Flage
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma
Stof happe foar Penjum is no ek wer oerdreaun, mar dat it ferhaal oer dy flage dy’t healstok hingje soe net wier is betsjut wol dat der wat rjochtsetten wurde moat. Nei ôfrin fan de partij yn Penjum hie sprekker Paulus betocht doe’t hy nei de tsjerketoer fan Penjum seach, dat it krekt like as hong de flage healstok. Dat wie net sa, sa liet in attinte lêzer fan Penjum my witte. Mar it like wol sa en dat kaam troch de hurde wyn yn Penjum. Sa flak by it Iselmar is dy hast altiten op besite. Ek al om’t de beammen en it beamtegrien dêr noch útfûn wurde moatte.
Dus de sprekker seach in momint nei de tsjerketoer wylst de wyn de flage om de stok tearde sadat it krekt like of hy healstok hong. Je sjogge der as sprekker in momint nei en de byldspraak is makke. Dus dat koe hy yn in soarte fan byldspraak moai brûke by it ôfskie fan Gert-Anne en Taeke. En fansels kontrolearde gjinien de wierheid fan dy flage. En sis no sels, in moaie byldspraak en dat is altiten moai meinaam. Mar as je symbolyk brûke, dan moat elk it wol begripe en dat wie dus net sa.
De boadskipper fan Penjum sei noch mei in knypeach ‘hoor en wederhoor’ om’t ik it dêr ek oer hie. Om’t elk it hie oer healstok, geane je fansels net mear beljen of dat ek sa wie. Mar yn dit gefal moat ik dochs wol troch it stof troch de hurde wurden dy’t ik yn dit ferbân brûkte yn ferbân mei de Slag om Arnhem. Dus ekskuzes op dit plak, ek al om’t it doarp Penjum in soad te lijen hân hat fan dy oarloch.
Nimt net wei dat it spitich is dat goede bedoelingen fan in sprekker in eigen libben krigen. Mei as les: ‘neat is wat it betiden liket’ en dan binne wy al gau by de Aldehou yn Ljouwert. Mei winners by de manlju en froulju dy’t oer eigen skaad hinne stapten om de krânse te pakken. It motto fan je hoege gjin freonen te wêzen om it dochs te winnen.
En ek yn in oare betsjutting oan goede en slagge bedoelingen gjin brek op de lêste partij fan it jier yn Ljouwert. It wolkom fan LKC wie aardich bedoeld foar de Wâldman dy’t kaam. Sit altiten yn de oerdekte tribune mei in houten plaat derfoar. Moai plak en je kinne it skriuwspul en kompjoeter der moai op kwyt. Mei tank oan Peter de Boer dy’t der yn it ferline foar soarge dat dy platen wer monteard waarden. Want in pear jier lyn wienen se fuorthelle.
Mar goed, no wie de plaat of planke der wer. Mar no wie it hout of tripleks fan de plaat yn de tribune hast net te sjen. Je koenen der hast betide jirpels op ferbouwe, want bedutsen mei goede klaaigrûn. Dus dat wie skrabjen en de grap wie fansels it boadskip fan LKC oan de Wâldman dat der ek noch oare grûnsoarten binne as allinnich feangrûn en sângrûn. Dus mei help fan buorman Jelle gienen wy de klaai te liif want Jelle wist as klaaiklút fansels wol wat klaai wie en hy hie dus it juste ark by him.
Mar klaaigrûn of sângrûn, it koe net it dûbele en mankélike gefoel ferdriuwe fan in lêste keatspartij. Altiten in dûbel gefoel. Oan de iene kant it gefoel fan ‘het is volbracht’ en oan de oare kant de wittenskip dat je it oer in goed trije wiken al in bytsje missen geane, lit stean oer trije moanne as de krystballen al yn ‘e loft hingje.
Mei Weidum as it Jeruzalem fan de keatsers en keatsleafhawwers. De grutte treast, mar ek de hoop fan in soad minsken om elkoar dan wer te sjen yn dat nuvere wrâldsje fan it keatsen. Mei ûnderlinge rúzjes en ‘kinnesinne’, de ien dy’t de oar it ljocht net gunt betiden. It liket betiden krekt op de flage yn de toer fan Penjum. De flage yn top tidens it keatsseizoen mei maaitiid en simmer. Mar troch de hurde wyn fan minsklike ferhâldingen liket it betiden ek krekt as hinget dy flage healstok.
En dan steane je krekt foar de finale op de Aldehou in minút lang te klappen foar Durk. In rûchhouwer en tagelyk in sêfte man. De keatssport ferienige yn dy twa eigenskippen, sa kinne je sizze. Dy minút fan klappe foar de dochs ienfâldige Durk is as de hurde wyn fan Penjum dy’t makket dat it liket dat de flage healstok hinget. Mar troch dat earbewiis oan Durk hinget dy flage yn in oare betsjutting yn de top.
De keatssport op syn bêst, syn frijwilligers passend betinke en soks leit as in waarme tekken oer it lytse wrâldsje hinne. Alle lytse en grutte rúzjes wurde foar ien momint wei, besteane even net. In momint dat makket dat de flage yn de keatswrâld noch altiten yn ‘e top hinget, ek al liket it betiden fan net, krekt lykas yn Penjum. En dat alles ôfsletten mei in taspraak fan ús Gabe: ‘Taeke dou bist de allerbeste’ en dan noch twa kear selde tekst, mar mei twa oare nammen. Kom dêr ris om yn oare sporten.