wês hoeden mei jim helden fan it ferline, yn dit gefal ek noch ien dy’t fyftich jier keatstrener west hat. It moat dochs mooglik wêze dat in pear frijwilligers de hekken iepen dogge en him te plak helpe. By need mei auto en al it fjild op. Hy soe net de earste wêze want Wijtse Vlietstra wist it paad yn it ferline ek wol mei de auto te finen.
Okkinga fynt it spitich dat hy gjin keatsers mear trene kin. Want wat hie hy graach in skoftsje Johan Sipma trene wollen, sa sei hy. Oer Tjisse: ‘Mei dyn opslach en in keats efter de middenline kinsto it net ferlieze, dat ha ik altiten tsjin Tjisse sein.’ En sa binne wy telâne kaam by Tjisse en de fraach mei wa hy no eins te fegelykjen is. Wie trouwens wol in foarm fan humor om je as foarsitter Tunno Schurer sa te fersprekken doe’t hy hast René de Haan beneame soe as kening.
Tjisse hat no like folle keningstitels as Chris. Beide keatsers binne wol wat te fergelykjen. Chris stie ek achteryn, woe net allinnich mar opslaan. En heit Siete is it hjir wol mei iens dat Chris miskien as opslagger mear wûn hie. Mar ‘as’ telt net. Chris moast en koe in soad rjochtbreidzje mei syn opslach. Dochs tink ik dat Tjisse syn opslach krekt better is as wy fariaasje as noarm nimme.
As keatser is Tjisse ek net te fergelykjen mei Johannes Brandsma, ek al komt dat rekôr fan njoggen út njoggen no aardich yn sicht. Johannes wie yn dwaan en litten atletiser en hat der in soad foar dien om op dat nivo fan tusken 1980-1984 te kommen. Yn dy jierren koe Johannes it hast mei elke maat winne en dat hie ek te krijen mei ien fertrouwen jaan. In soad keatsers waarden better as dy by Johannes lotte wienen
Oan de oare kant it grutte ferskil dat Tjisse libbet foar it keatsen. Hy lit der alles foar en dat koe net fan Johannes sein wurde. Yn dit ferbân kin itselde sein wurde fan Taeke dy’t mear as wa dan ek libbe foar it keatsen. Johannes hie betiden dagen dat hy it wol leaude of it net sitten seach yn de maten. ‘Op de seis achteryn krekt even te let slaan’, sa hat hy wol tsjin my sein. Want gjinien is hillich fansels, ek De Brand net.
No moat sein wurde dat Tjisse dat ek wolris hân hat mar dy ferpakte it oars. Wat by Johannes krekt te let slaan op de seis wie, wie by Tjisse de opslach net oernimme lykas in jier as wat lyn yn Makkum mei op papier goede maten. Mar net maten wêr’t Tjisse in stap hurder foar rinne woe.
Bliuw sitten mei de fraach dy’t ik net steld ha oan Okkinga. De fraach wat hy Johan Sipma bybringe wollen hie as opslagger. Miskien hie hy him wat mear fariaasje yn de opslach oanleare wollen. Sis mar in ‘wisse bal’ wêr’t je op werom falle kinne as de bal rjochte op winst net wol. Troch te folle bûten of om oare redenen.
‘Ik ha der in hurde holle yn’, sa sei René snein op de fraach of it hearskjen fan it partoer fan Menno te ferbrekken is. Bin bang dat ik it mei him iens wêze moat, of der moat yn ‘e twadde syklus oars steld wurde. Hoopje dat de blessuere fan Jorn Lars wat tafalt en just hy soe miskien oars stelle moatte. Mar ja dan moatte der wol plakken frij komme fansels.
Tink bûten de tradisjonele paden om wat te feroarjen, soenen je sizze. Rick en Tjisse binne beide achterynsen, mar steane wol yn ien perk. Wêrom net twa foarynsen yn ien perk. Betink wat, want sa’t it no liket is it frij baan foar de mannen yn it blau. En benammen net roppe dat de pankoeken foar de bern binne as ferlechje want sa lang duort in keatsjier no ek wer net.
In keatsjier dat it sûnt ferline wike stelle moat sûnder Jan Seerden. Bin it iens mei de prachtige winsk yn it latyn: ‘Moge de engelen je naar het paradijs leiden’. Tank fan myn kant oan Jan Seerden dy’t hiel lang hope hat dat Taede Zijlstra (1901-1946) in boek krije soe. Want Taede wie syn favorite keatser en Seerden hat my prachtige ferhalen ferteld oer dyselde Taede.
No’t dy namme dochs fallen is, miskien komt Tjisse noch it tichtst yn ‘e buert fan Taede. ‘Tettero’ wie syn bynamme en hy koe ek yn it achterperk. Hat alris in priis wûn foar de fierste boppeslach. Mar syn opslach hat altiten de trochslach jûn krekt lykas by Tjisse. Dronryp wûn dit jier Weidum, Tsjummearum en de Bond. Jan Seerden fertelde ferline wike noch dat allinnich Seisbierrum dat ek presteard hie mei Jan Hesselius, Johannes van Dijk en Johannes Brandsma. Dat hy yn it lêst fan syn libben it hjir noch oer hie, seit in soad oer de leafde fan Jan Seerden foar it keatsen. ‘Moge de engelen je naar het paradijs leiden.’