Rein
Siete Wassenaar, de âlde dus, siet oan ‘e tillegraaf yn Broeksterwâld. It wie oan de kâlde kant en de wyn wist ús wol te finen. ‘Ik mis hjir de kleden om it fjild’, sa sei hy, wylst hy om him hinne seach. ‘Dat hoecht hjir net, beammen genôch’, sa sei ik. Want mei it sicht op de kantine fan KC Sla Raek mei de tekst ‘Oan ‘e kwea’ woe ik dochs gjin kwea hearre fan de Wâlden. En as je hast tsjin ‘e Waadsee oan wenje, binne je wol wat wend no?
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Lieuwe Bosch
No hie Siete nei in pear spatten rein it libbensmotto ‘Wy binne net fan sâlt wol?’ en wylst hy fertelde oer dat it tiid waard foar it plantsjen fan koal yn eigen grientetún sei Anke Wassenaar: ‘Twa foar read pake’. Anke is de op ien âldste pakesister fan Siete. Fansels komt de gloarje fan syn beide soannen Jacob en Chris op it aljemint. Siete woe dochs wol even kwyt dat syn moaiste momint as heit altiten west hat dat sy mei harren twaën as bruorren de PC yn 2005 wûnen mei Rutmer van der Meer as opslagger en Chris as kening.
Oan de oare kant fan it fjild siet Chris, hân of finger yn ferbân nei in ûngemakje tidens it wurk. En as je dan dochs mei de heit fan Chris prate, dan binne wy it gau iens dat Chris mei syn 704 punten op it sânde plak miskien wol de grins fan 800 punten oerstutsen wie as hy allinnich opslagger west wie. ‘Mar dêr fûn hy neat oan, hy moast mear dwaan’, sa sei Siete. En fansels komt dan Johannes van Dijk even om ‘e hoeke sjen dy’t as grap in kear in helm opsette yn it foarperk mei Chris oan de opslach.
In grut keatser, dy Chris, sis mar in fantastise keatser dy’t mei 88 keningstitels noch altiten op nûmer ien yn it klassemint fan keningstitels stiet. Noch wol, want nei alle betinken sil Tjisse yn Dronryp de kâns ha om ek op 88 te kommen. Yn ‘eigen doarp’ noch wol sa sei ik tsjin him. Ja, sa sei hy, mar om Dronryp ‘eigen doarp’ te neamen fûn hy dochs wat oerdreaun want dat wie nei rom tritich jier noch altiten Bitgum.
Siete hat de tachtich te pakken en is de lêste jierren allinnich nei it ferstjerren fan syn frou. ‘It nuvere wie altiten dat myn frou folle mear sizze koe tsjin de jonges as ik, dat akseptearren se folle mear.’ Hy fertelt it net mei it gefoel fan dat hy him achtersteld fielt of dat hy it de jonges kwea ôf nimt, mar mei de leafde fan de neitins oan dejinge dy’t der net mear is.
Chris waard ea kening yn Broeksterwâld op de haadklasse en doe’t hy de krânse omhongen krige stie hy op like hichte as de foarsitter fan Sla Raek fan doe, Sjirk Fokkens. In bysûnder man, dy Sjirk. Hy hie de kening neffens it ferhaal ‘útgroeven’ sadat hy like grut wie as Chris. Want hast elke foarsitter moast op teannen stean om Chris, dy’t him foaroer bûge, de krânse om te hingjen. In pear seadden ôfstekke, der wat grûn út en dêr Chris yn sette. Nei dy tiid it spul wer goed meitsje en lit dat mar oan ‘e mollefanger op oare dagen oer.
De ‘Wodkapel’ fan Sint Anne moast der snein de fleur wat ynhâlde. Wol in bysûndere namme trouwens, de ferwurking fan wodka yn de namme. Tsjintwurdich wurdt dat geweldige drankje trouwens faak mei in ‘v’ skreaun. Ha trije as fjouwer leden fan dy Wodkapel frege hoe’t sy by dy namme kamen. Gjinien koe it fertelle. It is in Dweilorkest en sy wienen ek by de huldiging fan Femke Kok yn Nijbeets, sa fertelle se op eigen website.
En no dus yn Sint Anne, ûnder oaren by it spyljen fan it Frysk folksliet foar de finale. Foarsitter Alfred Miedema fan ‘Sint Anne/Trije Spul is Ut’ kundige it Frysk folksliet earst oan as Frysk Deiblêd en dat die my tige goed fansels. Miskien ferspruts Alfred him ek wol meisin om de fleur der wat yn te hâlden mei it waar snein yn Sint Anne. Nei it keatsen mocht Butterfly dat yn ‘e tinte besykje.
De fleur deryn hâlde falt net ta yn ‘e lytse keatswrâld de lêste wiken. Al dat gedoe, soks is gjin keatsen. Keatsen is it ferhaal fan dy man dy’t de lêste stoel út it materialenhokje helle. Hy fûn dat hy it mar troffen hie dat der noch ien stoel wie. Nei tritich meter rôp ien tsjin dy man: ‘Der sitte mar trije poaten ûnder dy stoel hear’. Dat is keatsen minsken: elkoar helpe, wat de iene net sjocht, sjocht de oar wol. Keatsen is stiif tsjin it grien fan Broeksterwâld sitte wylst de frijwilligers alle war en tier dogge foar in goed ferrin.
En by min waar is keatsen skûlje tsjin de rein want je witte dat skûljen tsjin it libben mei alle tragyk dochs neat jout. Keatsen is witte dat je wat oan ‘e rein dwaan kinne, mar oan it ferrin fan it libben net.