Healstok
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
De flage hong healstok yn Penjum, sa hearde ik. Want Gert-Anne en Taeke wienen dêr foar de lêste kear as duo yn de frije formaasje en dat wie de reden, sa waard my ferteld. It is hjoed 17 septimber en dat is de dei dat yn 1944 de Slag om Arnhem útein sette mei oan de ein 1750 deaden oan de kant fan de gealliearden. De betinking is elk jier en elk jier hinget de flage healstok. Moat hjir noch mear sein wurde om oan te jaan hoe mispleatst dy flage yn Penjum wie? Dan ha je net folle begrepen fan de symbolyk fan in flage healstok, hoe grut de keatsers Gert-Anne en Taeke ek binne.
Mar der binne yn de keatswrâld wol mear dingen dy’t net begrepen wurde. Yn Penjum kaam it ferhaal Sweins en it frouljus keatsen foarby. Ien fan de keatssters fertelde har ferhaal, in oar skreau, no ja skriuwe…, it ferhaal op yn in kollum. As je sjoernalist wêze wolle en ien fertelt je in ferhaal wêryn in pear oaren der net al te bêst fan ôfkomme en je skriuwe dat op dan hat de oare kant ek rjocht op syn of har ferhaal oer Sweins. Yn de sjoernalistyk hjit soks ‘hoor en wederhoor’.
Johan Span fan Omroep Leeuwarden.nl siet yn Penjum yn de buert en tocht it selde. Dus dy stapte nei de oare kant fan it ferhaal Sweins en dat is op neamde omrop nei de Aldehou te hearren. Net foar de Aldehou want dy partij stiet yn it teken fan it keatsseizoen ôfslute. En net yn it teken fan de Slag om Sweins.
En litte wy it dan mar net iens ha oer de beskuldiging dat der yn Marsum net goed bylotte is mei Leendert as de kop fan Jut. Frijwilliger en foarsitter fan Foarút Leendert even te kakken sette. En sa is der elke wike wol ien dy’t kwetst wurdt mei heale wierheden. Yn ‘e Wâlden hienen se de man al lang in slach foar de harses jûn…
Allegearre omballingen dy’t it neamen en it omtinken net wurdich binne. Teminsten as keatsferieningen yn it jier 2026 it foarbyld fan Stiens folgje. Stiens lit him al twa jier net ta op yn ‘e parsetinte, allinnich sjoernalisten binne dêr wolkom. Want Jaap Adema sil it fêst mei my iens wêze: ien dy’t him net oan de regels fan de sjoernalistyk hâldt is dus ek gjin sjoernalist en hat ek gjin rjocht op de foardielen yn in parsetinte. Wy neame in opslagger dy’t allinnich yn kin mei de wyn yn ‘e rêch en mei de opslach fyftjin meter fan it perk dochs ek gjin haadklasser wol?
Jorn-Lars mei wol mei rjocht haadklasser neamd wurde, ek al krige hy ek wer in ‘sneer’. Hy wie nei Dokkum ek de ‘koelie’ fan Marsum. Earst fuortendaliks it wurd ‘koelie’ mar efkes útlizze. In ‘koelie’ betsjut sjouwer, ien dy’t in soad wurk docht en it wurd komt út de koloaniale tiid. No is Jorn-Lars in keatser dy’t graach in soad wurk docht, dêr wurdt hy nei eigen sizzen allinnich mar better fan. Rick en Tjisse binne ek fan dy keatsers.
It moaie fan Jorn-Lars wie dat hy opslagger Corné Tuinenga meinaam yn de ‘vaart der volkeren’ want Corné sloech goed op yn Marsum. En Gerben kinne je der altiten wol by ha. Jorn-Lars hie - dan wer foaryn dan wer achteryn - mei sân ballen boppe ien mear boppe as Evert-Pieter en Gabe-Jan tegearre. En úteinlik skilde it mar twa punten.
Ha der dus muoite mei dat Jorn-Lars net op de Aldehou stiet en dat komt troch de ranking. Lit ik Churchill siteare mei in fariant: ‘Ranking docht gjin rjocht oan keatsers, mar sa’t it no liket soe ik gjin better systeem witte’. De ranking dus en dat betsjut ek dat Steven Koster net op de Aldehou stiet. As Patrick him net twa kear ôfmeld hie, dan hienen beide mannen op de Aldehou stien. It klinkt hurd, mar sa is it.
Komt noch by dat Jorn-Lars dochs wol in bytsje it ‘kind van de rekening’ is fan de stellerij krekt lykas Gerben dat ferline jier wie. Patrick nimt trouwens gjin ôfskie yn Ljouwert om’t hy mei stopje in slach om de earm hâlde wol. Want as in fitte Dylan it oare jier wer begjint, dan hat it ophâlden fan Patrick wol tige koart west.
De Aldehou dus, Jorn-Lars wie ferline jier noch winner fan de partij. Gabe-Jan wie dat al jierren earder. Yn ‘e tiid dat Durk Gjaltema noch baas oer de shirtsjes wie en dy fertelde doe: ‘Gabe-Jan van Popta siet nei de Aldehou yn stilte yn de klaaikeamer nei de sinten te sjen dy’t hy wûn hie. Ik tink dat hy noch nea sa folle by elkoar sjoen hie. Ik kaam binnen en sei ‘Do witst dat de man fan de wask ek in diel krijt?’ Hy seach my efkes oan ear’t hy troch hie dat it in grap wie.’
Durk Gjaltema sil der nea mear by wêze. Tsien jier shirtsjewasker fan de KNKB en betiden fertrouwensman fan de keatsers. Doe’t bekind waard dat hy siik wie troch asbest, hong in haadklasser nei it wykein syn krânse dy’t hy wûn hie oan de doar by Durk. Yn tsjinstelling ta Penjum, soe de flage no wol healstok hingje kinne oan de toer fan Peins. Mei in fantastyske krânse lykas se dy yn Penjum hienen oan de doarkruk by Durk syn hûs. Hjir net oan ‘e doarkruk, mar as foto boppe it ferhaal. As in neitins oan in man dy’t mei in soad wurden syn hert fan goud goed ferside hâlde.