Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder (163) What if

What if

Wy ha de ein yn sicht fan de moanne maaie en dat betsjut dat it tiid wurdt foar in lyts riedseltsje. Wat hat Burgum no, wat Minnertsgea, Frjentsjer en Boalsert en alle oare keatssintra net ha? In fierljepskâns kin in goed antwurd wêze, mar wurdt hjir net goed of net as kompleet goed antwurd rekkene. It antwurd is: twa krânsen oan ‘e muorre fan Menno van Zwieten fan Burgum dy’t wûn binne op de haadklasse. De iennige ‘expats’ ûnder de krânsen dy't bûten Dronryp om yn ‘e haadklasse, want alle oare krânsen hingje yn Dronryp.

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Dijks Media

Kin hjir de nammen wol neame, mar dat wit elk sels wol. Tjisse hat 5 út 5 en Rick hat 6 út 6 as wy de Jong Nederlân meirekkenje en de krânse op de earste Junioarenkompetysje net meirekkenje. Nei it kommende wykein kin dat foar Tjisse ek 7 út 7 wurde, mar dat is wer ôfhinklik fan it lot op snein yn Frjentsjer. Foar Rick soe dat dan 9 út 9 wurde kinne, mar ek hy is ôfhinklik fan it lot yn Frjentsjer.

Wêrom dizze sifers? Wy hâlde yn it keatsen fan rekôrs, sjoch mar nei it tal keningstitels fan 87 foar Tjisse. Hendrik hie op de Bond by winst op like folle oerwinningen op de Bond komme kinnen as Hotze Schuil. Hendrik stiet op sân en Hotze op acht. No soenen je hast ferjitte dat Chris ek op 7 stiet en as wy de Bond by it CFK meirekkenje dan hat Chris ek 8.

In hiel oar rekôr is it tal oerwinningen efter elkoar yn de haadklasse. Dat stiet no op namme fan Johannes Brandsma dy’t yn 1982 9 kear oanien mei de krânse thús kaam. Yn dat jier wûn hy 29 krânsen en helle hy 95 punten yn in jier mei 40 partijen. Dat betsjut dat der 120 punten maksimaal te heljen wiene. Bliuwt de fraach oer of it earlik is dat jier mei no te fergelykjen. Der binne no noch sa’n 25 partijen te gean. Dat is dus mei de goed 30 partijen net mear te dwaan.

Mar…dat getal fan 9 kear efter elkoar stekt as rekôr wol deeglik de hân út om ferbrutsen te wurden. Tjisse en Rick steane no op 5 en 6, dus dat kinne beide mannen noch ferbrekke. 

De Ingelsen ha it oer what if skiednis en dan bedoele se dat it allegearre folle oars rinne kinnen hie as… Der wie ris in sjoernalist dy’t op in premjêre fan in toanielfoarstelling yn it skoft fuortgie. Hy hie it wol sjoen, skreau in prachtige resinsje oer in foarstelling dy’t hy mar heal sjoen hie. Mar…de haadrolspiler ferstûkte syn ankel nei it skoft en koe net fierder sadat de foarstelling ôflast waard… dus dy sjoernalist hie hiel wat út te lizzen de oare deis.

Oan dat ferhaal moast ik tinke doe’t rûn de klok fan 19.00 oere it ferhaal fan de Bond nei it FD stjoerd waard. Skreaun tidens de heale finale tusken Minnertsgea en Ljouwert dat de piip út hie. What if as Tjisse troch it ankel gien wie of wat oars yn in aksje oprûn hie sadat hy net fierder koe? Mei oare wurden it ‘afbreukrisico’ om mar even dat wurd te brûken koe hiel grut wêze. It soe yn ‘e buert fan in ôfgong komme want it soe it drama fan de dei west ha. En soks dan net yn de krante.

Yn ‘e strânstoel dy finale sjoen, ek al om’t Hendrik miende Tjisse even útdage te moatten troch in rûntsje achter de opslach te meitsjen. Dêrnei: twa kear om op 4-6 mei in keats, Tjisse oan de opslach, earst de keats behâlde en dêrnei in sitbal… dan witte je dat de leafde fan Marten foar it Sjûkelân op dizze Bond yn dizze finale dizze kear net beantwurde waard. En dat wist Marten sels ek yn it lêste spul.

It lêste spul waard ferkeatst tsjin de klok fan acht oere jûns en dan kinne je hast sprekke fan de Bond as ‘huize avondrood’. De les fan sa’n dei is net te gau fan de byfjilden nei it haadfjild ferhúzje want dat wie yn haadlinen de reden fan let dien. Op persoanlik mêd in partij dus mei in haadrol foar What if. No spilet dy yn it gewoane libben dochs altiten al in grutte rol, en dan is keatsen mar bernespul fansels. 

Bernespul dy’t grutte oerienkomsten hat mei it echte libben. Je sille as keatser mar tsjin de stân fan de tillegraaf op de foto oansjen en de kleur read ha. Yn ‘e fierte it libjen sa’t it wêze kin yn al syn fleur, de boppeslaggen tusken dy twa tuorren mei de flagen yn top en dêr efter in himel sûnder wolken. 

De symboalyske stap nei fjochtsje tsjin deadlike syktes is dan tagelyk grut en net grut. Earst op earst besykje dochs noch te winnen, mei altiten yn ‘e holle dy twa wurden: what if. Mei 5-1 en 6-4 achter, mar je steane noch op de list. Foar in soad minsken in libbensles, hjir ornearre as treast foar de inkeling dy’t wit dat ik har bedoel.