Feintsjes
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Yn Menaam frege ien yn it foarbygean yn de tinte: ‘Hearre jo by Butterfly?’ en doe wist ik dat it tiid waard om in ôfspraak te meitsjen mei de kapper. Hoech net mear de artyst út te hingjen en hoech ek net mear krekt te dwaan as wie ik krekt fjirtich jier wurden. Hiel wat oars dus as Jorn Lars yn Weidum. Kin my begripe dat as je tusken de €20 en €30 betelle ha by de kapper dat je dan in dei letter dat hier net ferpeste litte wolle troch in honkbalpet.
Dochs wie it yn it begjinnend grien fan Weidum wol wennen om Jorn Lars sûnder dy pet te sjen. Nei Weidum witte wy no dat it him net sa giet as Simson yn ‘e Bibel. Doe’t Simson syn hier kwyt wie, wie it mei syn krêften ek dien. Dat wie mei Jorn Lars dus net it gefal, sterker noch, hy wie de bêste man by de Rypsters. Op en út en ekstra skerp as de seis yn byld kaam.
Ear’t je wat opskriuwe moatte je soks earst wol kontrolearje. Net by elkenien is soks de gewoante mar wat in oar docht hoege je sels noch net te dwaan. Soks heart der no ien kear by as je wat opskriuwe dat je net wis witte, ek al gie it yn dit gefal om in grap. Wer even oer de keatser sûnder honkbalpet yn Weidum. ‘Twa meter fiif yn ‘e bocht’, sa rôp Jorn Lars doe’t Wytze Wassenaar fan Berltsum net op tiid ûnder de bal komme koe. Jorn Lars is sels twa meter en trije sintimeter (2.03) dus tocht earst fan: ‘ons kent ons’ op dy hichte boppe de twa meter. Mar no blykt dat Wytze net fierder komt as ien meter achtenjoggentich (1.98). Noch heech genôch trouwens, bin sels nea op dy hichte west en tink ek net dat dit him noch wurdt.
Fan Weidum nei Menaam is dit jier wat in nuvere stap want yn oare jierren wie de stap fan Weidum nei Frjentsjer de tradysje. Menaam wie ek it plak wêr’t de yn april ferstoarne Johan Halbesma syn earste priis yn ‘it grut spul’ wûn hat. Sa waard dat doe noch neamd: ‘grut spul’ en it jier wie 1959. Halbesma wie doe 18 jier en stie achteryn by Hotze Schuil. Dat wie it jier dat Hotze it yn it foarperk besykje woe. Jan Sijtsma wie doe de opslagger. Halbesma sloech in bal boppe en yn dy tiid waard soks net altiten op priis steld want Hotze sei: ‘Wat doe’st nou seun?, dou hest de twee beste opslagers bij dy?’
It ferhaal fan allinnich op de seis boppe slaan fan dy tiid is net nij en hat allegearre farianten. Halbesma wie net de earste dy’t soks fertelde, it mearke of ‘sprookje’ by dit ferhaal kaam pas letter op it aljemint. Je soenen hast sizze fan ‘Kom laten wij oude tijden aanbidden’ mei as earste Psalm: doe waard der folle mear ‘mei de kop keatst’, doe stie it spul tichter by it keatsen as spul sa’t it bedoeld wie kin sa troch gean foar Psalm 2. Grutte ûnsin fansels. It motto wie gewoan ‘wy moatte noch langer mei as hjoed’, oanpast oan eigen fysike kondysje.
It sil 1958 of 1959 west ha dat der foarsichtich yn Berltsum begûn is mei trenen foar it keatsen. Yn de feilinghal, sa giet it ferhaal. Troch dy beheinde romte ferlear Robert van Wieren tidens dy treningen syn twadde opslach om’t hy op dy treningen oars oanrinne moast. Trenen wie in seldsumheid doe en de taktyk fan doe wie ôfsteld op de tarieding en dy wie der net. Hotze hat yn Weidum wol mei hurde wyn hân dat hy miskien krekt yn koe… Of der waard frege, sa as dy kear yn Wergea om de opslach twa meter tichterby te lizzen.
Tink dat Hessel Postma mei de tarieding fan no yn de tiidmasjine werom nei de tiid fan 1959 trije earsten fuort slein hie. Wa’t soks net oan wol moat de skriften mei ferslaggen fan keatssjoernalist Sip Oosterhoff tusken 1952-1969 yn it keatsmuseum der mar op neisjen. Hoeden passe op eigen skouder wie it motto, Klaas Cuperus, Tamme Velstra, Robert van Wieren, Thom Dijkstra, Tinus Santema, Wijtze Vlietstra, allegearre stikken, allegearre de slach oanpasse moatte… dus as je sprookjes fertelle wolle oer it keatsen, dan moatte je dat net litte. Mar dan kinne je better thús bliuwe.
Weidum wie om healwei sânen dien, net allinne om’t it fjild fanwege de wyn om moast en ek noch yn ôfmjittingen oanpast wurde moast. Nee, de wichtichste reden wie dat der betiden trije kear yn in earst ruile wurde moast fanwege it slaan fan keatsen. Dat soe yn Menaam net barre want it keatsen wie dêr gewoan better. Mei de wurden fan Hotze as motto: ‘Dou hest de twee beste opslagers bij dy’. Foar in diel wie dat op Menaam fan tapassing.
It Feintsje fan Menaam wie Tjisse, gjin bal boppe en gjin bal kwea yn de finale. Menno lei nei ôfrin út wat hy feroare hie oan syn opslach yn ferbân mei syn blessuere. Hy makke gruttere stappen sadat der minder druk op de adductoren kaam. Huh? Hear it Hotze noch net sizzen: ‘Nou seun, denk om dyn infraspinatus spieren.’
Menno is fansels de soan fan in betûft fysioterapeute en dan fange je wolris wat op fansels. Hy wie al lang bliid dat syn partoer wer yn lykwicht wie wat taakferdieling oanbelanget. Dat hy wer syn oandiel hie yn de winst. En dy winst waard helle troch de opslach. Twa boppe fan Rick, dat wie it wol yn de finale. Fiif kear it earst pakke troch in keats te hâlden of foarby te slaan. Op dy stôk leunt it partoer fan it Feintsje fan Menaam. Snein noch heechút in 7, mar gjin 9.
Op taktys mêd is Rick it grutte wapen tsjin Marten syn opslach. Syn rol is eins folle grutter as it liket. Fansels giet der wolris ien kwea, mar hy ‘stiet’ better op de platte kûgels fan Marten as de measte foarynsen. Komt by dat syn wearde noch grutter wurdt as hy in kear achteryn stapt by al te folle ballen dy’t ‘út stand slein wurde moatte. Soks hoecht net altiten, mar it is as fariant moai dat it kin. Ja minsken fan it ferline, dêr is oer neitocht. Rick moat trouwens wol út de beurt fan avocado’s wei bliuwe.
It partoer as feintsjes fan Menaam past wol wat yn it ferhaal fan de jager op syk nei it heechste. Yn dit gefal de krânse. Bin benijd wa’t harren dizze moanne - om even by it byld fan it feintsje te bliuwen - mei fyts en al de sleat ynride sil.